Springe nei ynhâld

Provinsjes fan Nederlân

Ut Wikipedy
Polityk yn Nederlân
Wapen fan Nederlân
Statút foar it Keninkryk fan de Nederlannen
Nederlânske Grûnwet
Regear
Steatshaad (Willem-Alexander)
Kabinet
Minister-presidint (Mark Rutte)
Ministers en steatssekretarissen
Hege Kolleezjes fan Steat
Earste Keamer
Twadde Keamer
Ried fan Steat
Algemiene Rekkenkeamer
Nasjonale ombudsman
Desintrale oerheden
Provinsjes
Provinsjale Steaten
Deputearre Steaten
Kommissaris fan de Kening
Gemeenten
Wetterskippen

De Nederlânske provinsjes foarmje de regionale bestjoerslaach tusken de ryksoerheid en de gemeenten. It Jeropeeske part fan Nederlân bestiet út tolve provinsjes dy't allegear har eigen folksfertsjintwurdiging en bestjoer hawwe. De provinsjes binne ûnderferparte yn 342 gemeenten. De provinsjes hawwe beskaat foech en taken lykas romtlike oardering, miljeubeskerming en kultuer. Dêrnjonken hâlde se tafersjoch op gemeenten en spylje se op in soad mêden in koördinearjende rol yn gearwurkjen mei gemeenten, oare ynstânsjes en partikuliere ynstânsjes. Op Jeropeesk nivo foarmje de provinsjes de Nederlânske NUTS 2-gebieten.

De provinsjes fan Nederlân binne oansletten by it Ynterprovinsjaal Oerlis (IPO). Dy organisaasje komt op foar de belangen fan de provinsjes by de nasjonale oerheid yn De Haach.

links

De provinsje mei de grutste befolking is Súd-Hollân, mei in befolking fan goed 3,8 miljoen en is mei in befolkingstichtens fan 1410 ynwenenrs/km² ek it meast ticht befolke. Seelân is mei goed 391.000 ynwenners de provinsje mei de minste ynwenners, wylst Drinte mei 191 ynwenners/km² de tinst befolke provinsje is. Neffens oerflak is Fryslân de grutste provinsje mei in totaal oerflak fan 5.753 km², wylst Gelderlân mei in oerflak fan 4.960 km² de grutste provinsje neffens lânoerflak is. De provinsje Utert is de lytste mei in totaaloerflak fan 1.560 km², wylst Flevolân neffens lânoerflak mei 1.410 km² de lytste is. Der wiene yn 2018 likernôch 10.000 minsken oan 't wurk by provinsjale oerheden.[1]

List fan provinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Flagge Provinsje Haadstêd Ynwenners
(1 jannewaris 2024)
% Totaal km² Totaal km²
lân
Totaal km²
wetter
Ynwenners/
km² lân
Gemeenten
(sûnt 2023)
Drinte Assen 504.116 2,8 2680 2633 48 191 12
Flevolân Lelystêd 450.920 2,5 2412 1410 1002 315 6
Fryslân Ljouwert 661.956 3,7 5753 3340 2413 197 18
Gelderlân Arnhim 2.149.057 12,0 5136 4960 176 430 51
Grinslân Grins 601.510 3,3 2955 2316 639 257 10
Limboarch Maastricht 1.133.174 6,3 2210 2145 65 526 31
Noard-Brabân De Bosk 2.644.872 14,7 5082 4902 181 536 56
Noard-Hollân Haarlim 2.980.494 16,6 4092 2663 1429 1109 44
Oerisel Swol 1.189.079 6,6 3421 3317 104 357 25
Seelân Middelburch 391.657 2,2 2933 1780 1154 220 13
Súd-Hollân De Haach 3.840.662 21,4 3308 2698 609 1410 50
Utert Utert 1.400.187 7,8 1560 1484 76 935 26
Nederlân Amsterdam 17.947.684 100 41543 33647 7896 529 342

De skiednis fan de measte Nederlânske provinsjes giet werom nei de lette midsiuwen doe't se, lykas de provinsjes fan Belgje, sa goed as selsstannige greefskippen, hartochdommen en oare foarstedommen wiene. Allinnich yn it noarden fan Nederlân foel it gebiet ûnder de Fryske Frijheid, dêr't gjin lânshear de macht útoefene. Yn 'e rin fan de 15e en 16e iuw kamen de measte fan dy gebieten fan it hjoeddeistige Nederlân en Belgje yn hannen fan de hartoggen fan Boergonje en letter de Habsburgers, dy't de ferskate foarstedommen ferienen yn in personele uny. De nije hearskers fierden in sintralisaasjepolityk út dêr't de foarstedommen in soad fan harren selsstannigens by kwytrekken. In part fan de Fryske lannen kamen ek yn hannen fan de Habsburgers en stften de hearlikheden Fryslân en Stêd en Lân. Al dy gewesten ûnder fan de Habsburchske Nederlannen foarmen yn 1549 de Santjin Provinsjes.

By de Nederlânske Opstân foarmen yn 1579 in tal noardlike provinsjes, dy't oergien wiene op 'e Reformaasje de gearwurkingsferbân fan de Uny fan Utert. Yn 1581 swarden guon fan dy gewesten harren hear, de Spaankse kening Filips II, ôf mei it Plakkaat van Verlatinghe (Akte fan Ofswarring). Dat wurdt ornaris sjoen as it begjin fan Nederlân as in selsstannich lân. Nei't yn 1588 inkelde kearen besocht waarden en beneam in nije lânshear, mislearren giene de gewesten dêr't de opstân sukses hie, fierder as de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Dat wie in konfederaasje dêr't de gewesten in grutte mjitte fan selsstannigens yn hiene. Op mêd fan definsje en bûtenlânske saken wurken se mei-inoar, mar oars regelen se harren eigen saken sels. Oars as by de measte provinsjes yn it ferline en hjoed-de-dei, steane de "provinsjes" yn it ferbân fan de Republyk net ûnder in oare oerheidslaach.

De nije Republyk bestie út 'e sân gewesten Hollân, Seelân, Utert, Fryslân, Gelre, Stêd en Lân en Oerisel. Yn de snuorje fan 'e opstân oermastere de Republyk parten fan Flaanderen, Brabân en Limboarch dy't Generaliteitslannen neamd waarden en streekrjocht troch de Steaten-Generaal bestjoerd waarden: Steatsk-Flaanderen, itjinge oerienkomt mei it hjoeddeistige Siuwsk-Flaanderen, Steatsk-Brabân, itjinge oerienkomt mei de hjoeddeistige provinsje Noard-Brabân, en Steatsk-Oermaas, it hjoeddeistige noarden fan Limboarch. It achtste gewest, Drinte, bestjoerde himsels, mar wie net yn 'e Steaten-Generaal fertsjintwurdige.

Yn 1648, mei de ein fan 'e opstân waard de Republyk as in selsstannige naasje erkend troch Spanje en it Hillige Roomske Ryk, dêr't er oant doe noch formeel ûnder foel.

Mei de Bataafske Revolúsje yn 1795 sette in nij proses fan sintralisaasje útein. De gewesten waarden sels opheft en omfoarme ta departeminten nei Frânsk model. Op 1 jannewaris 1796 waarden Drinte en Steatsk-Brabân (omneamd ta Bataafsk Brabân) de achtste en njoggende provinsjes. Steatsk-Flaanderen en Steatsk-Oermaas waarden part fan Frankryk, dy't de Súdlike Nederlannen ûnderwilens anneksearre hie.

Yn de tiid fan de Bataafske Republyk waard Nederlân fan 1798 oant 1801 yngeand feroare en reorgainsearre ta acht depareminten, dy't hast allegear nij rivieren neamd waarden, nei foarbyld fan Frankyk. Dat moast tefoaren komme dat de âlde provinsjes harren autonomy werom hawwe woene.

Nei trije jier, nei in steatsgreep, waarden de grinzen fan de âlde gewesten fannijs ynfierd, dochs net harren autonome status. Hja bleaune departeminten en Drinte waard oan Oerisel tafoege. Yn 1806 waard de Bataafske Republyk troch it Keninkryk Hollân ferfongen. It eardere gewest Hollân waard foar it earst spjalte mei it departemint Amstellân yn it noarden en it departemint Maaslân yn it suden. Yn 1807 waard East-Fryslân as departemint tafoege en Drinte waard wer fan Oerisel ôfspjalte, dêr't der doe 11 departeminten by wiene.

Doe't Nederlân yn 1810 alhiel by Frankryk foege waard, bleaune de grinzen fan de departeminten hast itselde, guon waarden byinoar foege, mar de nammen waarden feroare, benammen wer nei rivieren, mar oars as by de Bataafske Republyk.

Nijmoderne tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Frânske tiid waarden yn 1815 de Noardlike en Súdlike Nederlannen gearfoege ta it Feriene Keninkryk fan 'e Nederlannen. De nije ienheidsteat waard ferparte yn santjin provinsjes, dochs krigen de provinsjes harren âlde autonomy net werom. Ek it ferskil yn status tusken de provinsjes ferdwûn. Drinte en Steats-Brabân, dat no Noard-Brabân hiet, waarden lyksteld mei de oare provinsjes. De oare eardere genearliteitslannen waarden gearfoege mei oare gebieten. Steats-Flaanderen kaam by Seelân en Steats-Oermaas kaam by de nije provinsje Limboarch. Yn 'e Súdliek Nederlannen hongen de grinzen fan de measte provinsjes aardich gear mei de fan d eeardere Frânske departeminten dêre.

Nei de Belgyske Revolúsje yn 1830 skaten de Súdnederlânske provinsjes harren fan it noarden ôf. By it erkennen fan de Belgyske ûnôfhinklikens yn 1839 krige Nederlân it eastlike part fan Limboarch yn ruil foar it westlike part fan it Gruthartochdom Lúksemboarch dat by Belgje bleau. De Nederlânske provinsje Limboarch krige dêrby ynearsten in aparte status. It wie nammers tagelyk as Hartochdom Limboarch ek lid fan de Dútske Bûn. Nei't dy status aparte opheft waard, bleau it provinsjaal bestjoer de titel "Hartochdom" noch fjirtich jier brûken. Ek út dy tiid komt de titel "gûverneur", dêr't yn Limboarch de Kommissaris fan de Kening noch altyd neamd wurdt.

Yn 1840 waard de provinsje Hollân yn twa provinsjes spjlate: Noard-Hollân en Súd-Hollân. Dêrmei waard dy skieding formalisearre dy't al sûnt de Frânske tiid bestien hie, dêr't de provinsje Hollân twa bestjoersintrums by hie.

De provinsje Flevolân ûntstie op 1 jannewaris 1986 út 'e Iselmarpolders.

Yn 1997 waard de offisjele namme fan Fryslân de Frysktalige namme, dy't it Nederlânsktalige Friesland ferfong.

Provinsje /gewest Sûnt Fuortkommen út Oare namen Uny fan Utert
1579
Plakkaat fan Ofswarring
1581
Sân gewesten
Utert 1581 Hearlikheid Utert Suderseedepartemint 1579 1581 1*
Noard-Hollân (1581) / 1840 ( Greefskip Hollân) / Hollân Amstellân, Suderseedepartemint 1579 1581 2*
Súd-Hollân (1581) / 1840 ( Greefskip Hollân) / Hollân Maaslân, Mûnings fan de Maas 1579 1581 2*
Seelân 1581 Greefskip Seelân Mûnings fan de Skelde 1579 1581 3*, Generaliteitslannen
Gelderlân 1581 Hartochdom Gelre en

Greefskip Sutfen

Boppe-Isel 1579 1581 4*
Fryslân 1581 Hearlikheid Fryslân - 1579 1581 5*
Oerisel 1588 Hearlikheid Oerisel Mûnings fan de Isel - 1588 6
Grinslân 1594 Stêd en Lân Westeriems 1579 1594 7
Drinte (1588) Lânskip Drinte Westeriems - 1588 (8)
Noard-Brabân 1648 / (1795) Hartochdom Brabân Steatsk-Brabân, Bataafsk-Brabân, Brabân, Twa Neten, Mûnings fan de Ryn - (1581) Generaliteitslannen
Limboarch 1815 / 1866 Leechmaas

Hartochdom Limboarch

Part Steatsk-Oermaas en Steatsk-Boppe-Gelre - - (Generaliteitslannen)
Flevolân 1984 Sudersee, Urk en Skoklân (Oerisel) - - - -

*: De earste fiif gewesten dy't ta de Uny fan Utert yn 1579 oansleaten.

Provinsjale steaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Provinsjale Steaten.

Provinsjale Steaten foarmje it algemien bestjoer fan de provinsje en steane dus oan it haad. De leden fan de Provinsjale Steaten wurde ienris yn de fjouwer jier keazen en hearre allegear ta politike partijen. It tal leden ferskille de provinsje en binne ôfhinklik fan de grutte fan it ynwennertal fan de provinsje. De Steateleden dy't ta ien partj hearre foarmje in fraksje. Steateleden dy't harren fraksje ferlitte kinne ûnder harren eigen namme of dy fan in nije partij part fan de Provinsjale Steaten bliuwe. Alle fraksjes kieze harren eigen foarsitter, dy't de lieding oan de fraksje jout en foargiet as harren wichtichste wurdfierder. Alle fraksjefoarsitters komme byinoar yn it saneamde "senioarekonvint", lykas der bygelyks gefoelige politike saken besprutsen wurde moatte yn in fertroulike omkriten. Yn d efraksje sels wurdt it wurk ferparte, dêr't net elts Steatelid oeral like folle ferstân troch hoecht te hawwen. Sa binne der foar elts beliedsmêd ien as mear spesjalisten yn de fraksje. De spesjalisten sitte út namme fan harren partij yn de fêste kommisjes fan de Provinsjale Steaten. Alle Steatefraksjes hawwe almeast de stipe fan ien fan harren fraksje-assistinten. De belangen fan de Steaten as ien hiel wurde troch de Steategriffier behertige.

De wichtichste taken fan Provinsjale Steaten binne it fêststellen fan it belied en it tafersjoch op it útfieren dêrfan. Yn Provinsjele Steaeten hawwe alle Steateleden in like swiere stim. Besluten wurde mei in mearderheid fan de oanwêzige Steateleden oannommen. Steateleden hawwe almeast in fêste baan en dogge it Steatewurk yn harren frije tiid. Hja krije foar harren wurk in ûnkostefergoeding.

Deputearre Steaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Deputearre Steaten.

It kolleezje fan Deputearre Steaten foarmet it deistich bestjoer fan de provinsje. De deputearren wurde troch de Provinsjale Steaten foar in tiidrek fan fjouwer jier keazen. Hja stappe tagelyk op as de leden fan de Provinsjale Steaten. Sûnt maart 2003 binne de deputearren net mear lid fand e Provinsjale Steaten. It tal deputearren fariearret de provinsje. Yn Flevolân binne der fjouwer, de measte oare provinsjes hawwe der seis of sân. De foarsitter fan it kolleezje fan Deputearre Steaten is de Kommissaris fan de Kening. Yn it kolleezje hawwe alle deputearren syn eigen taakmêd of portefúlje, lykas romtlike oardering, ferkear en ferfier, natoer en miljeu, wolwêzen en kultuer. Deputearren hawwe as wichtichste mêd it tarieden en útfieren fan besluten fan Provinsjale Steaten. Deputearre Steaten fiere in grut tal regelings fan de Ryksoerheid út, de saneamde meibewâldstaak. Dêrnjonken hawwe se in koördinearjende en planjende funksje en taken as it tafersjoch op de gemeentebestjoeren. De deputearren binne ferplichte oer alle ûnderdielen fan harren belied ynljochtingen oan Provinsjale Steaten te jaan. Dat is d esanemade ferantwurdings- of ynformaasjeplicht. De deputearren kinne ynformaasje oan Provinsjale Steaten ûntkeare, as it frijjaan dêrfan yn striid is mei it iepenbier belang. As in deputearre de frege ynformaasje net jaan wol wylst it iepenbier belang net yn gefaar is, dan kinne Provinsjale Steaten him of har dien jaan. In deputearre kin sels ek yn syn tiid ûntslach nimme. It plak dat dêrtroch iepen falt kin dan oer it algemien opfolle wurde troch in oar Steatelid fan deselde politike partij.

Kommissaris fan de Kening

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Kommissaris fan de Kening.

In kommissaris fan de Kening wurdt net keazen troch de ynwenners fan de provinsje, mar wurdt troch de Kroan (Kening en ministers) beneamd. It beneamen jildt foar in tiidrek fan seis jier, mei de mooglikheid ta werbeneamen. De kommissaris kin allinnich troch de Kroan dien krije. By it ferfoljen fan in fakatuere foar in kommissaris jouwe Provinsjale Steaten oand eminister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes yn in profylskets harren winskjen foar de nije kommissrais. Alle kommissarissen komme út de grutte lanlike partijen. As se ienris beneamd binne, wurdt fan de kommissaris lykwols ferwachte syn funksje ûnôfhinklik út te fieren.

De kommissaris fan de kening is part fan it provinsjaal bestjoer en hat tagelyk ek in taak as fertsjintwurdiger fan it nasjonale regear, ryksorgaan, yn de provinsje. Sa hat de kommissaris koördinearjend foech by rampebestriding en bringt er gauris wurkbesiten oan gemeenten.

By it beneamen fan boargemasters spilet de kommissaris in wichtige rol. As der yn in gemeente in fakatuere foar in boargemaster ûntstiet, stjoert de kommissaris in oanrekomandaasje foar in opfolger oan de minister fan Ynlânske Saken. Dochs earst krijt de kommissaris advys fan de gemeenetrie. De kommissaris nimt dat advys yn de oanrekomandaasje oan de minister. De kommissaris is net allinnich foarsitter, mar ek folslein lid fan Deputearre Steaten en kin beskate taken yn syn portefúlje krije. Boppedat hat de kommissaris it tafersjoch oer de amtlike organisaasje en fertsjintwurdiget er de provinsje yn tal fan saken.

Yn Limburch wurdt de kommissaris fan de Kening noch ek wol oantsjut as gûverneur.

De Nederlânske provinsjes yn 2019, nei de grinswiziging tusken Súd-Hollân en Utert.

De funksjes fan de provinsjes is almeast ûtfierend. Dêr't de nasjonale oerheid te grut en de gemeentlike oerheden te lyts foar binne, binne dy taken orneare foar de provinsje. Wichtichste taken binne:

  • Romtlike oardering, de provinsje fiert en koördinearret de struktuerfyzje fan de ryksoerheid.
  • Wetter en miljeu. Yn oparbeidjen mei Rykswettersteat en de wetterskippen regelet de provinsje dat rivieren, marren, kanalen, fearten goed befarber bliuwe, dat der sûn swimwetter is en ôffalwetter fan fabriken en húshâldens suvere wurdt.
  • Op mêd fan ferkear en ferfier regelet de provinsje en soarget de provinsje foar it oanlizzen fan diken, fytspaden, brêgen en fiadukten en is de provinsje ferantwurdlik fan de ûnderhâld dêrfan. Ek ûntwikkelet de provinsje yn guon regio's alternatyf streekferfer lykas belbussen en regiotaksys en it oanlizzen fan carpoolplakken.
  • Op mêd fan ekonomy hat de provinsje benammen in oanmoedigjende taak. Yn oparbeidzjen mei gemeenten, wurkjouwers en wurknimmers besiket de provinsje foar in goed fêstigingsklimaat te soargjen. Guon provinsjes hawwe mei it bedriuwslibben spesjale organisaasjes oprjochte dêr't omtinken oan mooglikheden foar skoalling en ûnderrjocht jûn wurdt. Ek lobbye provinsjes by de ryksoerheid en Jeropeeske Uny foar ekonomyske subsydzjes.
  • De provinsje hâldt weardefolle lânskippen, lykas de dunen, de Waadsee de Fryske marren, it rivieregoa yn Oerisel, Gelderlân en Limboarch en de Biisbosk. Yn agrarysk gebiet moedige de provinsje natoerlike eleminten oan.
  • Mank mei de ryksoerheid, de lânbou, natoerbeskerming en lânskipstiftings wurket de provinsje oan it yn stân hâlden en ûntjaan fan natoer en lânskip. Yn de lêste jierren wurdt der hieltyd mear budzjet foar natoerbehear fan it ryk nei de provinsjes oermakke.
  • wolwêzen en kultuer
  • Tafesjoch op gemeenten en wetterskippen.
  • In soad provinsjes hawwe belangen yn nutsbedriuwen dy't wetter, gas en elektrisieit leverje en binne part fan it bestjoer dêrfan.

Ynkomsten en útjeften

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De provinsjale ynkomsten is foar it grutste part ôfhinklik fan de ryksoerheid. In part fan de ynkomsten komt út it saneamde Provinsjefûns, dat in fûns is dêr't it Ryk alle jierren in part fan syn belestingopbringst yn stoppet en ferpartet oer alle tolve provinsjes. Dy ynkomsteb mei de provinsje nei eigen ynsicht besteegje.

Njonken ynkomsten út it Provinsjefûns ûntfange provinsjes saneamde doelútkearings fan it Ryk, dy't útkearings binne foar in fêst doel lykas iepenbier ferfier, jongereinsoarch en boaiemsanearring. Hoefolle at in provinsje krijt hinget gear oan it tal ynwenners, fan it oerflak oan lân en wetter en regionale omstannichheden. Provinsjes sels kinne ek belesting heffe, dêr't de meast bekende provinsjale heffing de "opsinten" fan binne, in provinsjale opslach op de motorreauwebelesting. Provinsjefûns, doelútkearings en de motorreauwebelesting dekke likernôch tachtich prosint fan de ynkomsten. Oare ynkomsten komme út oare, lytsere boarnen en ferskille de provinsje. Alle provinsjes ûntfange leezjes, rjochten dy't de provinsjale oerheid heft foar it leverjen fan in oanwiisbere tsjinprestaasje, lykas it jaan fan in fergunning of in paspoart. Guon provinsjes krije ynkomsten út fûnsen fan de Jeropeeske Uny. De measte provinsjes hawwe reserves dy't bygelyks yn 'e foarm fan rinte soargje foar opbringsten.

De grutste útjeften foar de provinsjes komme foar rekkening fan de beliedsmêden wolwêzen en ferkear en ferfier. Sawol ferkear en ferfier (wêrûnder it bouwen en ûnderhâld fan diken, brêgen, ensfth.) as it wolwêzensbelied (lykas it yn stân hâlden fan jongereinsoarch, sosjale foarsjennings op it plattelân en earmoedbestriding) beslaan likernôch in tred op de begruttings fan de provinsjes.

Amtlik apparaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tolve provinsjes hawwe allegear in eigen amtlik apparaat. Dy provinsje-amtners binne op in soad mêden oan 't wurk en hawwe ek útinoar rinnende wurksoarten en beroppen. Bygelyks lânmjitter, jurist, slûswachter en bestjoerskundige. Oan it haad fan de organisaasje stiet de provinsjesekretaris, dy't oant 2003 provinsjegriffier hiet. De provinsjesekretaris is de earste adviseur fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten, hat de lieding oer de amtners fan de provinsje en foarmet de ferbining tusken it Kolleezje fan Deputearre Steaten en it amtlik apparaat. Deputearre Steaten beneame de provinsjesekretaris. De amtlike organisaasje is ferparte yn tsjinsten of direksjes, mei dêrûnder ôfdielings foar ûnderdielen fan it provinsjale beliedsmêd, bygelyks foar romtlike oardering, miljeu, wettersteatsaken, ekonomy, ferkear en ferfier en natoer.

Oan de ynfiering fan it duale stelsel hiet dy funsjonaris "griffier". By it ynfieren fan it dualisme waard by de gemeenterie allyk by Provinsjale Steaten de funksje fan respektyflik rieds- en steategriffier introdusearre. Hja hawwe as taak de gemeenterie en Provinsjale Steaten yn harren taken by te stean en jouwe boppedat lieding oan in ôfdieling amtners dy't de "griffy" neamd wurdt. De griffy wurket streekrjocht foar Provinsjake Steaten en falt dêrmei hierargysk net ûnder de provinsjesekretaris. De Steategriffier ûndertekenet tegearre mei de Kommissaris fan de Kening de besluten fan de provinsjale Steaten. De Steategriffier wurdt troch de Provinsjale Steaten oanwiisd.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. A&O provincies, Personeelsmonitor provincies (2018).

Dizze side is alhiel as foar in part oernommen fand e Nederlânske wikipedyside, sjoch foar oare boarnen op nl:Provincies van Nederland

Provinsjes fan Nederlân
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert
· · Berjocht bewurkje
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy