Springe nei ynhâld

Gysbert Japicxpriis

Ut Wikipedy
Gysbert Japicxpriis
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Frysk
útrikt foar literatuer
útrikt troch provinsje Fryslân
frekwinsje 1x yn de 2 jier
plak Boalsert (Fryslân)
ynsteld 1947
1e útrikking 1947
offisjele webside
gjint

De Gysbert Japicxpriis is in yn 1947 troch de Deputearre Steaten fan Fryslân ynstelde literatuerpriis, neamd nei de dichter Gysbert Japiks. De earste winner fan de priis wie op 10 oktober 1947 de Fryske dichter Obe Postma.

Alde Gysbert Japicxpriis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De priis wie in stimulearingspriis, en waard takend foar it bêste oarspronklik Frysk wurk dat yn de perioade foarôfgeand oan de útrikking publisearre wie. Dy perioade waard twa jier, om't it iene jier proaza beoardiele waard, en it oare jier poëzy. Mei yngang fan 1954 waard yn it iene jier de Dr. Joast Halbertsmapriis útrikt en yn it oare de Gysbert Japicxpriis. De priis bestie út in oarkonde en in jildbedrach, oarspronklik 500 gûne, mar letter oprinnend ta 2000 gûne. Om't it in stimulearingspriis wie koe dy allinnich foar in spesifyk wurk útrikt wurde, net foar in oeuvre, al is dat al in pear kear bard. Yn 1984 is de priis yn dy foarm ôfskaft, en yn in nije foarm wer ynsteld.

Nije Gysbert Japicxpriis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de nije Gysbert Japicxpriis wie der gjin ûnderskie yn sjênre. Proaza en poësy koenen eltse kear yn oanmerking komme, mar dat gou ek foar berneliteratuer en jongereinliteratuer. Dêrnjonken kin de priis no ek foar in oeuvre úrikt wurde. Fierders waard romte makke foar de Fedde Schurerpriis en de Dr. Obe Postmapriis, sadat de Gysbert Japicxpriis doe ien kear in de trije jier útrikt waard.

Yn 1986 waard it jildbedrach omheechbrocht nei 4000 gûne. Yn 1999 waard de regeling op 'en nij oanpast. Doe waard besletten om mei yngong fan 2001 in twajierliks skema te folgjen. De iene kear oanbelanget de priis no de poësy út de fjouwer foarôfgeande jierren, twa jier letter it proaza út de fjouwer foarôfgeande jierren, ensfh. It prizejild is sûnt 1999 in bedrach fan 5000 euro. Yn 2011 kaam dêr 5000 euro boppe-op, spesjaal ornearre foar in oersetting/oersettingen fan it bekroande wurk. Mei yngong fan 2013 waard it prizejild ferhege nei 10.000 euro; de 5000 foar in oersetting/oersettingen kaam dêr dan noch by.

Ofwikende takennings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de priis jildt it betingst dat dat "bêste oarspronklik Frysk wurk" de bekroaning ek wurdich wêze moat, mar de advyskommisje hat oant no ta mar ien kear gjin foardracht dien, yn 1977. Dochs is de priis dat jier takend. Oarsom hawwe Deputearre Steaten ien kear besletten it advys net te folgjen. Yn 1969 is de priis net útrikt, wylst it projekt Operaesje Fers nominearre wie. De priis is ek ien kear wegere. Yn 1959 hat Eeltsje Boates Folkertsma yndie sein syn wurk fan dy perioade de bekroaning net wurdich te finen, en hy hat dy doe net oannimme wollen.

Trije skriuwers hawwe twa kear de Gysbert Japicxpriis krigen: Anne Wadman, 1952 en 1989, Jan Wybenga, 1965 en 1977, en Trinus Riemersma, 1967 en 1995.

De priis wurdt útrikt yn de bertestêd fan Gysbert Japiks, Boalsert, op it stêdhûs. Allinnich Jan Dijkstra, yn 1951, en Rink van der Velde yn 1975 hawwe net oan de plechtige útrikking meidwaan wollen, en hawwe de priis letter op it Provinsjehûs ophelle.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy