Springe nei ynhâld

Búk

Ut Wikipedy
In anatomysk ôfbyld fan 'e minsklike búk.

De búk of bûk, by bisten yn 'e regel bealch neamd (Latyn: abdomen), is by rêchstringdieren (wêrûnder de minske) in holte (de búkholte), wêryn't in stikmannich organen lizze dy't benammentlik de spiisfertarring, de dêrmei mank geande ôffier fan ôffalstoffen beävensearje.

Fan organen dy't har yn 'e búkholte befine, lykas de mage, de lever, de milt en it grutste part fan 'e terms (útsein it duodenum), seit men yn it medysk jargon dat se yntraperitoneaal lizze, nei it búkflues of peritoneum, dat de búkholte oan 'e binnenkant en de búkorganen oan 'e bûtenkant beklaait. Organen dy't net yn 'e eigentlike búkholte lizze mar dertsjinoan, lykas de nieren en de alfleisklier, wurde ekstraperitoneaal neamd (en binne almeast retroperitoneaal). In orgaan as de limoer is in bytsje in grinsgefal.

De búkholte is fan 'e boarstholte, dêr't it hert en de longen lizze, ôfskaat troch it mulruft of middelruft (Nederlânsk: middenrif; Latyn: diafragma). Dat is in spier mei de foarm fan in tinne koepelfoarmige plaat, dy't by gearlûking de boarstholte fergruttet yn it neidiel fan 'e búkholte, sadat de longen har folsûge kinne mei lucht. Om't it yngewant fan 'e búkholte mar kwealk fierder gear te drukken falt, puollet troch de wurking fan it mulruft de búkwand nei bûten ta út.

Oan 'e bûtenkant is de búk oerdutsen mei spieren en hûd, en yn 'e midden befynt him de nâle. By bisten is de búk yn 'e regel behierre; by de minske is dat by manlju meastal yn beheinde mjitte ek sa, wylst by froulju de búk ornaris keal is. By manlju bestiet de behierring meastal út in net al te tichte streek hier tusken de nâle en de geslachtsdielen. De búk is, fral by minsken, dy't rjochtop rinne en net de búk mei de rest fan it lichem beskermje kinne, in kwetsber lichemsdiel. De búk wurdt net beskerme troch in koai fan bonken (ribbekast), en dêrom sprekt men yn it Frysk ek wol fan it weak fan 't liif.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy