Springe nei ynhâld

Miljonêr

Ut Wikipedy

In miljonêr (fan it Frânske millionnaire) is in generike oantsjutting foar immen dy't 1 miljoen ienheden besit fan in beskate muntienheid. Dêrby wurdt net inkeld kontant jild en jild op bankrekkens en yn oandielen en obligaasjes meirekkene, mar ek de wearde fan replik guod lykas auto's, keunst en antyk, en fan ûnreplik goed lykas huzen en oare gebouwen. As wurd giet 'miljonêr' úteinlik tebek op it Latyn. Yn it Romeinske Ryk waard in weinmenner of in gladiator dy't mear as tûzen (mille) oerwinnings behelle hie, in 'miljonêr' neamd.

Muntienheden ferskille yn wearde: foar de ynfiering fan 'e euro, doe't de Belgyske frank folle minder wurdich wie as de Nederlânske gûne, wie men yn Belgje sadwaande folle gauwer miljonêr as yn Nederlân. De Italjaanske lire wie noch wer folle minder wurdich. Sadwaande wurde miljonêrs yn hiel Jeropa tsjintwurdich oer it algemien yn euro's rekkene, ek yn lannen dêr't dat net de muntienheid is, en yn 'e rest fan 'e wrâld almeast yn Amerikaanske dollars. Immen dy't ferskate miljoenen besit, is in multymiljonêr, en immen dy't in miljard hat, wurdt in miljardêr neamd.

Yn Nederlân wennen yn 2014 173.000 miljonêrs. Sokken klûnteren gear yn saneamde miljonêrsgemeenten, lykas Blaricum, Bloemendaal, Laren, Rozendaal en benammen Wassenaar. Haren, yn Grinslân, wurdt wol "it Wassenaar fan it Noarden" neamd, en Vught, yn Noard-Brabân stiet bekend as "it Wassenaar fan it Suden". Yn Nederlân makken miljonêrs yn 2006 0,7% fan 'e befolking út. Guon lannen hawwe relatyf mear miljonêrs, lykas de Feriene Steaten (1%) en Switserlân (2,6%), wylst oare lannen folle mindere hawwe, lykas Brazylje (0,07%).

Neffens sifers út 2019 wenne doe 40% (oftewol 18,6 miljoen persoanen) fan alle miljonêrs fan 'e wrâld yn 'e Feriene Steaten, 10% (4,4 miljoen) yn 'e Folksrepublyk Sina, en 6% (3 miljoen) yn Japan. Nederlân folge mei 2% (832.000) op it alfde plak, efter it Feriene Keninkryk, Dútslân, Frankryk, Itaalje, Kanada, Austraalje en Spanje. Nei Nederlân folgen noch (oant plak 15 op 'e ranglist): Switserlân, Yndia, Súd-Koreä en Taiwan. De tsien stêden yn 'e wrâld dêr't de measte miljonêrs wenje, wiene yn 2018: Londen (357.000), New York (339.000), Tokio (280.000), Hongkong (251.000), Singapoer (239.000), San Francisco (220.000), Los Angeles (199.000), Chicago (150.000), Peking (149.000) en Sjanghai (146.000).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy