Springe nei ynhâld

De Feanhoop

Ut Wikipedy
De Feanhoop
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Smellingerlân
Sifers
Ynwennertal 260 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 9,45 km², wêrfan:
- lân: 8,33 km²
- wetter: 1,13 km²
Befolkingsticht. 31 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 05' N 5° 57' E
Lokaasje De Feanhoop (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Lokaasje De Feanhoop (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Offisjele webside
Side De Feanhoop
Kaart
De Feanhoop (Fryslân)
De Feanhoop

De Feanhoop is in doarpke yn it westen fan de gemeente Smellingerlân, by de westein fan de Wide Ie.

Op De Feanhoop wenje 260 (1 jannewaris 2023)[2] minsken.

Brêge Noarderslûs

De delsetting ûntstie as buorskip fan Boarnburgum yn 1819 mei de oanlis fan in nije feanterij mei polderdiken en mûnen.[3] Yn 1875 waard it Polderhaadkanaal groeven, dat Nij Beets mei De Feanhoop yn de Grutte Polder Opsterlân ferbynt. Oan 'e ein fan de feart festigen har by de slûs hieltyd mear minsken. De measte petgatten waarden as brûkber boerelân oanmakke.

Earst yn 1955 krige De Feanhoop tagelyk mei de oare buorskippen De Wylgen en Smelle Ie de doarpsstatus.

De lêste tiid hat it doarp him jimmeroan mear op wettersport en rekreaasje rjochte. Sûnt 2015 is it Polderhaadkanaal sa útdjippe dat boatsjes wer troch it doarp farre kinne.

De doarpskrante hjit "It Feantraperke".

Fan 1921 oant 2013 hie De Feanhoop in iepenbiere basisskoalle mei de namme 'Op 'e Feanhoop'. De skoalle waard sletten fanwegen it tebekrinnend tal bern.[4]

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1959 1964 1969 1974 2004 2012 2015 2020
Ynwenners 294 251 252 221 260 250 242 228

Tagelyk mei it skûtsjesilen wurdt sûnt 1951 it Feanhoopfestival organisearre. De earste moandei fan de SKS-wedstriden skûtsjesilen wurde op de Feanhoop fersyld.[5].

Kraanlannen
Wynmotor Herkules op De Feanhoop

Eastlik en súdlik fan it doarp leit it natoergebiet Petgatten De Feanhoop, in likernôch 200 hektare grut natoergebiet mei broekboskjes, petgatten en stripen wetter dat ûnstie tusken 1860 en 1920 troch feanôfgraving. De Noarder Krite is noch oarspronklik bûtlân en lit de natoer sjen sa't dy foar de feanôfgraving wie. De Bonnebuskepetten lizze eastlik fan it doarp wylst de Kraanlannen súdlik lizze. De namme komt fan de kranen, dy't dêr eartiids harren aaien leine. De gebieten wurde troch It Fryske Gea beheard. Yn 'e Kraanlannen is ek in fûgelhut.

Krekt benoardeasten De Feanhoop stiet yn 'e Bonnebuskepetten in Amerikaanske wynmotor fan it type Herkules Metallicus, dy't oanwiisd is as ryksmonumint. Tichteby de Kraenlânswei stiet yn 'e Kraanlannen noch in lytsere wynmotor, dy't yn 2009 boud is.[6]

Westlik fan it doarp leit yn it doarpsgebiet fan Goaiïngahuzen it Unlân fan Jelsma en it Kobbelân, dat ek yn de 19e iuw troch feanôfgraving ûntstie. Beide gebieten lizze oaninoar, mar yn it Kobbelân waard it fean djipper ôfgroeven dan it Unlân fan Jelsma en dêr binne mear petgatten.

Brêge oer it Polderhaadkanaal

Yn 'e winter fan 2006/2007 is by De Feanhoop in 1,20 meter grouwe gasbuis fan 1060 meter lingte ûnder de Krûme Ie trochboarre. De Gasuny lei de nije gaslieding oan fan it Grinzer Gryptsjerk nei Warkum, dwerstroch Fryslân. De boarring by De Feanhoop is de grutste yn 'e skiednis fan it bedriuw.

It yn 2020 fernijde Noardergemaal mei fiskpassaazje

't Stalt, Boarnburgumer Heawei, De Flearbosk, Drachtster Heawei, Eijzengapaed, Kanaeldyk, Klusewei, Kraenlânswei, Krúswei, Slûswei.

  • Op De Feanhoop fart simmerdeis in pontsje nei de Headammen, tichtby it Nasjonaal Park De Alde Feanen.
  • By De Feanhoop leit yn in petgat oan 'e Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop de ark fan de ferstoarne skriuwer Rink van der Velde. Fryske skriuwers kinne de arke brûke om te skriuwen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Aardrijkskundig Woordenboek, Van der Aa (1839-1851)
  4. Onderwijs in De Veenhoop, ôfskiedsboekje Op 'e Feanhoop 1921-2013]
  5. Wâldnet, 20 july 2006
  6. Molendatabase, oproppen 30 maaie 2023

Smellingerlân
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaBoarnburgumDrachtenDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen:
BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren
· · Berjocht bewurkje
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy