Springe nei ynhâld

Filmkrityk

Ut Wikipedy

Filmkrityk is de analyze en evaluaasje fan films en fan it medium film as gehiel. It konsept wurdt yn 'e regel as synonym beskôge mei filmresinsjes. Mar filmresinsjes binne bedoeld om bioskoopbesikers te advisearjen oer it filmoanbod fan dat stuit, en net alle filmkrityk foldocht oan dy omskriuwing. Oer it algemien kin filmkrityk opdield wurde yn twa kategoryen: sjoernalistike filmkrityk, dy't frijwol lykslein wurde kin mei filmresinsjes, en akademyske filmkrityk, dy't bedoeld is om in beskate film te analysearjen en yn 'e kontekst fan in sjenre en de filmhistoarje as gehiel te pleatsen sûnder dêrby in oardiel te jaan oer de fraach oft de film 'goed' of 'min' is.

Mei't it medium film pas yn it lêste part fan 'e njoggentjinde iuw yntrodusearre waard, datearret de ierste filmkrityk út it begjin fan 'e 1900-er jierren. Yn 't earstoan wie it de filmkritisy der benammen om te dwaan om oan te toanen dat film in foarm fan keunst is dy't net ûnderdocht foar folle langer besteande keunstfoarmen as muzyk, literatuer of skilderkeunst. Sokke kritiken ferskynden yn spesjale filmbledsjes, mei't de measte kranten doe noch gjin oandacht oan films bestegen. Tsjin 'e 1920-er jierren waarden films troch filmkritisy mear op grûn fan fertsjinste en wearde analysearre as dat it harren gie om it fermaak fan 'e bioskoopbesikers. Om dyselde snuorje hinne begûnen de measte kranten filmkritisy oan te nimmen fanwegen de oanwaaksende populariteit fan films.

Yn 'e 1930-er jierren ûntjoech de filmyndustry him grutdiels ta syn hjoeddeistige foarm, mei ferneamde akteurs en aktrises dy't 'stjerren' waarden en dêrmei idoalen fan miljoenen fans. Troch dy tanimmende obsesje fan it publyk mei films en alle dêrmei mank geande omballingen groeide ek de wichtigens en it oansjen fan 'e filmkrityk. Troch dy tanommen belangstelling fan 'e grutte mannichte ûntwikkele de filmkrityk yn 'e 1940-er jierren in nije styl dy't de massa oanspriek. De filmkritisy begûnen doe gebrûk te meitsjen fan in werkenbere styl troch mei ûnderhâldend skreaune stikjes te besykjen om 'e lêzers fan harren oardiel oer in film te oertsjûgjen. Sa ûntstie de hjoeddeistige filmresinsje.

Sjoernalistike filmkrityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich ferskine filmresinsjes yn kranten, tydskriften, op tillefyzje en radio en op it ynternet. Se behannelje oer it algemien nij útbrochte films, hoewol't, fral op it ynternet, ek wolris âldere films sintraal steane. It wichtichste doel fan sokke filmkrityk is om 'e lêzer te ynformearjen oer de film en oan te jaan oft de film it besjen wurdich is. In resinsje is ornaris opboud út in koarte plotbeskriuwing, wêrby't de ôfrin net ferklapt wurdt, folge troch it mei arguminten ûnderboude oardiel fan 'e kritikus. De útkomst wurdt faak noch even gearfette troch in systeem mei piktogrammen, lykas in skaal mei fiif stjerren, dêr't in hiel minne film dan ien of in heale stjer fan kriget en in hiel goedenien fiif stjerren. Op it ynternet binne fierders ferskate websiden, lykas Rotten Tomatoes en Metacritic, dy't sokke resinsjes sammelje en op basis fan safolle mooglik resinsjes in trochsneed skoare oan 'e behannele film jouwe. Fierders hat de mooglikheid om sels in blôch te begjinnen soarge foar in weach fan websiden fan amateur-filmkritisy.

Akademyske filmkrityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Akademyske filmkrityk, ek wol bekend as filmteory of filmwittenskippen, is in wittenskiplik fjild dat him taleit op 'e analyze fan films mei as doel om se yn 'e kontekst te pleatsen fan 'e filmhistoarje. Dêrby is it net wichtich oft it publyk de film 'goed' of 'moai' fynt of net, mar hokfoar effekt oft de film hat op it publyk (en troch harren op 'e maatskippij as gehiel) en wat de regisseur mei syn film berikke wollen hat. De filmkritiken dy't troch sokke wittenskippers skreaun wurde, binne dan ek net bedoeld foar de gewoane man, mar inkeld foar kollega-wittenskippers. Se wurde ôfprinte yn wittenskiplike tydskriften en oare teksten dy't almeast útjûn wurde troch universiteitsútjouwerijen. Akademyske filmkrityk omfiemet yn 'e regel in folsleine beskriuwing fan 'e filmplot, de ôfrin ynbegrepen. Dêrnei folget in útinoarsetting omtrint de kulturele kontekst, it plak fan 'e film yn syn sjenre, de wichtichste tema's en de maatskiplike ynfloed fan 'e film.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy