Springe nei ynhâld

Kurling

Ut Wikipedy
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


In Amerikaansk kurlingteam by de Olympyske Winterspullen yn 2006 yn Turyn

Kurling, nei it Ingelsk ek wol stavere as curling, is in Handigenssport. It wurdt spile troch de eigen stiennen oer it iis te skowen, en sa dat dy op it lêst tichter by it doel lizze as dy fan de tsjinstanner. Dêrmei liket it op oare handigenssporten, lykas kloatsjitten en bowls. Lykwols wurdt kurling dien op ien plak, tusken twa huzen. In ein, de rjochting, giet nei it iene hûs, en nei ien kear skoare giet it nije ein wer werom.

In ploech bestiet út fjouwer spilers, dy't elts twa stienen spylje. At sa alle sechtsjin stienen nei it doel, it hûs, spile binnen, krijt de ploech waans stien it tichtst by it midden fan it hûs is in punt. Feitlik krijt dy ploech in punt foar eltse stien dy't tichter by it doel is, as de stien fan de oare ploech dy't it tichtst by it doel is.

De namme "kurling" komt fan it Ingelsk, en jout oan dat de stien as er mear gryp op it iis kriget, fan rjochting feroaret. De "curl" fan de stien is it wuoljen fan de stien. De spiler jout de rjochting by it smiten, mar hoefolle as dat bart hinget lykwols ek ôf fan hoe glêd as de ûndergrûn, it iis, is. Fan dêre dat de spilers at hja net smite, it iis feie om dat glêd te hâlden en sa it streekrjocht gean fan de stien te ferlingjen. Dat is wêrom de spiler, ropt nei de oaren, om't er oanjout krekt hoe lang der noch feie wurde moat of hoenear begûn wurde moat mei it wuoljen.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy