Springe nei ynhâld

Joshua Chamberlain

Ut Wikipedy
Joshua Chamberlain
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Joshua Lawrence Chamberlain
nasjonaliteit Amerikaansk
berteplak Brewer (Maine)
stjerplak Portland (Maine)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18621866
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang generaal-majoar (sûnt 1865)
befel 20e Frijw. Ynf.reg. f. Maine
3e Brig., 1e Dif, Ve Korps
1e Brig., 1e Dif., Ve Korps
1e Dif., Ve Korps
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
treffen(s) Slach by Fredericksburg
Slach by Gettysburg
Slach by Cold Harbor
2e Slach by Petersburg
Slach by White Oak Road
Slach by Five Forks
Appomattox-kampanje
ûnderskiedings Medal of Honor 1893
Joshua Chamberlain
politikus
partij Republikeinske Partij
Gûverneur fan Maine
amtsperioade 1867-1871
foargonger Samuel Cony
opfolger Sidney Perham

Joshua Chamberlain (folút: Joshua Lawrence Chamberlain al wied er berne as Lawrence Joshua Chamberlain; Brewer (Maine), 8 septimber 1828Portland (Maine), 24 febrewaris 1914), wie in tige leard Amerikaansk heechlearaar fan wa't in elk swetste oer hoe freonlik oft er yn 'e omgong wie. Hy rekke lykwols ferneamd doe't er ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch as kolonel yn 'e Slach by Gettysburg de oanfal fan 'e Súdliken op in krúsjaal diel fan it slachfjild weromsloech (mei in bajonetoanfal noch wol), en sa de bynamme Lion of the Round Top ("Liuw fan 'e Rûntopheuvel") wûn. Nei it treffen op 'e Quaker Road, dat him hast fataal waard, kaam er ek bekend te stean as Bloody Chamberlain ("Bloedige Chamberlain"). Hy focht noch yn ferskate oare fjildslaggen mei en beëinige syn militêre tsjinst as generaal-majoar. Nei ôfrin fan 'e oarloch brocht Chamberlain it ta gûverneur fan syn thússteat Maine. Uteinlik kaam er dochs noch te ferstjerren as gefolch fan 'e ferwûnings dy't er yn 'e oarloch oprûn hie.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid, oplieding en iere karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Chamberlain waard yn 1828 berne yn it plakje Brewer, yn Amerikaanske steat Maine, as de âldste fan 'e fiif bern yn it gesin fan Joshua Chamberlain en Sarah Brastow Dupee. Syn mem woe hawwe dat er foar dûmny leare soe, wylst syn heit him yn it leger hawwe woe, mar Chamberlain hie mei net ien fan beide wurkpaden folle op. Troch eigen fertsjinsten en de help fan in pleatslike ûnderwizer koed er yn 1848 it talittingseksamen fan it Bowdoin Kolleezje, yn Brunswick, mei súkses ôflizze. (Dêrfoar moast er û.m. by steat wêze om Aldgryksk en Latyn te lêzen.) Te Bowdoin kaam Chamberlain yn 'e kunde mei in protte lju dy't in grutte ynfloed op syn fierdere libben hawwe soene, mei dêrûnder net it lêste plak de skriuwster en abolysjoniste Harriet Beecher Stowe (bekend fan De Negerhutte fan Omke Tom), dy't de frou wie fan Bowdoin-perfester Calvin Stowe. Oant koart foar't er yn 1852 ôfstudearre, hie Chamberlain lêst fan stammerjen.

Nei syn ôfstudearjen oan it Bowdoin Kolleezje die Chamberlain in trijejierrige ferfolchstúdzje oan it Teologysk Seminaarje fan Bangor, yn 'e stêd Bangor. Doe't er ek dêrfoar slagge wie, kearde er yn 1855 werom nei Bowdoin, dêr't er úteinsette mei in karriêre as heechlearaar yn 'e retoarika (wolsprekkendheid), al soed er úteinlik alle fakken ûnderwize dy't op 'e universiteit jûn waarden útsein inkeld wiskunde en wittenskip. Yn 1861 waard er oansteld as heechlearaar moderne talen, in posysje dêr't er by útstek geskikt foar wie, mei't er tsien talen floeiend spriek: Ingelsk, Gryksk, Latyn, Spaansk, Dútsk, Frânsk, Italjaansk, Arabysk, Hebriuwsk en Aldsyrysk. Itselde jiers dat er oannommen waard as heechlearaar, yn 1855, troude Chamberlain mei Fanny Adams, de oannommen dochter fan in pleatslike predikant en dêrtroch syn folle (sij it net biologyske) nicht. Hja krigen fiif bern, wêrfan't ien te ier te wrâld kaam om libbensfetber te wêzen, wylst twa oaren yn 'e widze kamen te ferstjerren.

De Boargeroarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek, besleat Chamberlain, dy't in sterke oanstriid fielde om syn lân te tsjinjen, him as frijwilliger oan te melden. Fanwegen syn geleardheid waard him de rang fan kolonel en it befel oer it 20ste Rezjimint fan Maine oanbean, mar dat wiisde er ôf om't er fûn dat er te min ûnderfining mei it leger hie. Sadwaande waard er yn augustus 1862 beneamd ta luitenant-kolonel fan it rezjimint ûnder it befel fan kolonel Adelbert Ames. It 20ste Rezjimint fan Maine waard yndield by de 3de Brigade fan de 1ste Difyzje fan it Vde Korps, dat ta it saneamde Leger fan de Potomac hearde, dat it noardeasten fan 'e Feriene Steaten tsjin it Suden ferdigenje moast. Ien fan Chamberlain syn jongere bruorren, Thomas Chamberlain, wie ek ofsier yn it 20ste, wylst in trêde broer, John Chamberlain, legerpredikant yn in oar frijwilligersrezjimint út Maine wie.

It 20ste Rezjimint fan Maine focht yn 'e Slach by Fredericksburg, yn desimber 1862, dêr't it in relatyf lyts tal soldaten ferlear yn 'e oanfallen op Marye's Heights, mar neitiid wiene de leden fan it rezjimint twongen om in traumatyske nacht op it slachfjild troch te bringen ûnder fjoer fan 'e fijân en by iiskâld waar, middenmank de deaden en ferwûnen fan oare rezjiminten. Yn syn deiboek sette Chamberlain wiidweidich útinoar hoe't er sels in skûlplak bouwe moast fan 'e lichems fan deade Noardlike soldaten, wêrnei't er de rest fan 'e nacht taharke hoe't de kûgels fan 'e Súdliken yn 'e liken plopten. It 20ste miste de Slach by Chancellorsville, yn maaie 1863, fanwegen in útbraak fan 'e pokken. In moanne letter krige kolonel Ames in promoasje, wêrnei't Chamberlain yn dy syn eardere rang en funksje as kolonel en befelfierder oer it 20ste beneamd waard.

Chamberlain syn posysje op Little Round Top ("20 ME").

Op 1 july 1863 troffen it Súdlike Leger fan Firginia, ûnder befel fan generaal Robert E. Lee, en it Noardlike Leger fan de Potomac, ûnder generaal George G. Meade, inoar by it plakje Gettysburg, yn Pennsylvania. Op 'e twadde deis fan 'e slach (2 july) besochten de Noardlike troepen de tsjinslaggen fan 'e earste deis te boppe te kommen, en namen se halje-trawalje definsive posysjes yn boppe-oan 'e skeante fan in rige heuvels besuden it stedsje. Chamberlain waard mei it 20ste rezjimint fan Maine oan 'e uterste lofterein fan 'e Noardlike liny pleatst, op 'e súdlike skeante fan 'e heuvel Little Round Top. It wie fan krúsjaal belang dat er net wike soe foar de oanfallen fan 'e Súdliken, mei't dy dan in omtsjende beweging meitsje en de rest fan 'e Noardlike liny yn 'e rêch oanfalle kinne soene.

Doe't de gefjochtshannelings ferfet waarden, kaam it 20ste ûnder fjoer te lizzen fan it 15de Ynfanteryrezjimint fan Alabama, ûnder befel fan kolonel William C. Oates. De Súdliken stoarmen kear op kear de heuvel op en Chamberlain-en-dy waarden stap foar stap weromdreaun, en wisten ferskate oanfallen mar mei muoite ôf te slaan. Uteinlik seach it 20ste rjocht nei it súdeasten ta út, wylst de rest fan 'e Noardlike liny mei it gesicht nei it westen ta stie: de Súdliken hiene it rezjimint dus hàst safier weromdreaun dat it mei de rêch nei de oare Noardlike legerûnderdielen ta stie. Dy sitewaasje waard noch nuodliker makke troch de swiere ferliezen dy't it 20ste yn 'e striid lit hie, en trochdat de munysje frijwol op wie. Chamberlain besleat doe in wanhopige tsjinoanfal mei de bajonetten te dwaan, wêrby't de lofterútein fan syn rezjimint as in soarte fan doar oer it slachfjild swaaide oant de soldaten wer mei it gesicht nei it westen ta stiene. Under befel fan en oanfierd troch Chamberlain swong it 20ste rezjimint fan Maine doe by de heuvel del, de oanstoarmjende Súdliken yn 'e mjitte, dy't troch dizze ûnkonvinsjonele taktyk sawol fan foarren as yn 'e flank oanfallen waarden. De maneuver resultearre yn it behâld fan 'e posysje fan it 20ste op 'e uterste lofterflank fan it Noardlike leger en it finzen nimmen fan 101 Súdlike soldaten. Yn 1974 waard dit ûnderdiel fan 'e Slach by Gettysburg yn 'e Feriene Steaten popularisearre troch de histoaryske roman The Killer Angels fan skriuwer Michael Shaara, dy't yn 1993 ferfilme waard as Gettysburg, mei akteur Jeff Daniels yn 'e rol fan Chamberlain. (Dêr moat lykwols by oantekene wurde dat der ûnder skiedkundigen noch altyd in beskate ûnienichheid bestiet oft dizze ferzje fan 'e gong fan saken wol hielendal histoarysk akkuraat is.)

Chamberlain syn jongere broer, Thomas Chamberlain, dy't mei him yn it 20ste rezjimint fan Maine tsjinne.

Yn 'e gefjochtshannelings op Little Round Top waard Chamberlain fan in swiere ferwûning rêden doe't in kûgel net himsels mar de skie fan syn sabel rekke. Letter rûn er troch in ferdwaalde kûgel noch wol in lichte wûne oan 'e rjochterfoet op. Mei syn taaie en heldhaftige ferdigening fan 'e heuvel wûn Chamberlain de bynamme Lion of the Round Top. Yn 1893, tritich jier nei dato, waard him foar syn koartkriemige fanwegen kommen yn 'e Slach by Gettysburg noch de Amerikaanske Medal of Honor takend. Om't er koart foar de slach slim siik west hie troch malaria en dysentery, waard er neitiid in skoft út aktive tsjinst ûntslein oant er wer opbettere wie.

Yn april 1864 kearde Chamberlain werom nei it Leger fan de Potomac, dêr't er it befel krige oer de 1ste Brigade fan 'e 1ste Difyzje fan it Vde Korps. By in treffen te Rives' Salient, yn 'e Twadde Slach by Petersburg, yn mids juny, waard er troch de rjochterheup en it krús sketten, wêrby't de kûgel der fia de lofterheup wer ta'n út kaam. Nettsjinsteande dy útsûnderlik pynlike ferwûning loek er syn sabel en stiek dy yn 'e grûn, sadat er himsels op 'e fuotten hâlde en de oanwaaksende oanstriid ûnder de Noardlike troepen om har werom te lûken, tsjinkeare koe. Hy bleau ferskate minuten lang stean, oant er der úteinlik hinnefoel troch bloedferlies. De legerdokter dy't him neitiid behannele, beskôge de wûne as deadlik en foarsei dat er it net oerlibje soe; sadwaande waard syn dea al yn ferskate Noardlike kranten berjochte wylst er noch libbe. Generaal Ulysses S. Grant (de lettere presidint) befoardere him noch fluch ta brigadegeneraal foar er stjerre soe, mar tsjin alle ferwachting yn klaude Chamberlain wer by de wâl op, en mei de stipe fan syn broer Tom naam er yn novimber it befel oer syn brigade wer werom. Hoewol't syn frou der by him op oanstie om no mar ôf te swaaien, mei't er no grif mear as genôch foar syn lân dien hie, woed er sels fan gjin wiken witte.

Chamberlain as gûverneur fan Maine.

Op 29 maart 1865 naam Chamberlain diel oan in grutskalige skermutseling op 'e Quaker Road, ûnder de lêste kampanje fan generaal Grant, dy't it slútstik fan 'e oarloch foarme. Yn dat treffen rûn Chamberlain fannijs in wûne op, diskear oan 'e lofterearm, dy't op in hier nei amputearre wurde moast. Ek waard er nochris op wûnderbaarlike wize fan 'e dea rêden troch it portret fan syn frou dat er mei in Bibeltsje yn 'e boarstbûse boppe syn hert bewarre. In Súdlike kûgel rekke nammentlik syn hynder yn 'e hals en dêrnei Chamberlain sels op it boarst, mar kitste ôf op it ramtwurk fan it portret, gie him op it boarst troch de hûd hinne, folge ien fan syn ribben om 'e hiele lofterside fan syn lichem hinne en kaam op syn rêch wer troch de hûd nei bûten ta. Dêrnjonken waard Chamberlain op 'e Quaker Road ek hast noch kriichsfinzen makke troch de Súdliken, mar nettsjinsteande dat alles wist er de oerwinning yn it gefjocht te beheljen en wûn er dêrby de nije bynamme fan Bloody Chamberlain. Neitiid waard er troch presidint Abraham Lincoln befoardere ta de rang fan generaal-majoar.

Yn totaal focht Chamberlain mei yn tweintich fjildslaggen en yn withoefolle skermutselings. Seis hynders waarden ûnder him wei sketten en sels rekke er seis kear ferwûne. Hy krige fjouwer kear in oantekening foar dapperens. Op 'e moarn fan 9 april 1865 socht in Súdlike boadskipper fan 'e stêf fan generaal John Brown Gordon fia Chamberlain tagong ta de Noardlike legerlieding, mei de opdracht om dy te hifkjen oer in mooglike Súdlike oerjefte. Op 12 april hie Chamberlain it tafersjoch oer de parade fan 'e Súdlike ynfantery foar't dy syn wapens ynlevere by Appomattox Court House. Dêrby saluëarre Chamberlain foar de Súdlike troepen, wat him op in protte Noardlike krityk kaam te stean. Hy ferdigene syn die lykwols yn syn postúm ferskynde autobiografy, The Passing of the Armies. John Brown Gordon soe him letter "ien fan 'e meast ridderlike soldaten fan it Federale Leger" neame.

Chamberlain op jierren yn unifoarm mei al syn ûnderskiedings.

Lettere karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koart nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch swaaide Chamberlain ôf út it Noardlike leger. Syn reputaasje as oarlochsheld makke him yn syn thússteat Maine ûnbidige populêr, en hy waard fjouwer kear keazen as de Republikeinske gûverneur fan 'e steat, foar ienjierrige terminen dy't mei-inoar rûnen fan 1867 oant 1871. Under syn regear kaam er ferskate kearen yn botsing mei politike tsjinstanners om syn stipe foar it behâld fan 'e deastraf en syn wegering om in spesjale plysjemacht op te rjochtsjen om 'e drûchlizzing ôf te twingen. Nei't er syn politike karriêre deroan jûn hie, kearde er begjin 1871 werom nei it Bowdoin Kolleezje, dêr't er ta rektor beneamd waard, in posysje dy't er oant 1883 beklaaie soe. Tsjin dy tiid wied er troch syn oarlochswûnen sa yn 'e minnichte rekke dat it wurk him tefolle waard.

Yn jannewaris 1880, doe't der in heechoprinnend skeel ûntstien wie oer de útkomst fan 'e gûverneursferkiezings fan Maine, frege de útgeande gûverneur, Alonzo Garcelon, oan Chamberlain, yn syn funksje fan kommandant fan 'e milysje fan Maine, om regaad te meitsjen. Chamberlain teach dêrop mei syn troepen nei de residinsje fan 'e gûverneur, dy't yn 'e hannen fallen wie fan in binde wapene lju. Hy prate de besetters om en stjoerde se nei hûs, en hold dêrnei it gûverneurshûs tolve dagen lang beset, oant it Heechgerjochtshôf fan Maine útspraak die oer wa't de ferkiezings wûn hie. Yn dy perioade waard er ferskate kearen bedrige mei moard en ûntfiering, en ien kear gie er lykme-allinne nei bûten ta om in lulke kloft fan 25 oant 30 manlju del te bêdzjen dy't kommen wiene om him te fermoardzjen. Dêrnjonken besochten beide kanten yn it skeel en keapje Chamberlain om troch him ien fan 'e beide sitten fan Maine yn 'e Amerikaanske Senaat oan te bieden, mar dêr woed er neat fan witte.

It stânbyld fan Chamberlain op it universiteitsterrein fan it Bowdoin Kolleezje, yn Brunswick.

Nei't er yn 1883 syn rektorskip deroan jaan moatten hie, ferfear Chamberlain nei New York, dêr't er abbekaat waard. Dêrnjonken wied er ek lânmjitter foar de haven fan Portland, en hannele er yn ûnreplik goed, û.m. yn Floarida. Yn 1898 melde er him nettsjinsteande syn âlderdom fan 70 jier en syn breklike fysike tastân by it útbrekken fan 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch oan as frijwilliger. Dat er dêrfoar ôfwiisd waard, beskôge er as ien fan 'e grutste teloarstellings fan syn libben. Yn 1905 wied er ien fan 'e oprjochters en earste bestjoerders fan it Maine Institution for the Blind (tsjintwurdich The Iris Network), in blineskoalle, dêr't er gedoente mei hie om't syn frou it oan 'e eagen hie.

Joshua Chamberlain stoar op 24 febrewaris 1914 yn Portland, oan 'e gefolgen fan syn oarlochswûnen. Hy wie foar safier bekend de lêste feteraan út 'e Amerikaanske Boargeroarloch dy't oan 'e oprûne wûnen beswykte. Fan 1864, doe't er ferwûne rekke wie oan syn geslachtsorgaan, oant syn dea hied er altyd in iere foarm fan 'e kateter drage moatten, en in pûde om syn urine yn op te fangen. Troch de jierren hinne hied er seis ûnsúksesfolle operaasjes oan it krús ûndergien, om 'e ynfeksjes tsjin te gean dêr't er allegeduerigen fan te lijen hie. Chamberlain waard 85 jier. Syn orizjinele Medal of Honor rekke wei, mar waard yn 2013 weromfûn. In twadde, ferfangende medalje dy't er yn 1904 krige, is noch altyd te besichtigjen op it Bowdoin Kolleezje.

  • 1877 – Maine, Her Place in History
  • 1898 – Ethics and Politics of the Spanish War
  • 1898 – Universities and Their Sons (redaksje)
  • 1900 – Property: Its Office and Sanction
  • 1904 – De Monts and Acadia
  • 1905 – Ruling Powers in History
  • 1915 – The Passing of the Armies (autobiografy)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy