Springe nei ynhâld

Frits Wissel

Ut Wikipedy
Anton Colijn, Frits Wissel & Jean Jacques Dozy
(Carstensz-ekspedysje, 1936)

Frits Julius Wissel (Snits, 21 jannewaris 1907 - Arnhim, 9 oktober 1999) wie in Nederlânsk marinepiloat dy't yn 1936 út de cockpit wei in marrekomplex yn Nederlânsk Nij-Guinee ûntduts dat dêrnei nei him ferneamd waard: de Wisselmarren.

Frits Wissel wie in soan fan de Snitser hûsdokter F.W. Wissel. Hy studearre yn 1929 ôf as yngenieur in Zürich, mar door de mondiale depresje slagge it him net om wurk yn syn fak te finen. Hy melde him dêrnei oan by de Keninklike Marine, dêr't er oplaat waard ta piloat. Hy tsjinne in koart skoft tiid yn Nederlânsk-Ynje en waard dêrnei oerpleatst nei Nij-Guinee, der´t er detachearre waard by de Nederlands Nieuw-Guinea Petroleum Maatschappij (NNGPM) as ien fan de piloaten fan de twa Sikorsky-wetterfleanmasines dy't de maatskippij hie.

Wissel spile in wichtige rol in de oanrin fan de legindaryske Carstensz-ekspedysje fan 1936, wêr't er sels ek oan meidwaan soe. Troch syn ferkenningsflechten makke er it Anton Colijn en Jean Jacques Dozy mooglik harren rute nei de "iuwige snie" fan Nij-Guinee, it eindoel fan de ekspedysje, sekuer te bepalen.

Nei 1936 wie Wissel stasjonearre op it eilân Japen yn de Geelvinkbaai (no Teluk Cenderawasih). By in flecht oet it ynlân seach er ûnfersjoens in mar mei kano's ûnder him. Mei syn Leica-kamera makke er de earste foto's fan wat er út de loft wei seach; by in twadde flecht koe fêststeld wurde dat er in fan minsken bewenne ûnbekend diel fan het Sintrale Berchlan ûntdutsen hie.

Yn de Twadde Wrâldoarloch wurke er in skoft yn Austraalje foar de Allied Geographical Section. Nei de oarloch gie er as marinepiloat werom nei Nij-Guinee, mei as basis it Molukske eilân Morotai. Nei syn marinetiid wie er fan 1957 oant syn pinsjoen yn 1972 as dosint ferbûn oan de Hegere Technyske Skoalle yn Delft, De Haach en Arnhim.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy