Springe nei ynhâld

Grut-Berlyn

Ut Wikipedy

Grut-Berlyn is de oantsjutting foar it stedsgebiet fan Berlyn dat yn 1920 troch it saneamde Groß-Berlin-Gesetz ûntstien is en dat hjoed-de-dei sûnder in soad feroarings frijwol itselde is. Njonken de kearnstêd Berlyn bestie it gebiet út in tal selsstannige stêden en gemeenten.

De stêd Berlyn yn 1855 noch binnen de stedsmuorren

Nei't de Yndustriële Revolúsje úteinsette begûn de doe noch frij lytse residinsjestêd Berlyn hurd te waaksen. Benammen nei de stifting fan it Dútske Keizerryk en de yntinsive yndustrialisaasje yn it midden fan 'e 19e iuw begûn de stêd noch hurder te waaksen. Op it lân fan de buorgemeenten dêr't noch in soad lânbou wie, kamen nije wenwiken en fabriken.

Om 1820 hinne ûntstie it idee it grûngebiet fan Berlyn út te wreidzjen mei de yndustriële foarstêden Moabit en Wedding, dy't ta de Landkreis Niederbarnim hearden, en in tal foar in grut part mei Berlyn fergroeide dielen fan de buorstêden Schöneberg en Tempelhof. It útwreidingsprojekt ferrûn lykwols stadichoan, om't de finansjele belangen fan alle partijen boppe-oan stiene. Benammen de rike wiken fan Schöneberg en Tempelhof lutsen de ynteresse fan de Prusyske haadstêd, om't dy foar in soad ekstra belêstingynkomsten soargje koene. Op harren bar woene de neamde buorgemeenten dy ynwenners om deselde reden net kwyt. Oarsom waard in útstel fan de Kreis Niederbarnim dat syn earme wiken, dy't in soad fan de kritekas ôfhongen, graach kwyt woe oan Berlyn, ôfwiisd. Pas nei tsientallen jierren slaggen hja deryn it haadstêdlike grûngebiet te fergrutsjen. Troch in beslút fan it regear fan 28 jannewaris 1860 waarden sawol de arbeiderswiken yn it noarden as de rikere frije boargerswiken yn it suden tafoege. It stedsgebiet omfieme doe rûchwei de hjoeddeiske distrikten Mitte en Friedrichshain-Kreuzberg en it stedsdiel Prenzlauer Berg.

Om't de stêd en syn ommelannen stridige belangen hiene, die boargemaster Arthur Johnson Hobrecht yn 1875 in útstel om in aparte stedsprovinsje te foarmjen. Dy provinsje soe de haadstêd Berlyn en de stêden Charlottenburg, Spandau en Cöpenick en de kriten Teltow en Niederbarnim omfiemje moatte. De oerheid fan dy nije provinsje soe takomstige anneksaasjes troch Berlyn oerstallich meitsje. It plan helle it lykwols net.

Njonkelytsen waakste Berlyn wol troch en der ûntstie in grut stêdlik gebiet, dêr't de kearnstêd nettsjinsteande de tafoegings fan 1860 mar in lyts part fan foarme. De bestjoerlike fersplintering soarge foar problemen foar bygelyks in beheining by de oerienstimming yn stedsûntjouwing en ferfier. Dat probleem waard fan 1890 ôf hieltyd grutter. Lykwols de rikere boargers profitearren fan dy bestjoerlike sitewaasje, om't der yn de foarstêden belestingoazes, lykas Grunewald, wiene en dêr grutte fillawiken ûntstiene. Yn de earmere kearnstêd mei de arbeiderswiken giene de belestingen dêrfoaroer omheech, fanwege de hege sosjale útjeften.

Op 19 july 1911 waard it Zweckverband Groß-Berlin (Yntergemeentlik Gearwurkingsferbân Grut-Berlyn) oprjochte en ferbettere de koördinaasje. Men woe de ynfloed fan it reade Berlyn lykwols beheine, dus dat ferbân wie sa los dat it de ferwachtings net wiermeitsje koe. Boppedat ûntstie der hieltyd in gruttere sosjaal-ekonomyske kleau tusken de ferskillende gemeenten. It Zweck-ferbân koe de problemen net oplosse, om't it gjin foech hie op sosjaal mêd. Nei de fal fan it Dútske Keizerryk oan de ein fan de Earste Wrâldkriich waard besletten dat it nedich wie en foarmje ien grutte stedsgemeente troch middel fan anneksaasjes. It Zweck-ferbân liet dochs wol in pear spoaren yn it stedsbyld efter, om't der yn 1915 mei de Prusyske steat ôfpraat wie dat de grutte boskgebieten yn de stêd bestean bliuwe mochten.

Groß-Berlin-Gesetz

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Berlyn foar (yn donkerread) en nei de Groß-Berlin-Gesetz

Op 27 april 1920 naam de Prusyske lândei de Gesetz über die Bildung einer neuen Stadtgemeinde Berlin (Wet oanbelangjende de foarming fan in nije stedsgemeente Berlyn) oan. Op 1 oktober fan dat jier waard de wet, yn 't koart Groß-Berlin Gesetz neamd, yn wurking steld. De folgjende stêden en kriten waarden ta de gemeente Berlyn gearfoege:

Troch de anneksaasjes woeks it grûngebiet fan Berlyn fan 66 km² nei 878 km². It ynwennertal ferdûbele oant 3,8 miljoen. Fan de 1,9 miljoen nije Berliners wennen der sa'n 1,2 miljoen yn de sân omlizzende stêden. De nije gemeente waard ôfskieden fan de provinsje Brandenboarch en foarme in eigen selsstannige bestjoersregio.

Der waarden 20 stedsdistrikten mei lokale bestjoeren ynsteld.

Men besocht in lykwicht yn de distrikten te hâlden tusken 'goedboargerlike' gebieten en arbeiderswiken. Yn de earste jierren nei de foarming fan Grut-Berlyn wiene der hjir en dêr in pear ôfskiedingsbewegings, mar dy hiene lykwols gjin súkses. De gearfoeging fan de stedskriten ta ien bestjoerlike ienheid makke in sintrale stedsplanning mooglik en joech de ûntjouwing fan Berlyn ta metropoal yn de 1920er jierren in grutte ympuls.

Grut-Berlyn hat hjoed-de-dei noch in wichtige juridyske betsjutting, want by de Dútske weriening yn 1990 waard dêrnei sjoen om de grinzen tusken Berlyn en Brandenboarch te bepalen.

Lettere feroarings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It yn 1920 foarme Grut-Berlyn is eins amper feroare neffens de hjoeddeiske sitewaasje. Hjir en dêr waarden inkele grinskorreksjes makke tusken it lettere West-Berlyn en de DDR.

Oare gebrûken fan de oantsjutting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It begryp Grut-Berlyn ferdwûn sa stadichoan út it spraakgebrûk, mar bleau juridysk en bestjoerlik wol in betsjutting hâlden. De oantsjutting waard yn de West-Dútske Grûnwet fan 1949 opnommen en ferdwûn dêrút mei de wiziging fan artikel 23 by de Dútske weriening fan 1990. It bestjoer fan East-Berlyn neamde harsels oant yn de 1960er jierren de Magistrat von Groß-Berlin (Magistraat fan Grut-Berlyn).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy