Springe nei ynhâld

Juan Martínez de Jáuregui y Aguilar

Ut Wikipedy
Juan Martínez de Jáuregui y Aguilar
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Juan Martínez de Jáuregui
   y Hurtado de la Sal
echte namme Juan Martínez de Jáuregui
   y Aguilar
nasjonaliteit Spaansk
berne 24 novimber 1583
berteplak Sevilla (Spanje)
stoarn 11 jannewaris 1641
stjerplak Madrid (Spanje)
etnisiteit Andalûsysk
wurk
taal Spaansk
sjenre poëzij, non-fiksje
perioade 1e helte 17e iuw
streaming Renêssânse
bekendste
  wurk(en)
Rimas
jierren aktyf 16181641
offisjele webside
n.f.t.
N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Juan. De earste efternamme (fan heitekant) is Martínez de Jáuregui, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Hurtado de la Sal (Aguilar). As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Martínez de Jáuregui of oars Martínez de Jáuregui y Hurtado de la Sal (Aguilar) brûkt wurde.

Juan Martínez de Jáuregui y Aguilar (Spaanske útspr.: [xwɑn mar'tinɛð də 'xɑurəɡi i aɡi'lar]), ek wol bekend as: Juan Martínez de Jáuregui y Hurtado de la Sal (Sevilla, 24 novimber 1583Madrid, 11 jannewaris 1641) wie in Spaansk dichter, oersetter, wittenskipper en keunstskilder yn it lêst fan wat wol de Spaanske Goudene Iuw neamd wurdt. As dichter stie er bekend om syn fûleindich ferset tsjin 'e nije dichtstilen fan 'e Spaanske barok, al wie dat wetterterskjen, wêrby't er úteinlik belies jaan moast. As oersetter wied er ferantwurdlik foar in iere Spaanske fertaling fan 'e Pharsalia, fan 'e Romeinske dichter Lukanus, al waard dy pas lang nei syn dea publisearre.

Juan Martínez de Jáuregui y Aguilar waard yn 1583 berne yn it Andalusyske Sevilla. Hy wie it fyfde bern yn it gesin fan don Miguel Martínez de Jáuregui, in hidalgo (lid fan 'e Spaanske legere adel sûnder fierdere titel) út it gewest La Rioja, en doña Isabel Hurtado de la Sal, út Sevilla. Syn âldste broer brocht it letter ta regidor (kommissaris) fan Sevilla. Eins hiet Martínez de Jáuregui fan Juan Martínez de Jáuregui y Hurtado de la Sal, mar hy feroare op eigen manneboet syn twadde efternamme (dy't fan syn mem kaam) yn "Aguilar", de efternamme fan ien fan syn beppes.

Oer Martínez de Jáuregui syn jonkheid is frijwol neat bekend, al wurde der yn syn traktaat Arte de la Pintura ("De Skilderkeunst") ferwizings makke nei ferskate reizen nei Itaalje. Fierders is it bekend dat er in hoart yn Rome ferbleau, foar 't neist om skilderjen te learen. Koart foar 1610 kearde er mei 26 jier werom yn Spanje, doe't er al namme makke hie as sawol keunstskilder as dichter. Sa hied er yn 1600 al in portret skildere fan 'e ferneamde Spaanske skriuwer Miguel de Cervantes.

Yn 1618 kaam Martínez de Jáuregui syn Rimas út, in samling elegante lietteksten dêr't er guon oersettings fan 'e Romeinske skriuwers Horatius, Martialis en Ausonius yn bemjukse hie. It waard foarôfgien troch in kontroversjeel foarwurd, dat nochal wat opsjoch joech fanwegen de ûndûbelsinnige wize wêrop't Martínez de Jáuregui him dêryn ôfsette tsjin it kulturanisme, in stylistyske beweging binnen de dichtkeunst fan 'e Spaanske barok, dy't útdroegen waard troch de dichter Luis de Góngora. In oar Spaansk dichter, Francisco de Quevedo, hie fanwegen dy stellingname gjin goed wurd foar Martínez de Jáuregui oer, en húnde him yn syn La Perinola.

Troch de ynfloed fan Gaspar de Guzmán, greve-hartoch fan Olivares, waard Martínez de Jáuregui beneamd ta keamerhear fan 'e Spaanske kening Filips IV. Yn 1624 fierde er mei syn Discurso Poético contra el Hablar Culto y Oscuro ("Dichterlik Traktaat tsjin it Kultyske en Obskuere Geëamel") in kundige oanfal út op 'e nije styl, wylst er dêrby teffens syn eigen artistike ideeën út 'e doeken die. Dat smiet him it lidmaatskip fan 'e Oarder fan Calatrava op, in keninklike ûnderskieding. Lykwols is it dúdlik dat er troch de fûleindige polemyk wat út 'e stokken rekke wie, want út syn Orfeo (ek út 1624) blykt dúdlik de ynfloed fan Góngora.

It portret fan Cervantes, skildere troch Martínez de Jáuregui.

Martínez de Jáuregui stoar yn 'e Spaanske haadstêd Madrid, yn jannewaris 1641. Hy liet in oersetting fan 'e Pharsalia fan 'e Romeinsk dichter Lukanus nei, dy't pas yn 1684 útjûn waard. Ut dy fertaling docht bliken dat Martínez de Jáuregui úteinlik alhiel bekeard waard ta de nije dichtstyl, en men wol wol hawwe dat er troch de likenissen tusken Lukanus en Góngora te fergrutsjen (dy't allebeide berne wiene yn Kordoba), mei opsetsin de fersen fan 'e iere dichter yn 'e styl fan 'e lettere master getten hat. Dat is mooglik, mar it kin fansels likegoed wêze dat Martínez de Jáuregui syn tajaan oan 'e populêrste dichtstyl fan syn tiid in ûnbewust proses wie dat him ûngemurken bekroep.

  • 1618 - Rimas (in samling lietteksten)
  • 1624 - Discurso Poético contra el Hablar Culto y Oscuro
  • 1624 - Antidoto contra la Pestilente Poesía de las Soledades
  • 1625 - Apología de la Verdad
  • 1624 - Orfeo
  • 1684 - Pharsalia (postúm)

Martínez de Jáuregui yn it Frysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teminsten ien gedicht fan Juan Martínez de Jáuregui y Aguilar is nei it Frysk ta oerbrocht troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. Bruinsma syn fertaling Op in Wrak op it Strân fan de See is yn 1984 publisearre yn it tydskrift HJIR.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Martínez de Jáuregui y Aguilar, Juan, Op in Wrak op it Strân fan de See (oers. Klaas Bruinsma), yn: HJIR, 1984, ôfl. 3, s. 28.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy