Springe nei ynhâld

Irma (orkaan)

Ut Wikipedy
Irma
bysûnderheden
type ramp natoerramp
subtype orkaan
datum 30 aug.15 sept. 2017
lân ferskaat (sjoch tekst)
plak Karibysk Gebiet
statistiken
deaden 102 (teld op 21 sept. 2017)
ferwûnen hûnderten
skea > $ 63 miljard

Irma wie in ekstreem krêftige en ferneatigjende orkaan dy't oan 'e ein fan 'e simmer fan 2017 it Karibysk Gebiet teheistere. It wie de njoggende stoarm mei in namme, de fjirde orkaan en de twadde swiere orkaan fan dat jier. Irma rjochte suver folsleine skea oan op ferskate Karibyske eilannen, wêrûnder it Nederlânsk-Frânske Sint-Marten, wylst oanbuorjende eilannen, Kuba en dielen fan Floarida swiere skea oprûnen. Yn totaal foelen der 102 deaden, wylst de skea mear as $63 miljard bedroech.

Irma ûntjoech har op 30 augustus boppe de Atlantyske Oseaan west fan Kaapverdje út in tropyske weach (in soarte fan atmosfearyske trôch fan lege druk), dy't trije dagen earder foar de kust fan West-Afrika ûntstien wie en dêrwei nei it westen ta opskood wie. Under geunstige meteorologyske omstannichheden ûntwikkele Irma har nei de formaasje tige fluch, en groeide se binnen in tiidsspanne fan 24 oeren út ta in orkaan fan 'e twadde kategory op 'e skaal fan Saffir-Simpson. Koarte tiid letter waard it in orkaan fan 'e trêde kategory en fan dat stuit ôf waard Irma beskôge as in swiere orkaan.

De folgjende pear dagen wifke Irma tusken de twadde en trêde kategory, mar fan 4 septimber ôf yntinsifearre de orkaan fierder, en ier op 'e moarn fan 5 septimber berikte Irma de krêft fan in orkaan fan 'e fyfde (en swierste) kategory. Omtrint midsnacht (UTC) op 6 septimber berikte de orkaan syn grutste krêft, mei wyn fan 295 km/h en in minimumluchtdruk fan 914 hPa. Dêrmei wie it de swierste orkaan fan 2017. Allinnich Orkaan Allen, út 1980, wie in noch krêftiger Atlantyske orkaan. Seis oeren letter kaam Irma foar it earst oan lân op 'e noardkust fan it eilân Barbûda, yn Antigûa en Barbûda, yn it easten fan it Karibysk Gebiet, dêr't frijwol alles ferwuostge waard. Letter dyselde deis ferfolge Irma har paad fan ferneatiging rjocht oer it Nederlânsk-Frânske Sint-Marten en Ginger en Tortola yn 'e Britske Famme-eilannen.

De rûte dy't Irma ôflei.

Koart foar seis oere moarns (UTC) op 8 septimber gie Irma oer it ûnbewenne eilân Lyts-Inagua yn 'e Bahama's hinne, wêrnei't se belune ta in orkaan fan 'e fjirde kategory, om 18 oeren letter wer oan te boazjen ta kategory 5. Fuort dêrnei skaafde Irma by twatrêde part fan 'e noardkust fan Kuba lâns, wat derfoar soarge dat se wer ôfswakke, no ta in orkaan fan 'e trêde kategory. Ter hichte fan 'e havenstêd Matanzas bûgde Irma, dy't oant doe ta rûchwei in rjochte line nei it westen folge hie, ôf nei it noarden, om boppe it waarme wetter fan 'e Strjitte fan Floarida wer oan te sterkjen ta in orkaan fan 'e fjirde kategory. Om 13.10 oere (UTC) op snein 10 septimber kaam Irma oan lân op it eilân Cudjoe Key yn 'e Florida Keys, dêr't de ferwuostging ek suver folslein wie. Dêrnei stiek se de Floaridabaai oer om by Naples, oan 'e súdwestkust fan it Floarida-skiereilân, oan lân te gean op it fêstelân fan Noard-Amearika.

Ienris boppe lân swakke Irma al rillegau ôf ta in orkaan fan 'e twadde kategory, en sakke op 'e middeisoere (UTC) op 11 septimber ûnder de orkaandrompel, om as in almar fierder belúnjende tropyske stoarm op nei it noardwesten te setten. In etmiel letter gie Irma as in tropyske depresje oer de grins fan 'e Amerikaanske steaten Georgia en Alabama, en op 15 septimber stoarte de restearjende sirkulaasje yn en waarden de oerbliuwsels fan 'e orkaan opnommen yn in kjeldfront dat fan 'e Grutte Marren oant boppe Nijfûnlân rikte.

Orkaan Irma rjochte suver folsleine ferwuostging oan yn dielen fan it Karibysk Gebiet, benammen op Barbûda, Sint-Marten, de Britske Famme-eilannen en de Florida Keys. Oare eilannen, te witten: Anguilla, Sint-Bartelemy, de Amerikaanske Famme-eilannen, Porto Riko, de Turks- en Kaikoseilannen en Kuba, hiene swiere skea, en itselde gou foar súdlike dielen fan it Floarida-skiereilân yn 'e Feriene Steaten. Oare dielen fan 'e steat Floarida en ek kustgebieten yn 'e steaten Georgia en Súd-Karolina (yn it bysûnder de stêden Miami en omkriten, Jacksonville, Savannah en Charleston) rûnen skea op troch de mei de orkaan mank geande stoarmfloed. Saba en Sint-Eustasius, de beide Boppewynske Eilannen dy't ta Karibysk Nederlân hearre, hiene ek tuskenbeiden skea.

In loftfoto fan (Nederlânsk) Sint-Marten nei de trochtocht fan Irma oer it eilân.
lân/territoarium deadetal skea yn $
de Amerikaanske Famme-eilannen (Am.) 4 2.400.000.000
Anguilla (Br.) 1 290.000.000
Antigûa en Barbûda 3 215.000.000
de Bahama's 0 ûnbekend
Barbados 1 n.f.t.
de Britske Famme-eilannen (Br.) 4 1.400.000.000
de Feriene Steaten 58 >50.000.000.000
Frânsk-Sint-Marten en Sint-Bartelemy (Fr.) 11 2.280.000.000
Haïty 1 n.f.t.
Kuba 10 2.200.000.000
  Porto Riko (Am.) 3 1.000.000.000
Sint-Kits en Nevis 0 80.000.000
Sint-Marten (Ned.) 4 2.500.000.000
de Turks- en Kaikoseilannen (Br.) 0 >500.000.000
ûnbekend 2 n.f.t.
totaal: 102 >62.900.000.000

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy