Springe nei ynhâld

Kollektyf ûnbewuste

Ut Wikipedy
Ofbyld fan de struktuer fan de hel út Dante Alighieri syn De Godlike Komeedzje. Fan Sandro Botticelli (tusken 1480 en 1490). Neffens Carl Gustav Jung, fertsjintwurdiget de hel, yn alle kulturen, de fersteurjende kant fan it kollektyf ûnbewuste.

It kollektyf ûnbewuste is in begrip út it wurk fan Carl Gustav Jung. Neffens him is it kollektyf ûnbewuste in soart fan opslachplak mei latinte bylden dy't út it mienskiplike ferline komme fan de minske as soart. De minske hat dy bylden fan syn foarâlden erve en dy't likegoed fan harren dierlike as minsklike foarâlden komme. It ûnbewuste soe in ferklearing wêze kinne foar de minsklike eangst foar tsjuster of de eangst foar slangen. Eangsten dy't net te ferklearen binne út persoanlike ûnderfining, mar meidat ús foarfaars generaasje nei generaasje dy eangsten kind hawwe.

Evolutionêre oererving fan psychyske ynhâlden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oars as Freud makket Jung ûnderskied tusken it persoanlik ûnbewuste en it kollektyf ûnbewuste. By Freud hat it 'persoanlik ûnbewuste' in folslein oare ynhâld en bestiet út ferkrongen ûnthâld en ûnderfining. By Jung lykwols is de ynhâld fan it 'kollektyf ûnbewuste' net ferwurven troch eigen ûnderfining mar tanket it harren bestean troch evolúsjonêre oererving. De minsklike geast is troch middel fan de harsenen neffens dizze opfetting krekt as de lea gepredisponeerd troch evolúsje. De harsens kinne ommers beskôge wurde as de drager fan de geast, sadat it kollektyf ûnbewust ôfhinklik is fan de evolúsje fan de harsens.

Neffens dy hypoteze soe in ûnthâld út 'in earder libben' in ûnthâld út it 'kollektyf ûnbewuste' wêze kinne dat de hiele minskheid mienskiplik hat. Lykweardige dreamsymbolyk yn ferskillende kultueren, dêr't ek spoaren fan werom te finen binne yn de keunst of yn de algemy, tsjutten neffens Jung ek op dy mienskliplike, ûnbewuste ynhâlden. Neffens Jung sjogge wy yn it 'kollektyf ûnbewuste' de 'oer ûnderfining' fan de minske en dus delen alle minske, yn mear of mindere mjitte, ûnbewuste itselde 'oer ûnderfining'.

Persoanlik en kollektyf ûnbewuste

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jung brûkt yn syn wurken ek geregeldwei de term 'Argetype ', dêr't hy syn idee oer it 'kollektyf ûnbewuste' fierder oanfold en inkele psychyske foarmen mei oantsjut dy't oeral oanwêzich binne. It is in soart fan oer patroan dêr't alderlei oare lyksoartige saken nei modellearre wurde. Neffens Jung bestean der twa foarmen fan it psychyske systeem, dêr't ien fan persoanlike- en ien fan net-persoanlike ierd is. Hy seit hjiroer: "oars as it persoanlike karakter fan ús 'bewuste psyche', bestiet der in twadde 'net-bewust' psychysk systeem fan kollektyf, 'net-persoanlik' ierd njonken ús normale bewustwezen, dat wy as it ienige waarnimbere ûnderfine, sels as wy it 'persoanlike ûnbewuste' der by tafoege. It wurdt ferkrigen troch oererving en ûntwikkeld him nea yndividueel. It bestiet út pre-eksistinte foarmen dy't pas sekundêr bewust wurde kinne en jouwe dêrby fêste foarm oan de ynhâld fan it bewustwezen." Neffens Jung is de dream foar in part in net willekeurige wurking fan de psyche, dy't net genôch bewustwezen besit om oerdei as ien him yn syn waaktastân befinet reprodusearre wurde te kinnen.

Foarbylden fan argetypen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As ynhâlden fan it kollektyf ûnbewuste neamt Jung ûnder mear de folgjende wichtige argetypen: de argetypen fan de berte, de dea, de macht, de held, it bern, God, de duvel, de âlde man, mem ierde, de moanne, de sinne, de wyn, de rivieren, fjoer, bisten en ek in protte troch de minske makke dingen, lykas ringen en wapens.

"Der binne likefolle argetypen as tekenjende sitewaasjes yn it libben", skreau Jung. "Troch mannichfâld herheljen binne dy ûnderfinings yn ús psygyske konstitúsje printe, net yn de foarm fan bylden mei in spesifike ynhâld, mar ynearsten mar as foarmen sûnder ynhâld, dy't allinne mar de mooglikheid biede ta in beskate wize fan waarnimmen en hanneljen."

Opfieding en argetype

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is dus wichtich dat, foar in goed begrip fan Jungs argetypen, wy it net opfetsje as folslein ûntwikkelde geastesbylden, as bygelyks ûnthâldbylden. Sa is it argetype fan de mem net it byld fan ien frou, gjin foto fan in mem, mar earder in negatyf dat troch sels te ûnderfinen ûntwikkelt wurde moat. Jung beneidrukt hjiroer it belang fan it sels ûnderfine foar de ûntwikkeling fan it bern. As ien by it grute wurde yn oanreitsing komt mei de meast diverske erfaringen, krije de latente bylden hieltyd mear kans harren te ûntwikkeljen. Sadwaande it belang fan in fariearde omjouwing, dy't soarget foar in yndividuaasje (bewustmeitsing) fan alle aspekten fan it kollektyf ûnbewuste.

Universaliteit fan argetypen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eltensien op 'e wrâld wurdt berne mei deselde basis-argetypyske bylden. Nim bygelyks it argetypuske byld fan de mem, dat ynprinten byld ûntwikkeld him stadichoan ta it dwaan en letten fan de echte. Troch eigen ûnderfinen fan eltse bern mei syn mem ûntwikkelt dat byld him fierder, op basis fan in 'al besteand' patroan.

Ek it godsbyld leit Jung op analoge wize út. It argetype 'God' bestiet yn oarsprong al yn it kollektyf ûnbewust, en it binne de eigen ûnderfiningen dy't de persoan op dat mêd yn de wrâld belibbet dy't syn byld fan god foarmje.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy