Goudtoefkes
Appearance
Goudtoefkes | ||
Robyntoefke (Corthylio calendula) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
lytsskift: | miggesnappereftigen (Muscicapida) | |
boppefamylje: | goudtoeffûgels (Reguloidea) | |
famylje: | goudtoefkes (Regulidae) | |
Vigors, 1825 | ||
De goudtoefkes (Regulidae) foarmje in famylje fan it skift fan de moskeftigen (Passeriformes) en it ûnderskift fan de sjongfûgels (Passeri). Foarhinne waarden de goudtoefkes allinne as skaai binnen de famylje fan de sjongers (Sylviidae) sjoen. Der binne 6 of 7 soarten goudtoeffûgels.
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Famylje: goudtoefkes (Regulidae)
- Skaai: echte goudtoefkes (Regulus)
- Soarte: fjoertoefke (Regulus ignicapilla)
- Soarte: Taiwangoudtoefke (Regulus goodfellowi)
- Soarte: Madearafjoertoefke (Regulus madeirensis), earder sjoen as ûndersoarte fan it goudtoefke of it fjoertoefke.
- Soarte: goudtoefke (Regulus regulus)
- Soarte: Teneryfgoudtoefke (Regulus teneriffae), ek wol sjoen as ûndersoarte fan it goudtoefke.
- Soarte: Amerikaansk goudtoefke (Regulus satrapa)
- Skaai: robyntoefkes (Corthylio)
- Soarte: robyntoefke, (Corthylio calendula)
- Skaai: echte goudtoefkes (Regulus)
De Amerikaanske ornitolooch John James Audubon hat yn 1812 ek noch in oar goudtoefke beskreaun dy't hy Cuviers goudtoefke neamde (Regulus cuvieri). Hy hie in fûgel sketten dêr't hy net ien fan de bekinde goudtoefkes yn seach. Dat wurdt algemien sjoen as in flater en dy soarte bestiet dus net.