Springe nei ynhâld

Melanine

Ut Wikipedy
Gemyske struktuer fan eumelanine
Twa jonge sebrafisken, dêr't ien fan albino is, sûnder pigmint

Melanine is in organysk pigmint yn de hûd dat út it aminosoer tyrosine foarme wurdt troch melanositen yn in proses neamd melanogeneze. Melanositen binne sellen dy’t yn de kymlaach fan de hûd lizze en wurde oanmakke yn de basale laach fan de opperhûd. Se produsearje dizze stof yn organellen(melanosomen) ûnder ynfloed fan uf-strieling en inkelde stoffen lykas it melanosyt-stimulearjend hormoan, in hormoan dat oanmakke wurdt troch de adenohypofyse by swangere froulju, yn de embryonale perioade, by hiel jonge bern en by beskate oandwanings lykas melasma. De melanositen jouwe de malanosomen fold mei melanine fia syn dendriten ôf oan omlizzende keratinositen op in noch ûnbekende wize.

Neidat de melanine troch de keratinositen opnommen is wurdt it nei de boppekant fan de kearn transportearre, wêr’t it it genetysk materiaal (foar in part) beskermet tsjin uf-strieling. Dit foarkomt mutaasjes en eventueel kanker. Dochs is in passende hoemannichte uf-ljocht fan grut belang foar de minske omdat yn de hûd, tanksij uf-strieling, fitamine D oanmakke wurdt.

Melaninepigminten binne komplekse struktueren dêr’t allerhande anty-oksidanten oan ferbûn wêze kinne, lykas bètakaroteen en ko-ensym Q10. Der wurde op syn minst trije ferskillende typen foarme: de gielbrune eumelaninen, de mear readeftige feomelaninen dêr’t ek swevelhâldende stoffen yn kompleksitearre sitte, en de glânsrike reade trigogromen dy’t ek swevel befetsje.

It aminosoer tyrosine wurdt troch it lichem foar folle mear as allinnich melaninesynteze brûkt en kin dus maklik tekoartsjitte yn de melaninefoarming.

Melanine is mei slym it wichtichste yngrediïnt yn inketfiskinket.

Melanine moat net betize wurde mei melamine, in organyske baze en bestândiel fan keunstharsen. Betiizje it ek net mei melatonine, in hormoan dat by minsken yn de epifyse (pynappelklier) produsearre wurdt en ûnder oare ynfloed hat op it sliepritme.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy