Springe nei ynhâld

Rôfdieren

Ut Wikipedy
Rôfdieren
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
Bowdich, 1821
Dizze side giet oer it taksonomyske skift fan 'e rôfdieren (Carnivora). Foar rôfdier yn 'e sin fan predator, sjoch: rôfdier.

De rôfdieren (Latynske namme: Carnivora) foarmje in grut skift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), dêr't û.m. de famyljes fan de kateftigen, de hûneftigen, de bearen, de martereftigen en de seehûnen ûnder falle.

Hoewol't it Latynske Carnivora "fleisiters" betsjut, hearre ta dit skift ek guon allesiters en sels in pear útslutende plante-iters, lykas de reuzepanda. Rôfdieren yn 'e smellere taksonomyske sin (op it mêd fan 'e wittenskiplike yndieling fan bistesoarten) moatte trouwens net betize wurde mei rôfdieren yn 'e bredere sin fan "predatoaren" (oftewol bisten dy't libje fan 'e jacht op oare bisten; sjoch: rôfdier).

De leden fan it skift fan 'e rôfdieren libje ferspraat oer alle wrâlddielen, Antarktika ynbegrepen. De lichtste is mei 35 g de wezeling (Mustela nivalis), wylst de súdlike seeoaljefant (Mirounga leonina) wol 5 ton weagje kin. Yn it ferline waarden de lânrôfdieren (Fissipedia) en de seerôfdieren (Pinnipedia) yn aparte ûnderskiften of sels aparte skiften pleatst, mar dy yndieling is efterhelle. Yn 'e hjoeddeiske taksonomy wurde de rôfdieren ûnderferdield yn 'e ûnderskiften fan 'e hûndieren (Caniformia) en de katdieren (Feliformia).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy