Springe nei ynhâld

Griiskopspjocht

Ut Wikipedy
griiskopspjocht

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift spjochteftigen (Piciformes)
famylje spjochten (Picidae)
skaai griene spjochten (Picus)
soarte
Picus canus
Gmelin, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De griiskopspjocht (Picus canus) is in fûgel út de famylje fan 'e spjochten (Picidae).

De griiskopspjocht is wat lytser as de griene spjocht en ek maklik dêrmei te betizen. De fûgel is 27 oant 30 sm en hat in grize kop. It mantsje hat wat read op syn kop en it wyfke hielendal net, wylst it dêr by de griene spjocht sawol by it mantsje as it wyfke hielendal read is. De griiskopspjocht roffelet faker as de griene spjocht.

It iten bestiet foar de haadsaak út mychammels en de aaikes dêrfan. De fûgel kin goed tsjin strange winters.

Aaien.

It nêst bestiet út 5 oant 7 aaien en dy't yn 25 oant 27 dagen útbret wurde troch beide âlders. It mantsje wikselet it wyfke likernôch fjouwer kear deis ôf.

De soarte libbet yn in grut part fan Sintraal- en East-Europa en it suden fan Noarwegen en Finlân. Fierder binne der tsien ûndersoarten yn in grut gebiet yn Aazje (Súd-, Midden- en East-Aazje en Yndo-Sina).[1]

  • P. c. canus: fan noardlik en sintraal Europa oant westlik Sibearje.
  • P. c. jessoensis: fan eastlik Sibearje oant noardeastlik Sina, Koreä en noardelik Japan.
  • P. c. kogo: Sintraal-Sina.
  • P. c. guerini: it noardlike diel en it eastlike diel fan Sintraal-Sina.
  • P. c. sobrinus: súdeastlik Sina en noardeastlik Fjetnam.
  • P. c. tancolo: Hainan en Taiwan.
  • P. c. sordidior: fan súdeastlik Tibet en súdwestlik Sina oant noardeastlik Myanmar.
  • P. c. sanguiniceps: fan noardlik Ynje oant westelik Nepal.
  • P. c. hessei: fan Nepal en noardeastlik Ynje oant Myanmar en Yndosina.
  • P. c. robinsoni: westelik Maleizje.

Guon fan dy ûndersoarten wurde as eigen soarten beskôge.

It leefgebiet bestiet út âlde mingde- of leafbosken mei in soad dea hout. De fûgel mei graach oer grutte parken en bosken by wetter. Fierder komt de griiskopspjocht yn 'e bergen op gruttere hichte foar as de griene spjocht.

Syn leefgebiet leit net fier fan Nederlân ôf, mar de fûgel is yn ús lân in tige seldsume dwaalgast. It tal waarnimmings sûnt 2000 is op ien hân te tellen.

De griiskopspjocht hat in grut ferspriedingsgebiet en yn Europa is it tal fûgels sûnt 1982 wer tanommen, mar de ynformaasje oer de rest fan syn ferspriedingsgebiet is beheind. De status fan 'e fûgel wurdt as net bedrige kategorisearre.

It totale tal fûgels is fanwegen resinte taksonomyske ôfsplitsings net te rûzen. De Europeeske popelaasje wurdt op 187.000-360.000 peakes rûsd. In rappe rûzing fan 'e wrâldpopelaasje soe op 900.000-1.900.000 folwoeksen fûgels komme.[2]

De grutste konsintraasjes fan de griiskopspjocht binne yn Europeesk Ruslân en Roemeenje te finen. Dútslân telt likernôch 9.000-13.500 pearkes fan 'e griiskopspjocht. Yn Dútslân nimt it oantal ôf en stiet de fûgel op de Reade List.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Grijskopspecht (ferzje 23 desimber 2023)


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy