Springe nei ynhâld

Resort

Ut Wikipedy
In resort yn San Diego.

In resort (útspr.: [ri:'zɔrt], likernôch "riizôrt") is in ferbliuwsgelegenheid dy't almeast rjochte is op lúkse en komfôr. It is in lienwurd út it Ingelsk, wêrfan't de oarspronklike betsjutting "ferbliuw" is. In resort kin in fakânsjeoard wêze, mar bgl. ek in konferinsjeoard. Behalven dat it rekreaasje, ferdivedaasje en sport biedt, heart der yn 'e measte gefallen ek in útfanhûzersfunksje by, ornaris yn 'e foarm fan in lúks hotel.

Resorts wurde gauris om ferdivedaasjeparken hinne boud, mei as doel om 'e besikers mear as ien dei fêst te hâlden. Soks sjocht men bgl. yn Nederlân by de Efteling, en yn Parys by Euro Disneylân. Behalven in ferbliuwsfunksje omfiemje sokke hotels ek sauna's, swimbaden, sportfjilden, restaurants, kafees en fitnessgelegenheden.

Faak binne resorts besletten plakken, dêr't men net samar op 'e dolle roes hinne kin, mar dêr't yn 't foar reservearrings makke wurde moatte. Dêrby binne resorts faak ôfbeakene en bewekke, om foar te kommen dat de rêst fan 'e besikers fersteurd wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy