Springe nei ynhâld

Berte

Ut Wikipedy
In nijberne poppe.

Berte is de beneaming foar it proses wêrby't in nij libben organisme te wrâld komt, ûntstien út ien of (meastal) twa oare organismen fan deselde soarte. Dit nije organisme kin nei de berte selsstannich bestean, al kin it, benammen by hegere bisten, faak noch net lang sûnder help fan ien of beide fan syn âlden oerlibje. De berte fynt meastal in beskate, soartbûne lingte fan tiid nei de befruchting fan in aaisel plak. Yn 'e tuskentiid groeit der in embryo yn it aai of yn it lichem fan 'e mem. Dy tuskenlizzende perioade hjit de draachtiid, en wurdt by minsken meastal oantsjut as it swierwêzen.

Berte by libbenbernjende dieren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De berte fynt by libbenbernjende dieren (lykas sûchdieren) plak troch gearlûking fan it limoer, it part fan it lichem fan 'e mem dêr't it embryo him ûnder de draachtiid ûntjûn hat. Tsjin 'e tiid fan 'e berte is dat embryo sasear oanwoeksen, dat men net mear fan in embryo, mar fan in foetus sprekt. Troch de (ûnfrijwillige) gearlûkings troch de mem fan 'e spieren yn 'e wanden fan it limoer (de weeën), wurdt de foetus troch it bertekanaal en de fagina nei bûten ta dreaun, út it lichem fan 'e mem wei. Dat is de berte, dy't by minsken de befalling neamd wurdt. By bisten, benammen oare sûchdieren, sprekt men ornaris fan it smiten fan 'e jongen. By de measte libbenbernjende dieren binne de nijberne jongen de earste tiid nei de berte noch ôfhinklik fan tatemolke en fierdere briedsoarch. Noch sterker is dat it gefal by bûdeldieren, dêr't it folslein helpeleas te wrâld kommen jong noch moannenlang opgroeie moat yn 'e bûdel fan 'e mem.

It oantal jongen dat yn ien kear te wrâld brocht wurdt, hjit in smeet of ek wol in nêst. De grutte fan in smeet kin by sûchdieren útinoar rinne fan ien oant mear as tsien jongen. Yn 'e regel kin men stelle wat lytser it bist, wat grutter de smeet. Sa kinne mûzen en kninen wol tsien jongen yn ien smeet te wrâld bringe, wylst de oaljefant hast nea mear as ien jong kriget. De reden dêrfoar wurdt foarme troch de ferskillende evolúsjonêre strategyen dy't dy soarten folgje. Oaljefanten binne sa grut en sterk dat se har jong tsjin rôfdieren ferdigenje kinne. Harren strategy is dus om ien jong te nimmen en dêr safolle mooglik tiid en muoite oan te besteegjen sadat it jong letter in sa grut mooglike kâns hat om los fan syn âlden yn it wyld te oerlibjen. Mûzen en kninen folgje in hiel oare strategy. Sy kinne harren jongen net ferdigenje tsjin rôfdieren, dus harren oplossing is om safolle mooglik jongen te krijen, om 'e kâns sa grut mooglik te meitsjen dat der teminsten ien oerlibje sil.

In laam wurdt berne, wylst it skiep in earder laam skjinslikket.

Aailizzende dieren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By aailizzende dieren sprekt men yn 'e regel net fan 'berne wurden', mar fan 'út it aai kommen', om't it âlderbist aaien leit dy't dêrnei útbret wurde moatte. It kin wêze dat dat aktyf troch de âlden of troch ien âlder dien wurdt, mar it kin ek wêze dat de aaien begroeven wurde en troch de waarmte ûnder de grûn útbret wurde. By fûgels komt it jong, de pyk, út it aai nei't dat útbret is troch ien fan 'e âlden of troch beide âlden om bar. Men sprekt fan nêstflechters foar piken dy't it nêst ferlitte sadree't se út it aai komd binne, en fan nêstbliuwers foar piken dy't dêrnei noch langere tiid yn it nêst bliuwe en dêr troch de âlden fuorre wurde.

By fisken, reptilen, amfibyen, lidpoatigen en guon oare bisten komme de jongen ek út it aai, mar meastal sûnder dat dy troch de âlden útbret binne. Soms fertoane de âlderdieren in oar soarte fan briedsoarch, lykas krokkedillen, dy't har aaien bedobje ûnder de grûn, mar dêrnei wol it nêstplak bewekje. Guon soarten fisken nimme de aaien yn 'e bek; sokke bisten wurde mûlbrieders neamd. Faak einiget de belutsenens fan 'e âlderdieren by harren jongen lykwols fuort nei't de aaien lein en eventueel begroeven binne. Beskate fisken en reptilen binne trouwens libbenbernjend, wêrby't de jongen al yn it lichem fan 'e mem út it aai komme.

By ynsekten, dy't ta de lidpoatigen hearre en ek aaien lizzen, binne der twa typen te ûnderskieden, nammentlik ynsekten mei in ûnfolsleine metamorfoaze en ynsekten mei in folsleine metamorfoaze. Ynsekten fan dat lêste type komme út it aai as larve en wurde nei in beskate perioade troch ien inkele metamorfoaze geslachtsryp. Ynsekten mei in ûnfolsleine metamorfoaze (en ek alle arachniden) lykwols, moate ferskate kearen in metamorfoaze trochmeitsje ear't se geslachtripens berikke. Beskate parasitêre ynsekten, lykas gewoane slûpbijen, lizze harren aaien yn oare bisten (lykas rûpen), wêrnei't dy útkomme en de larven har ûntjouwe troch harren gasthear fan binnenút libben op te fretten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Cited texts, op dizze side.


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy