Springe nei ynhâld

Nea Moni

Ut Wikipedy
Nea Moni
Νέα Μονή
Lokaasje
lân flagge fan Grikelân Grikelân
plak Gios-Karies
koördinaten 38° 22' N 26° 3' E
Kleastergegevens
denominaasje Gryksk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1042
patroanhillige Marije-Himelfeart
Ynformaasje bou
boujier 1042–1056
Webside
inathos.gr
Kaart
Nea Moni (Grikelân)
Nea Moni

Nea Moni (Gryksk: Néa Moní, Νέα Μονή, Nij Kleaster) is de namme fan in otterdoks kleaster op it eilân Gios, Grikelân. Mei de kleasters Dafny by Atene en it kleaster Hosios Lukas by Delfy is it yn Grikelân ien fan 'e wichtichste byzantynske kleasters út de 11e iuw. Benammen de mozaïken hawwe it kleaster ferneamd makke. Yn 1990 waarden de trije kleasters meiïnoar as wrâlderfgoed by UNESCO ynskreaun. It kleaster is wijd oan 'e Himelfeart fan Marije.

It kleaster leit yn in mei sipressen beboske delling op likernôch 15 kilometer west fan Gios-stêd tusken de plakken Karies en Avgonima.

Neffens de leginde stie der op it plak fan it kleaster earder in lyts tsjerkje, dat troch trije muontsen boud wie. Ear't it tsjerkje boud waard wie der op it plak in ikoan fan 'e Hillige Jongfaam Marije yn in strûk fûn. It kleaster waard yn 1042 troch de lettere Byzantynske keizer Konstantyn IX Monomachos en syn frou, keizerin Zoë, stifte. De keizer hie op Lesbos ûnthjitten dat, as er keizer waard, op it plak fan 'e fynst fan 'e ikoan in kleaster bouwe litte soe. Troch syn houlik mei keizerin Zoë slagge Konstantyn dêr yn.

Nea Moni, Gios, slachtoffers fan 'e Turkske ynfal 1822.

Iuwenlang bleau it kleaster it wichtichste religieuze sintrum op it eilân. Op it stuit doe't it Byzantynske Ryk foel wie it kleaster op it hichtepunt fan 'e macht. De ynfloed en it oansjen fan it kleaster bleau noch oant 1822 sa. Yn dat tragyske jier foelen de Turken it eilân binnen om, fanwegen de mislearre opstân fan 'e Griken, wraak te nimmen op 'e befolking fan Gios. In soad ynwenners fan it eilân sochten beskerming efter de muorren fan it kleaster, mar de measten fan harren waarden fermoarde, lykas ek de 600 muontsen. De slachtoffers waarden yn 'e Kapel fan it Hillich Krús njonken de tagongspoarte fan it kleaster byset. It kleaster waard nei de moardpartijen troch de Turken yn brân stutsen en plondere.

Under abt Gregorios Foteinos waard de katolikon restaurearre. Mar in 1881 stoarten de koepel fan 'e tsjerke en de klokketoer yn nei in ierdskodding. Yn 1900 fûn de rekonstruksje fan 'e koepel plak en yn 'e jierren 1960 waarden de mozaïken restaurearre.

Yn in kleastergebou mei twa ferdjippingen noardwestlike fan 'e katolikon is op de boppeferdjipping in kleastermuseum ûnderbrocht. Fanwegen de Turkske plondering en de moardnerij yn 1822 is it in lytse útstalling en datearje de measten saken fan nei dy tiid.[1]

It kleasterkompleks bestiet út in haadtsjerke (de katolikon), twa lytsere tsjerken, in refektoarium, de kleastersellen en in heal ûnderierdske systerne. Oan 'e noardwestlike kant fan it kleaster is in bastion oanlein, dy't in part fan 'e ferdigingsmuorre (de Byzantynske muorre waard yn 1822 ferneatige) om it hiele kompleks hinne foarmet. De klokketoer waard yn 1900 boud en ferfong de âldere toer út 1512. Bûten de muorren is in tsjerkhôf foar de muonsten mei in lytse, oan Sint-Lukas wijde, kapel.

De op acht pylders rêstende katolikon is in fariaasje op it yn 'e 10e iuw opkommen Byzantynske tsjerketype fan 'e krúskoepeltsjerke. Oarspronklik leine de reliken fan 'e trije stifters fan it kleaster yn 'e eksonarteks, mar by de plondering yn 1822 waarden se ferneatige.

Fan 'e mozaïken fan e katolikon hearre ín pear ta de wichtichste fan it middenbyzantynske tiidrek. Yn 'e koepel wurde û.o. foarstellings fan Pantokrator, sêne's út it libben fan Kristus en de aartsingels Michael en Gabriel wjerjûn.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Nea Moni


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy