Springe nei ynhâld

Nia Vardalos

Ut Wikipedy
Nia Vardalos
akteur
Nia Vardalos yn 2011.
Nia Vardalos yn 2011.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Antonia Eugenia Vardalos
nasjonaliteit Kanadeesk
Amerikaansk
berne 24 septimber 1962
berteplak Winnipeg (Manitoba)
etnisiteit Gryksk
jierren aktyf 1996 – no
offisjele webside
Nia Vardalos op Twitter

Nia Vardalos (folút: Antonia Eugenia Vardalos, Gryksk: Αντωνία Ευγενία Βαρντάλου; Winnipeg, 24 septimber 1962) is in Kanadeesk-Amerikaansk aktrise, senarioskriuwster, regisseur en tillefyzjeprodusinte fan etnysk Gryksk komôf. Hja krige yn 2002 wrâldwiid bekendheid troch it ûnbidige súkses fan har film My Big Fat Greek Wedding. Neitiid spile se yn ferskate tillefyzjesearjes en yn minder súksesfolle films, lykas I Hate Valentine's Day, My Life in Ruins en My Big Fat Greek Wedding 2.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vardalos waard yn 1962 berne yn Winnipeg, de haadstêd fan 'e Kanadeeske provinsje Manitoba, as de dochter fan etnysk Grykske âlden. Har heit, Constantine "Gus" Vardalos, wie in lânskipsarsjitekt dy't sels te wrâld kommen wie yn it Grykske Kalavryta. Har mem, Doreen Christakos, wie boekhâldster en húsfrou. Vardalos genoat fuortset ûnderwiis oan 'e Shaftesbury High School yn Winnipeg en studearre neitiid oan 'e Ryerson Universiteit yn Toronto.

Vardalos begûn har karriêre as aktrise op it toaniel. Sa spile se û.m. by it toanielselskip The Second City, út Chicago, dat him talei op 'e opfiering fan komyske revu's. Vardalos spile yn en skreau sketches foar mear as tsien fan dy revu's. Dêrmei wûn se de Joseph Jefferson Award foar bêste aktrise fan Chicago. Fan 1996 ôf spile Vardalos ek yn tillefyzjesearjes en films. Sa hie se gastrollen yn komeedzjesearjes as The Drew Carey Show en Two Giys and a Girl. Yn 1996 wie se dêrnjonken as stimaktrise belutsen by de opfiering fan in harkspul op basis fan 'e film Star Wars Episode VI: Return of the Jedi, yn in bewurking fan Brian Daley foar NPR.

Yn 1997 brocht Vardalos yn Los Angeles in ienmanstoanielstik op 'e planken oer har eigen Grykske famylje en har ûnderfinings doe't se mei in net-Grykske man troude (akteur Ian Gomez). It toanielstik wie populêr en hast alle foarstellings wiene útferkocht, wat benammen te tankjen wie oan Vardalos har strategy om der reklame foar te meitsjen yn 'e Gryksk-otterdokse tsjerken yn Los Angeles. In stikmannich filmprodusinten en oare heechpleatste persoanen út 'e filmyndustry fan Hollywood seach it stik ek, ûnder wa aktrise Rita Wilson, dy't sels fan Gryksk komôf is. Hja beprate har man, de ferneamde akteur Tom Hanks, om der ek hinne te gean. Playtone, de filmstudio fan Hanks, produsearre neitiid in film op basis fan it toanielstik, nei in senario fan Vardalos en mei harsels en John Corbett yn 'e haadrollen. Dat wie My Big Fat Greek Wedding, dy't yn 2002 yn 'e bioskopen kaam en in reuseftich súkses waard dat Vardalos wrâldwiid bekendheid skonk. Hja wûn foar har aktearjen in Independent Spirit Award en waard nominearre foar in Oscar (foar bêste senario), in Golden Globe (foar bêste aktrise) en twa Satellite Awards (foar bêste aktrise en bêste senario).

Nia Vardalos yn april 2004 yn Los Angeles by de premiêre fan Connie and Carla.

Op 'e wjukken fan har súkses presintearre Vardalos yn 'e hjerst fan 2002 op 'e Amerikaanske tillefyzje in ôflevering fan 'e ferneamde sketchshow Saturday Night Live. Der kaam ek in tillefyzjesearje op basis fan 'e film, mei as titel My Big Fat Greek Life, mar dy wie mar in koart libben beskern. De folgjende film fan Vardalos, dy't yn 2004 útkaam, wie Connie and Carla, in musical oer twa froulju dy't harren foardogge as travestiten. Har debút as regisseur makke Vardalos yn 2009 mei de ûnôfhinklike film I Hate Valentine's Day, oer in blommiste dy't twongen wurdt har selsopleine regels oangeande de leafde op 'e nij te besjen. Datselde jiers kaam der noch in film fan Vardalos út, My Life in Ruins, wêryn't se in Amerikaanske reisliedster yn Grikelân spilet dy't gelok yn 'e leafde en it libben fynt. Yn dy film wie ien fan har tsjinspilers Oscarwinner Richard Dreyfuss. It wie de earste Amerikaanske produksje dy't tastimming krige om by de Akropolis yn Atene te filmjen.

Yn 2011 wurke Vardalos gear mei Tom Hanks by it skriuwen fan 'e romantyske komeedzje Larry Crowne. Se liende har stim yn 'e film ek oan it personaazje Map Genie. Yn 'e jierren dêrnei spile Vardalos yn films as For a Good Time, Call… (2012), An American Girl: McKenna Shoots for the Stars (2012), Dealin' with Idiots (2013) en Helicopter Mom (2014). Ek hie se gastrollen yn 'e sikehûssearje Grey's Anatomy, de plysjesearje Law & Order: Special Victim's Unit en de komeedzjedramasearje Jane the Virgin. Fan 2015 oant 2019 spile se fierders as stimaktrise de rol fan Angie Diaz yn 'e tekenfilmsearje Star vs. the Forces of Evil. Ek presintearre se mei har man Ian Gomez twa bakwedstriden foar it tillefyzjenetwurk ABC: yn 2015 The Great Holiday Baking Show en yn 2016 en 2017 The Great American Baking Show.

Vardalos adaptearre it boek Tiny Beautiful Things fan Cheryl Strayed yn 2016 ta in toanielstik, dat ûnder rezjy fan Thomas Kail op Broadway op 'e planken brocht waard en treflike resinsjes krige. Datselde jiers kaam ek it langferwachte ferfolch op Vardalos har grutte súkses út: de film My Big Fat Greek Wedding 2. Dêryn wie sechstjin jier nei de earste film de hiele oarspronklike cast wer fan 'e partij. De film mocht der wêze, mar die it by lange nei net sa goed as it orizjineel. Yn 2018 hie Vardalos in gastrol yn in ôflevering fan 'e searje Crazy Ex-Girlfriend. Yn 2019 spile se yn 'e tillefyzjefilm Same Time, Next Christmas. Se fertolke yn 2020 de rol fan 'e fergiftichster Stacey Castor yn 'e tillefyzjefilm Poisoned Love: The Stacey Castor Story.

Vardalos troude yn septimber 1993 mei de Amerikaanske akteur Ian Gomez. Dêrtroch krige se njonken har eigen Kanadeeske steatsboargerskip ek de Amerikaanske nasjonaliteit. Sy en har man adoptearren yn 2009 in dochter. Dêroer skreau Vardalos in boek, Instant Mom, dat yn 'e bestsellerlist fan The New York Times kaam. De opbringst skonk se oan it goede doel. Vardalos naam yn har boek ek praktyske ynformaasje op, en sosjaal wurkers yn 'e Feriene Steaten rûsden oan 'e ein fan 'e 2010-er jierren dat dêrtroch 1.700 bern adopsje-âlden fûn hiene. Yn juny 2017 giene Vardalos en Gomez útinoar yn in skieding fan tafel en bêd om't harren leafde belune wie ta freonskip. Op 3 july 2018 fregen se nei in houlik fan 23 jier in formele skieding oan.

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1996 No Experience Necessary Sheila
1997 Men Seeking Women Iris
1999 Meet Prince Charming Jennifer
2002 My Big Fat Greek Wedding Toula Portokalos ek senarioskriuwster
as aktrise:
- Independent Spirit Award foar bêste debútoptreden
- nom. foar de Golden Globe foar bêste aktrise yn in komeedzje of musical
- nom. foar de Screen Actors Guild Award foar treflike prestaasje fan in cast yn in film
- nom. foar de Satellite Award foar bêste aktrise yn in komeedzje of musical
- nom. foar de MTV Movie Award foar froulike trochbraakrol
as senarioskriuwster:
- American Screenwriters Association Discover Screenwriting Award
- nom. foar de Oscar foar bêste orizjinele senario
- nom. foar de Satellite Award foar bêste adaptearre senario
- nom. foar de Writers Guild of America Award foar bêste orizjinele senario
2004 Connie and Carla Connie ek senarioskriuwster
2006 Greece: Secrets of the Past n.f.t. voice-over by in dokumintêre
2009 I Hate Valentine's Day Genevieve Gernier ek senarioskriuwster en regisseur
2009 My Life in Ruins Georgia Yanokoupolis ek senarioskriuwster (mei Mike Reiss)
2011 Larry Crowne Map Genie as stimaktrise; ek senarioskriuwster (mei Tom Hanks)
2012 An American Girl: McKenna Shoots for the Stars frou Brooks
2012 For a Good Time, Call… Rachel Rodman
2013 Dealin' with Idiots Ava Morris
2014 Helicopter Mom Maggie
2015 Car Dogs Sharon
2016 My Big Fat Greek Wedding 2 Toula Porotkalos ek senarioskriuwster
2018 Charming Nemeny Neverwish as stimaktrise
2019 Wonder Woman: Bloodlines Julia Kapatelis as stimaktrise
tillefyzje
1996 High Incident ôfl. Father Knows Best; net fermeld op ôftiteling
1996 Common Law ôfl. In the Matter of, Acceptance; net fermeld op ôftiteling
1997 The Drew Carey Show Grace Almada ôfl. Strange Bedfellows
1997–1998 Team Knight Rider Domino as stimaktrise; 22 ôfl.
1998–1999 Boy Meets World frou Gallagher 2 ôfl.; net fermeld op ôftiteling
1999 It's Like, You Know… Mindy ôfl. Memories of Me
1999 Two Guys and a Girl Evelyn ôfl. Career Day
2000 Curb Your Enthusiasm abbekate fan Larry ôfl. Interior Decorator'
2002 Saturday Night Live n.f.t. presintatrise; ôfl. Nia Vardalos/Eve
2003 My Big Fat Greek Life Toula Portokalos 7 ôfl.; ek senarioskriuwster en útfierend produsinte
2008 My Boys Jo 3 ôfl.
2009 Drop Dead Diva Lisa Shane ôfl. What If?
2010 The Good Guys Eileen pilotôflevering
2011 Cougar Town Angela Torres ôfl. Damaged by Love
2012 Grey's Anatomy Karen ôfl. Hope for the Hopeless
2013–2014 Law & Order: Special Victims Unit abbekate Minonna Efron 3 ôfl.
2015 Marry Me Pam ôfl. Mom Me
2015–2019 Star vs. the Forces of Evil Angie Diaz as stimaktrise; 10 ôfl.
2015 Jane the Virgin Barbara Stanbrook ôfl. Chapter Nineteen
2015 The Great Holiday Baking Show n.f.t. presintatrise fan in bakwedstryd (mei Ian Gomez)
2016 The Catch Leah Wells 3 ôfl.
2016 Graves Annie Spiro 7 ôfl.
2016–2017 The Great American Baking Show n.f.t. presintatrise fan in bakwedstryd (mei Ian Gomez)
2017 Dr. Ken Tiffany ôfl. Ken's Big Audition
2018 DuckTales Selene as stimaktrise; 4 ôfl.
2018 Crazy Ex-Girlfriend Wendy Legrand ôfl. I'm On My Own Path
2019 Same Time, Next Christmas Faye Anderson tillefyzjefilm
2020 Poisoned Love: The Stacey Castor Story Stacey Castor tillefyzjefilm

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy