Springe nei ynhâld

Morava (rivier)

Ut Wikipedy
De Morava by Devínska Nová Ves

De Morava (Dútsk: March) is in rivier yn Midden-Jeropa. De boarne leit yn de Sudeten en de rivier mûnet nei 353 km út yn de Donau. De Morava streamt hast hielendal oer Tsjechyske grûn, in stikje is de grins mei Slowakije. Fan de mûning fan de Thaya (Tsjechysk: Dyje) ôf oan foarmet de rivier de grins tusken Eastenryk en Slowakije. It streamgebiet beslacht 26.580 km².

De boarne fan de Morava leit benoardwesten Sumperk en de mûning yn de Donau by Devín, bewesten Bratislava. Oan de ûnderrin leit it Marchfeld, de grutste leechflakte fan Eastenryk.

De wichtichste stêd oan de Morava is Olomouc. De rivier is de belangrykste fan Moraavje.

Hoewol't de Dútske namme March ferwize kinne soe nei Mark, "grins, swette" (sjoch Ingelsk march), is it wierskynliker dat de riviernamme ôflaat is fan it Proto-Yndo-Jeropeeske mori, 'wetters' (Latyn: mare). De namme waard it earst dokumintearre yn 892 as Maraha.

Troch de delling fan de rivier rûn in Barnstienrûte, in wichtige hannelswei tusken Noard- en Súd-Jeropa.


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy