Springe nei ynhâld

Arthur McKenzie Dodson

Ut Wikipedy
Arthur McKenzie Dodson
politikus
echte namme Arthur McKenzie Dodson
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 1819
berteplak Philadelphia (Pennsylvania)
stjerdatum 1874
stjerplak Tucson (Arizona)
etnisiteit Ingelsk
Skotsk
Lid fan de gemeenterie fan Los Angeles
amtsperioade 18591862

Arthur McKenzie Dodson (Philadelphia (Pennsylvania), 1819Tucson (Arizona), 1874) wie in Amerikaansk ambachtsman, ûndernimmer en gemeenteriedslid yn Los Angeles.

Dodson waard yn 1819 berne Philadelphia, yn 'e steat Pennsylvania, en teach yn 1849 nei it Wylde Westen om syn fortún te meitsjen, doe't de Kalifornyske Goudkoarts him yn 'e besnijing krige. As goudsiker hied er lykwols gjin súkses, dat yn 1850 sette er him nei wenjen yn it lytse stedsje Los Angeles, yn súdlik Kalifornje, dêr't er as slachter begûn en letter ek in krudenierswinkel iepene. Dêrnjonken wie Dodson ek de earste sjippesieder fan Los Angeles. Yn maatskip mei in John Benner sette er op 'e hoeke fan Spring Street en Sixth Street in hout- en koalehannel op. Fan 1859 oant 1862 siet er yn 'e Losanzjelynske gemeenterie.

Dodson troude yn Los Angeles mei Reyes Dominguez, de dochter fan Nazario Dominguez, in lâneigner yn dy krite dy't fan Californio-komôf wie (de lânseigen Meksikaanske befolking fan súdlik Kalifornje fan foàr de Amerikaanske anneksaasje). Hja krigen tolve bern, wêrfan't lykwols mar fjouwer langernôch libben om folwoeksen te wurden: James, Emma, John en Caroline. Yn 1874 kaam Dodson yn Tucson, yn 'e steat Arizona, te ferstjerren. Hy waard begroeven te Wilmington, yn Kalifornje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy