Springe nei ynhâld

Skeatta

Ut Wikipedy
In Fryske skeatta út 710-735.

De skeatta is in sulveren muntstik dat yn 'e Midsiuwen brûkt waard troch de Germaanske folken om de Noardsee hinne en yn Noard-Galje. It wurd is ôflaat fan skat.

Sûnt 650 waarden skeatta troch Fryske hannelslju út de Ryn-delta yn omrin brocht. Stadichoan nommen sy it plak oer fan de eardere gouden Romeinske munt. Mei de skeatta waard in wichtige bydrage levere oan de werynfiering fan de jildekonomy yn de iere Midsiuwen dy't mei it ynsakjen fan it Romeinske Ryk ferdwûn wie. Hjirmei hat de skeatta meiholpen oan it ekonomysk werstel.

De munten binne sawol fûn op de Britske eilannen as yn Skandinaavje oantroffen. Ek yn it Frankyske Ryk wie de skeatta tige algemien oant Pippyn de Koarte der yn 755 in ein oan makke troch it herfoarmjen fan muntstelsel en der Frankyske munten slein waarden.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy