Springe nei ynhâld

Nacht fan de Lange Messen

Ut Wikipedy
Kurt Daluege, Heinrich Himmler en Ernst Röhm yn 1933
Gregor Strasser, wie in loftse nazy
Kurt von Schleicher generaal yn de Reichswehr en Rykskânselier yn de Weimarrepublyk wie in anty-nazist
Viktor Lutze, dy't de lieding fan de SA oernaam nei de moard op Röhm
Hermann Göring hat ek in rol spile by de Nacht fan de Lange Messen

Yn de Nacht fan de Lange Messen (30 juny - 2 july 1934, yn Dútslân faak de Röhm-Putsch neamd, waard de hiele lieding fan de Sturmabteilung (SA), it partijleger fan de NSDAP fermoarde troch de Schutzstaffel (SS) fan Heinrich Himmler. Hitler en syn folgelingen woene harren eigen macht feiligje.
SA-lieder Ernst Röhm waard ombrocht, lykas leden fan de loftse kant fan de Nazypartij en harren foarman Gregor Strasser. Ek foaroansteande anty-nazys lykas de eardere Rykskânselier Kurt von Schleicher en Gustav von Kahr, dy't Hitler syn Bierkellerputsch yn 1923 ûnderdrukt hiene, waarden ombrocht.
Ek de Reichswehr, regearsleden dy't gjin nazy wiene, Rykspresidint Paul von Hindenburg en grutte Dútske yndustriëlen fûnen dat de SA beheind wurde moast.

Der wiene ferskate partijen dy't de SA it leafst fuort hawwe woene.

Hitler hie fan it begjin ôf oan al in skeel mei Röhm oer wa winliken de lieder fan de nasjonaalsosjalisten wie. Röhm seach de Nazypartij, de NSDAP as in politike takke fan de SA, dy't lykweardich, dochs net hegerop stie as de SA. Hitler en de partij seagen dêrfoaroer dat de SA de paramilitêre fleugel fan de partij wie en dat hja hearrich oan Hitler wêze moasten. Der wie al fan de tweintiger jierren ôf gauris spul tusken de NSDAP en SA, mar hja kamen der wol gau wer oerhinne. De oarspronklike opjefte fan de SA wie it yntimidearjen fan tsjinstanners en beskermjen fan NSDAP-leden. Nei de machtsoername fan 1933 wiene dy tsjinstanners útskeakele en hie Hitler harren wier net mear nedich. De SA hie 4 miljoen leden en wie sels grutter as de Reichswehr en hie mear leden as de NSDAP. De SA wie yn it besit fan wapenopslachplakken, dêr't de Reichswehr en de NSDAP neat fan ôf wisten. Hitler wist dat as er no net yngripe soe, dat Röhm de macht wolris oernimme koe oer de partij en dus ek oer Dútslân.

It Dútske leger, de Reichswehr, wie ek net wiis mei de SA en seach dêr in net winske konkurrint yn. Röhm wie fan doel en meitsje it partijleger it leger fan it lân. De legerlieding en ek Hitler, dy't de foarkar foar in leger mei disipline hie, wiene it der perfoarst net mei iens.

Oare nazylieders

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de NSDAP wie de konkurrinsje tusken de ûnderskate lieders grut. Sokken as Hermann Göring, Heinrich Himmler en Joseph Goebbels spilen yn op de tsjinsin fan Hitler op Röhm en de SA en hja woene konkurrint Röhm graach fuorthawwe. Himmler seach kâns de baas fan de Gestapo te wurden en Göring joech it him graach as tsjinwicht tsjin Röhm. Ek liet Himmler syn SS it smoarge wurk dwaan om sa by Hitler yn de geunst te kommen.

It grutte kapitaal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Röhm wie mei de SA in ferstjinwurdiger fan de sosjalistyske takke fan de Nazy-beweging. In soad SA-manlju hiene gjin wurk. Boppedat koene SA-manlju, sels nei't de NSDAP oan de macht kaam, slim wurk krije. Hja hiene gjin goede reputaasje en wurkjouwers woene harren dêrtroch net oannimme. Yn de SA wie der dus tsjinsin foar yndustriëlen, wylst Hitler gearwurkje woe mei manlju lykas Hjalmar Schacht, Fritz Thyssen en Gustav Krupp.

Röhm en de SA waarden te eigensinnich en te machtich en foarmen suver in gefaar foar de NSDAP. Hitler besocht harren macht te beheinen troch harren foech as helpplysje yn Prusen ôf te nimmen. Oan de oare kant moast er Röhm dochs earne temjitte komme. Hy joech him yn desimber 1933 in ministearje sûnder portefúlje. Röhm sette lykwols út ien dat dat it begjin wie fan in SA-ministearje dêr't skielk faaks it ministearje fan Kriich in part fan wurde soe.
Harren skeel begûn wer fierder, nei't Hitler sei dat de Reichswehr it iennichste leger wie, en dat foel net goed by de lieding fan de SA. Yn it SA-ledeblêd waard Röhm as de lieder sjoen en waard der amper oer Hitler sprutsen. Yn de simmer fan 1934 wiene de rapen gear. De SA foel sels kantoaren fan de NSDAP en SS oan.
Nei oanlieding fan in net trochtochte útspraak fan Röhm, waard hastich nei in reden socht en fier de suvering út. Der waard nei bewiis socht en optocht dat der sadwaande in reden wie foar de maatregels. Hja betochten dat Röhm mei de Frânske ambassadeur André François-Poncet een steatsgreep tsjin Hitler oan it tarieden wiene. Ek Kurt von Schleicher en Gustav von Kahr soene dêr belutsen by wêze, hoewol't hja net iens lid fan de NSDAP of SA wiene. De top fan de SA soe ek belutsen wêze en soene op in gearkomste op 30 juny 1934 de plannen foar de steatsgreep útwurkje. In útkomst wie dat alle toplju fan de SA al byïnoar komme soene, wylst de efterban mei ferlof of op fakânsje wiene.

In tal SA leden waarden op in gearkomste yn in hotel yn Beieren oppakt, mar Röhm waard fan bêd helle, lykas Edmund Heines (Röhm syn twadde man), dy't betrape waard op bêd mei in 18-jierrige jonge fan de Hitler-Jongerein. Ek Röhm wie homoseksueel en dat waard ien fan Hitler syn beskuldigings. Hitler wist al earder dat er homo wie en hie der nea in probleem fan makke. Reinhard Heydrich hie falske bewizen optocht om Röhm op te setten. By de bestoarming fan it hotel soe Hitler sels ek oanwêzich west hawwe. Röhm en de oaren waarden nei in finzenis brocht en dêr opsletten foar it wykein. Nei in skoftke drúskjen joech Hitler op 2 july 1934 de SS de opdracht Röhm in revolver te jaan mei de hoop dat er himsels tekoart dwaan soe. Röhm sei tsjin harren: As Adolf my dea hawwe wol, dan moat er my sels mar delsjitte. Dêrnei krongen SS'ers syn sel yn en skeaten him dea. De oaren dy't oppakt wiene, wiene njonkelytsen ek deasketten. In soad oare SA-manlju dy't oppakt wiene, wisten net wat der geande wie en tochten dat hja it slachtoffer fan in kommunistyske steatsgreep wiene. Nettsjinsteande dit barren de namme "nacht" hat, duorre it barren in lang wykein fan 30 juny oant de dea fan Röhm op 2 july.

De SA waard sa suvere dat er mei sa'n 40 prosint fermindere waard. De rest ûnthiet trou oan Hitler en stie fan dat stuit ôf ûnder lieding fan Viktor Lutze. De SS naam de paramilitêre opjeften fan de SA oer. It barren hat offisjeel oan 85 minsken it libben koste. Der binne oare boarnen dy't sizze dat der 150-200 minsken omkamen.
De lieding fan de Reichswehr tocht no in konkurrint útskeakele te hawwen en Hitler yn syn stringen te hawwen. Hitler hie lykwols it leger yn de stringen en hy twong de eigensinnige legertop ta hearrigens. Nei de Blomberg-Fritschaffêre yn 1938 waarden de lêste eigensinnigen út de Generale Staf setten en waarden ferfongen troch generaals lykas Alfred Jodl en Wilhelm Keitel, dy't gjin fragen stelden mar hearrich bleaune. Nei it ferstjerren fan Von Hindenburg moast it leger trou ûnthjitte oan de Führer.

Guon slachtoffers fan «De Nacht fan de Lange Messen» 30 juny-2 july 1934
Ernst Röhm (1887–1934),
lieder fan de SA 1931–1934

Gregor Strasser (1892–1934),
lieder fan de NSDAP oant 1925, oprjochter fan de Berlynske SA.

Kurt von Schleicher (1882-1934),
generaal yn de Reichswehr en Rykskânselier yn de Weimarrepublyk

Erich Klausener (1885–1934),
jurist, katolyk politikus en antynazist
Edgar Jung (1894–1934),
abbekaat en skriuwer fan de "Marburg-taspraak" fan Franz von Papen.

Ferdinand von Bredow (1884–1934),
generaalmajoar en meiwurker fan Kurt von Schleicher

Karl Ernst (1904–1934),
Gruppenführer yn de SA
.
Edmund Heines, Gruppenführer en Röhm syn twadde man yn de SA
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy