Springe nei ynhâld

Feankleaster

Ut Wikipedy
Feankleaster
Fogelsangh State
Fogelsangh State
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 110 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 2,43 km², wêrfan:
- lân: 2,41 km²
- wetter: 0,02 km²
Befolkingsticht. 42 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 15' N 6° 06' E
Offisjele webside
www.feankleaster.nl
Kaart
Feankleaster (Fryslân)
Feankleaster

Feankleaster is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Feankleaster leit noardlik fan Twizel, eastlik fan Kollumersweach, noardwestlik fan Bûtenpost, súdwestlik fan Kollum en besuden Aldwâld. De doarpskearn leit oan de Kleasterwei.

Feankleaster hat 110 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Hoewol't it doarp nea in tsjerke hân hat, hinget de ûntjouwing wol gear mei de stifting fan in kleaster op de krusing fan diken nei Kollum, Aldwâld, Kollumersweach, Bûtenpost en Twizel. Nei't it gea yn de 11e of 12e iuw yn kultuer brocht wie, stiften de Norbertinen of Premonstratinzers yn de 13e iuw fan Dokkum út it dûbelkleaster Kleaster De Oliveberch, dat foar it earst neamd wurdt yn 1287. Troch legaten waakste it grûnbesit fan it kleaster oant leafst 245 bunder. It kleaster waard yn 1579 ferlitten en yn 1644 kamen de oerbliuwsels fan de gebouwen en lannen oan de famylje Van Fogelsangh.

Feankleaster hearde oant de gemeentlike weryndieling yn 2019 by de gemeente Kollumerlân.

It kleaster 'De Oliifberch'

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kleasters hienen in sletten ekonomy. As it heal koe, waard der neat fan bûtenút kocht. Yn 'e winter hienen se ek branje nedich. Dat krigen se troch't se eigen feangrûn krigen. De kleasters binne begûn mei de earste, foar dy tiid, grutskalich ôfgraven fan feangrûn. It kleaster wie ornearre foar aadlike persoanen. Letter binne de muontsen nei Westergeast ferhuze.

De nonnen waarden oantsjutten as de "Norbertinessen fan Aldwâld".

Yn 1560 fine we dat wat letter de "Slotpleats" neamd wurdt al in part fan it kleasterbesit wie.

Yn 1579 hawwe de nonnen it kleaster al ferlitten. Nei 1580 namen de Steaten fan Fryslân, sa as alle kleasterbesit op it plattelân oer.

Sjouck van Fogelsangh en har erfgenamten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fogelsanghstate op in âlde printsjekaart

Sjouck fan Fogelsangh út Boerum kocht it kleaster mei alles wat dêr by hearde. Har opfolger waard har soan Theodorus. Dy hat it earste hûs boud.

Doe krige troch in erfenis de grytman fan Kollumerlân Willem Hindrik fan Heemstra Fogelsanghstate yn hannen. De van Heemstra's hawwe oant yn 'e tritiger jierren fan de foarige iuw eigeners west. Doe erve de kommissaris van de keninginne P.A.V. Harxinxma thoe Sloten Fogelsanghstate. No is de eigener de greve de Marchant et d'Anseumbourgh.

Hy hat, mei stipe fan de gemeente Kollumerlân en fûnsen Fogelsanghstate wer yn oarder brocht en it fertutearze museum wer op 'en nij iepene.

De lannerijen foarmje tsjintwurdich ien fan de grutste parken fan Fryslân. Yn de 18e iuw hie it gebiet in barokke útstrieling. De ferneamde túnarsjitekt Lucas Roodbaard hat it gebiet stikje by bytsje feroare yn in lânskipspark mei ôfwikseljend parkeftige en boskeftige stikken.

Yn april 1852 brocht kening "Willem III in besite oan Kollumerlân. Hy die doe ek Fogelsanghstate oan.

Yn maaie 1873 kaam de kening wer nei Fryslân. Ek doe stie Feankleaster wer op it programma. H.L. baron van Heemstra hat doe de kening sjen litten dat hy in goede gasthear wie. It sânpaad nei de wei fan Kollum nei Bûtenpost waard in strjitwei. Nei't der sein waard, hie de baron dat betelle. Ek Fogelsangh-state krige in opknapbeurt. De kening kaam te sitten op stoel dy't in kopy wie fan syn stoel op Het Loo. Doe't de kening wer nei Bûtenpost ôfreizge, frege de baron oft de nije strjitwei Keningswei hite mocht. De kening hie dêr gjin beswier tsjin.

It Sindingsfeest

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1877 kaam der in ferhaal fan Fryske skriuwer Tsjibbe Gearts van der Meulen út oer Gepke dy't sûnder moffen oan nei it sindingsfeest yn Feankleaster west hie. Dizze sindingsfeesten wienen wichtich foar it otterdokse folksdiel. Op sa'n dei wienen de sprekkers, wat we no 'de preektigers' neame. De kollekte wie foar de sinding. Nei de Twadde Wrâldoarloch kamen de sindingsdagen dy't ek wol yn de bosk fan Rinsmastate yn Driezum holden waarden, wat yn 'e nederklits. Der waard in komitee foarme om de sindingsdagen nij libben yn te blazen. De dei waard ferpleatst nei Pinkstermoandei. Moarns wurdt der in dienst te velde holden. Dêr wurde de tsjerkegongers út in wide krite ferwachte. De middeis is der dan in kristlik festival. No begjint it al op sneon-te-jûn mei in jûn foar de jongerein. Fan ynfloed hat ek west dat de bekende evangelist Johannes de Heer ien kear yn 't jier mei in tinte op de Brink stie. Feankleaster hat sa lanlik bekendheid krige.

Feankleaster hie yn 'e jierren 1960 en 1970 in saneamde sneinsmerk: jonges en fammen út de wide omkriten paradearren dan troch it sintrum fan it doarp op syk nei in skarrel. Oant it sluten fan diskoteek Ringo yn 2004 gong in soad jongerein út de kontrijen te stappen nei Feankleaster.

Yn maaie 1999 kaam it doarp yn it nijs troch de grouwélige moard op de 16 jier âlde Marianne Vaatstra út De Westereen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy