Springe nei ynhâld

Katolisisme

Ut Wikipedy

It katolisisme is de grutste streaming yn sawol it westersk kristendom, as it kristendom as gehiel. De namme is ôflaat fan it wurd katolyk en komt út it Gryksk (καθολικός-ή-όν - katholikos), wat algemien of universeel betsjut.

It katolisisme is foaral oriïntearre op de Roomsk-Katolike Tsjerke. By de Roomsk-Katolike Tsjerke hearre teffens ferskate mei de paus yn ferbân steande eastersk-katolike tsjerken, bygelyks de Koptysk-Katolike Tsjerke en de Maronityske Tsjerke. Al dizze tsjerken beskôgje de paus as plakferfanger fan Jezus Kristus op ierde en gean der fanút dat der mar ien en deselde roomsk-katolike lear dy't yn de rin fan de iuwen troch dogmaferklearrings en dekreten op konsilys fêstlein is.

Der binne in protte fan Rome ûnôfhinklike tsjerken dy't ek by it katolisisme rekkene wurde. Dizze tsjerken binne rjochtstreeks of net rjochtstreeks ûntstien út de Uny fan Utert (1889). Dizze tsjerken binne stean net yn ferbining mei de paus fan Rome, en jilde dêrtroch as skismatysk. Yn harren lear wike sy nochal ôf fan de Roomsk-katolike. Der wurdt noch in liturgy brûkt dy't basearre is de Tsjerke fan Rome, mar lykwols harren eigen evolúsje troch makke hat. Dizze tsjerken binne û.o.:

De Roomsk-katolike tsjerke en de ferskate Eastersk-ortodokse Tsjerken gongen útinoar yn 1054, neidat der in splitsing kaam tusken de paus fan Rome en de patriarch fan Konstantinopel.

De Easterske kristenen dy't de posysjes fan de patriarch fan Konstantinopel diele, wurde wol tegearre de Ortodoksen neamd. Hja neame harsels de 'ortodoksen' of de rjochtsinnigen. Sy akseptearje net de oanspraken fan de paus op it primaat fan jurisdiksje oer de hiele wrâldtsjerke. Boppedat binne sy ûnderling sterk ferdield. Op bepaalde essinsjele punten komt it leauwen lykwols oerien mei dat fan de Roomsk-katoliken.

De measte Easterske kristenen neamme harren útsein ortodoks ek katolikos of katolyk, om dêrmei oan te jaan dat sy, neffens eigen opfettings, yn de tradysje steane fan de iene tsjerke fan Kristus, dy't katolyk, - dus algemien of universeel jildich is. Hjirmei wurdt lykwols net fuortendaliks de ienheid en ferbûnens mei de Hillige Stoel fan Petrus yn Rome bedoeld, lykas de westlike ynterpretaasje fan it wurd katolyk trochstrings is.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy