Springe nei ynhâld

Grifformearde tsjerke (Ljussens)

Ut Wikipedy
Grifformearde tsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Ljussens
adres Doarpsstrjitte 16
koördinaten 53° 22'N 6° 05'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt Ane Nauta
boujier 1927
Webside
Grifformearde gemeente Moarre-Ljussens
Kaart
Grifformearde tsjerke (Fryslân)
Grifformearde tsjerke

De Grifformearde tsjerke oan de Doarpsstrjitte yn Ljussens is in gebou fan de grifformearde PKN-gemeente fan Moarre en Ljussens. It is ien fan de âldste grifformearde gemeenten fan noardeast Fryslân. Allinne de grifformearde gemeente fan Kollumersweach is krekt wat âlder. It hjoeddeiske tsjerkegebou stamt út 1927.

Gevelstien

De earste tsjerke fan de yn 1851 stifte ôfskieden gemeente fan Ljussens stie oan de ein fan de Doarpstrjitte oan de westrâne fan it doarp. It wie in ienfâldich sealtsjerkje, dat skûl gyng achter de pastorij. Yn de rin fan de tiid waakste de gemeente hurd oan, benammen doe't de doleânsje him oankundige. Dat makke dat der mear nei it doarp ta oan deselde strjitte in nije tsjerke boud wurde koe. Yn 1927 waard de nije tsjerke mei toer neffens in ûntwerp fan Ane Nauta set. De grifformearden fan Ljussens en Moarre ha altiten ien gemeente foarme.

Wat ledetal oanbelanget lei it hichtepunt fan de gemeente yn de jierren 1960, doe't dy sa'n 800 leden telde. Dêrnei naam it ledetal ôf, net sasear fanwegen ûnttsjerkliking mar fral troch't de wurkgelegenheid yn Ljussens ôfnaam en jimmeroan mear minsken it doarp ferlieten. Tsjintwurdich hat de gemeente in pear hûndert leden, dy't noch altiten in grutte bân mei harren tsjerke hawwe. Der is sneins noch twa kear preek.

Beskriuwing tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke is in krúsfoarmich gebou mei op de súdwestlike hoeke in klokketoer, dy't bekroand wurdt mei in fjouwersidige spits. In gevelstien mei de tekst "Geeft den Heere de eer zijns naams" (Ps 96:8a) is ta oantinken fan de bou njonken it haadportaal ynmitsele.

It oargel waard yn 1876 troch fan oarsprong Boalserter Lolke Ypma (1823-1887) út Alkmaar eartiids boud foar de Sint-Martinustsjerke fan Boalsert. Dy tsjerke waard yn 1934 sletten en ferfongen troch nijbou. It oargel waard doe ferkocht oan de firma A. Standaart (Skiedam), dy't de ûnderdielen brûkte foar de bou fan in oargel foar de grifformearde tsjerke yn Ljussens. Yn de jierren 1980 waard it ynstrumint restaurearre en yn de oarspronklike steat werom brocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppeling om utens

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy