Springe nei ynhâld

Beverrôt

Ut Wikipedy
beverrôt
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje beverrotten (Myocastoridae)
skaai echte beverrotten (Myocastor)
soarte
Myocastor coypus
Molina, 1782
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     lânseigen ferspriedingsgebiet
     yntrodusearre troch de minske as eksoat
     yntrodusearre troch de minske mar wer útstoarn

De beverrôt (wittenskiplike namme: Myocastor coypus), ek wol nutria neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e beverrotten (Myocastoridae) en it skaai fan 'e echte beverrotten (Myocastor). It is de iennichste noch libbene soarte út syn skaai en syn famylje, en it is lânseigen yn 'e súdlike helte fan Súd-Amearika. As pelsdier is de beverrôt yntrodusearre yn grutte dielen fan 'e rest fan 'e wrâld, dêr't er no as eksoat libbet. Ek yn Nederlân (en Fryslân) komt dit bist op plakken rûnom foar.

Algemien foarkommen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De beverrôt is lânseigen yn 'e koelere en subtropyske dielen fan Súd-Amearika, wat rûchwei delkomt op 'e súdlike helte fan dat kontinint. Syn ferspriedingsgebiet omfiemet dêr hiel Argentynje, Sily, Oerûguay en Paraguay, súdeastlik Bolivia en súdlik Brazylje. Yn súdlik Súd-Amearika ûntbrekt de beverrôt inkeld op 'e Falklâneilannen.

Begjin tweintichste iuw binne beverrotten troch de minske yn grutte dielen fan 'e wrâld ynfierd foar de pelsdierfokkerij. Untsnapte eksimplaren hawwe har dêr neitiid yn it wyld nei wenjen set, en om't beverrotten har tige goed oanpasse kinne, binne der op dy manear wylde populaasjes ûntstien op in protte plakken dêr't dit bist net thúsheart. Yn Noard-Amearika is dat bgl. it gefal yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsjes Britsk-Kolumbia en Manitoba, en teffens yn 'e measte Amerikaanske steaten. Yn Kalifornje en Indiana soe dit bist ûnderwilens útrûge wêze.

Yn Afrika bestiet yn elts gefal in wylde populaasje beverrotten yn súdlik Kenia, en mooglik yn mear lannen, wylst beverrotten yn Aazje yn Japan, Lyts-Aazje en de Levant libje. Yn Jeropa komt de beverrôt as eksoat foar yn hast alle lannen tusken de Oeral en de Atlantyske Oseaan, útsein op it grutste part fan it Ibearysk Skiereilân, dêr't er him (noch) net hinne ferspraat hat, Skandinaavje en Ierlân, dêr't er op natuerlike wize útstoarn is, en it Feriene Keninkryk, dêr't er útrûge is. It is ûndúdlik oft er him ek ferspraat hat nei de grutte eilannen yn 'e Middellânske See, lykas Sisylje, Sardynje en Korsika.

In beverrôt yn 'e dieretún fan it Kroätyske Zagreb.

Foarkommen yn Nederlân en Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân komt de beverrôt sûnt 1935 yn it wyld foar, en sûnt de sluting fan in grut tal pelsdierfokkerijen yn 'e jierren fyftich sels yn frij grutte populaasjes. Beverrotten binne benammen konsintrearre by de Maas en syn sydrivieren lâns yn Limburch; yn Westerwâlde en de Feankoloanjes fan eastlik Grinslân; en by de Ryn lâns yn eastlik Gelderlân. Lytsere konsintraasjes komme foar yn Twinte, by de Isel lâns, yn 'e Biisbosk, op 'e Peel en op Skouwen-Duvelân. Yn Fryslân komme beverrotten sporadysk foar. Sa is harren oanwêzigens yn it ferline fêststeld yn 'e Tsjongerdelling by Skoattersyl, yn 'e Lindedelling besuden Wolvegea, oan 'e Iselmarkust by Aldemardum en Hylpen, en yn it Lauwersmargebiet. Yn jannewaris 2018 waard in mânske mantsjesbeverrôt fan 8½ kg fongen en deade yn 'e neite fan Goaiïngahuzen.[1]

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De beverrôt hat trochinoar in kop-romplingte fan 42-65 sm, mei in sturtlingte fan 30-45 sm en in gewicht fan 4-8 (oant yn ekstreme gefallen 12) kg. It is in grut plotsk kjifdier dat kwa foarm fan it lichem en de kop tige oan 'e bever tinken docht (dêrfandinne syn namme), mar hy is in stik lytser en hat gjin brede platte, mar in tinne rûne sturt, dy't lichtsjes behierre is. De tichte pels is op 'e rêch giel- oant dûnkerbrún en op 'e bealch wat ljochter, wylst it ûnderhier grizich is. Beverrotten hawwe lange wite snorhierren; dat is in oar ferskil mei de bever, dy't hielendal net oer snorhierren beskikt. Tusken fjouwer fan 'e fiif teannen oan 'e efterpoaten sitte swimfluezzen. De brede kjiftosken binne by de mantsjes dûnkeroranjekleurich, en by de wyfkes ljochtoranje. De wyfkes hawwe fjouwer of soms fiif pear oeren, dy't frij heech oan 'e sydkant fan it lichem sitte, sadat de jongen yn it wetter by har drinke kinne.

Mantsjebeverrotten ken men werom oan har dûnkeroranje kjiftosken.

Beverrotten kinne net sûnder wetter, as dat no stilsteand of streamend is. Dêrby jouwe se sterk de foarkar oan wetters mei in opgeande wâlfegetaasje, lykas âlde rivierlopen, klaaiputten, grintgatten, moerassen en lytse rivierkes en beken. Yn Súd-Amearika komt de beverrôt ek by sâlt wetter foar.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beverrotten binne fral yn 'e skimer aktyf, mar ek wol nachts en soms oerdeis. Hoewol't se har op it drûge mar stadich waggeljend fuortbewege, binne se yn it wetter treflike en elegante swimmers, dy't by it dûken wol 5 minuten ûnderbliuwe kinne. Soms wurde swimmende beverrotten oansjoen foar otters. De beverrôt hat in aksjeradius fan trochinoar sa'n 200 m, al kin dy oan 'e wetterkant noch oanmerklik grutter wêze. Op it drûge weaget er him mar sa'n 50 m fan syn nêst ôf.

In beverrôt yn ûndjip wetter.

De beverrôt graaft djippe hoalen mei in trochsnee fan 20-25 sm, dy't besteane út 5-10 gongen en ferskate keamers. Soms wurdt dêrby in muskusrottehoale oernommen en oanpast. De yngongen lizze fuort op of justjes boppe it wetteroerflak, wylst saneamde flechtgongen nei boppen ta liede en op beskutte plakken op 'e grûn útkomme. By strange kjeld wurde de gongen fan 'e hoale tichtstoppe mei planteguod. As de wâlen net steilernôch binne, lizze beverrotten ynstee platte, mei blêden en tûken beklaaide nêsten op 'e wâl oan, dy't legers neamd wurde en in trochsnee fan 45-55 sm hawwe. Soms binne sokke legers op in beskate ôfstân fan it wetter sitewearre.

Ite dogge beverrotten ornaris sittend op 'e efterpoaten, wylst se mei de foarpoaten har miel beethâlde. It binne frij sosjale bisten, dy't yn famyljegroepen libje wêryn't de wyfkes de tsjinst útmeitsje. Aldere eksimplaren, oan 'e oare kant, libje gauris solitêr. Der bestiet gjin spesifike peartiid, en sadwaande fynt de fuortplanting it hiele jier rûn plak, wat in skaaimerk is fan 'e oarsprong fan dizze soarte yn subtropysk Súd-Amearika. Nei in draachtiid fan 4½ moanne smite de wyfkes 1-2 kear jiers in nêst fan 2-13 jongen, dy't by de berte al in pels hawwe en frijwol daliks it nêst ferlitte kinne. Mei 6-8 wiken wurde se ôfwûn, en mei 2-4 moannen binne de wyfkes al geslachtsryp. By de mantsjes duorret dat oant 6 moannen.

In beverrôt oan it miel.

De maksimale libbensferwachting is by beverrotten sa'n 8 jier, mar yn 'e regel wurde se net âlder as in jier as 3. Yn strange winters hawwe beverrotten faak te lijen fan befriezingsferskynsels oan harren tinbehierre sturt, dy't ta ynfeksje liede kin mei de dea ta gefolch. Dat ferskynsel hat deryn resultearre dat beverrotten yn ferskate kâlde gebieten op natuerlike wize (sûnder dat minsklik yngripen nedich wie) útstoarn binne, wêrûnder de Skandinavyske lannen en de Amerikaanske steaten Idaho, Montana en Nebraska.

Beverrotten binne fierhinne herbivoar, mei in dieet dat ôfhinklik is fan 'e tiid fan 't jier. Winterdeis ite se woartelstokken en bast fan wylgen en elzen; maityds jonge reidspruten; en simmerdeis gers en blêden en fruchten fan wetterplanten. Dêrnjonken litte se ek lânbougewaaksen net stean, en meie se benammen graach maïs, koal en knolplanten. Hjerstmis skeakelje se oer op jirpels en sûkerbiten. Behalven poer plantaardich guod frette se soms ek wol swietwettermoksels.

In swimmende beverrôt.

De beverrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn lânseigen ferspriedingsgebiet yn Súd-Amearika noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Hoewol't dizze soarte yn Noard-Amearika, Jeropa, Afrika en Noard-Aazje as in eksoat beskôge en dêrom faak bestriden wurdt, rjochtsje beverrotten folle minder graafskea oan as de muskusrôt, in oare eksoat. Folle slimmer is harren oanfretten fan lânbougewaaksen, dy't fral yn perselen dy't deun tsjin wetterrinnen oan lizze, tige grut wêze kin.

Yn Limburch wurdt dêrom sûnt 1973 besocht om 'e beverrôt út te rûgjen, mar oant no ta sûnder súkses. Wol is it sa dat de stân fan 'e beverrôt yn Nederlân troch syn oanpassingsproblemen oan strange winters troch de natoer sels regulearre wurdt. Fral yn 'e tachtiger jierren waard dêrtroch de populaasje beheind holden, mar trochdat de winters sûnt almar waarmer wurden binne, kinne hieltyd mear beverrotten yn Nederlân oerlibje. It oanfretten fan lânbougewaaksen troch beverrotten kin trouwens op frij ienfâldige wize beheind wurde troch gewaakskar of ôffreding, mei it each op it feit dat de bisten har net fierder as 50 m fan it wetter ôf weagje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

noaten

  1. Gietema, Yme, Beverrat met appels in val gelokt, yn: de Ljouwerter Krante, 24 jannewaris 2018, s. 22.

boarnen

  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770, s. 124-126.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy