Springe nei ynhâld

Slot Bürresheim

Ut Wikipedy
Slot Bürresheim
Lokaasje
lân Dútslân
regio Rynlân-Palts
lânkring Mayen-Koblenz
plak St. Johann
koördinaten 50° 21' N 7° 10' E
Skiednis
stiftingsjier 12e iuw
boujier 12e iuw-17e iuw
Oars
hjoeddeisk gebrûk museum
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
kulturerbe-eifel-mosel.de
Kaart
Slot Bürresheim (Rynlân-Palts)
Slot Bürresheim

Slot Bürresheim (Dútsk: Schloss Bürresheim) is in kastiel yn 'e delte fan de Nette, noardwestlik fan de Dútske plak Mayen yn Rynlân-Palts. De boarch stie eartiids yn it grinsgebiet fan Kar-Keulen en Kar-Trier en de karfoarsten setten in wichtich stimpel op de skiednis fan de boarch.

It slot waard foar it earst mei de nammen fan de doetiidske eigners Eberhard en Mettfried yn in oarkonde fan 1157 neamd. Eberhard's soan Filip ferkocht foar 1189 syn diel oan de aartsbiskop fan Keulen om it dêrnei as liengoed werom te krijen, wylst it aartsbisdom Trier de oare elte fan de boarch oankocht.

Tagong ta de boarch

Tegearre mei de kastielen fan Eltz en Lissingen is Bürresheim de iennige boarch yn 'e Eifel dy't nea mei geweld oermastere waard. Alle ferneatigjende krigen yn de 17e en 18e iuw en ek de Frânske Revolúsje gyngen foarby oan dy kastielen.

De hjoeddeiske foarm fan it kompleks krige de boarch earst sûnt de 15e iuw. Foar dy tiid wiene der twa ôfsûnderlike kastielen, dy't meiïnoar in romaanske berchfrede út de 12e iuw dielden. Ea hie it kastiel ringmuorren en twa grêften, mar fan de ringmuorren binne allinne resten oerbleaun, wylst de grêften tichtsmiten binne.

It âldste diel fan de boarch is de berchfrede. Eartiids hie de berchfrede allinne in heechlizzende yngong, mar yn de 17e iuw waard der fanút de binnenhôf in fêste, barokke trep oanlein. Nei alle gedachten waard de berchfrede yn de 15e iuw mei in ferdjipping ferhege om op de fyfte ferdjipping de wente fan in toerwachter yn te rjochtsjen.

Lofts de Keulske boarch, rjochts de Triërske boarch

Nammejouwer fan dit diel fan it kastiel wie aartsbiskop Filips I fan Heinsberg, dy't it gebou yn 1339 westlik fan it kompleks bouwe liet. It bestie út in grutte foarboarch, werfan't allinne de resten fan in ringmuorre en de goatyske kearnboarch bewarre binne. De tagong wie fanút it noardwêst oer in falbrêge. De kearnboarch bestie út in poarte mei dûbele tuorren, dy't tagelyk as skyldmuorre tsjinne. Dêrefter wie in grutte seal mei in lytse kapel en dêrûnder in kelder mei in tonferwulft.

Nei de útbou fan de boarch fan Kar-Trier waard sunt 1659 de Keulske boarch allinne noch bedriuwsmjittich brûkt en lang om let oan it ferfal priisjûn. Tsjintwurdich is it in ruïne.

Triërske boarch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Binnenhôf

It âldste gebou fan de Triërske boarch giet op de fâlden fan Leutesdorf werom, dy't oan de grins fan de Keulske boarch yn de twadde helte fan de 14e iuw in wenhûs bouden. Alle oare gebouwen binne yn de hjoeddeiske foarmen ûnder de hearen fan Breidbach ûntstien.

Gerard en Jehan fan Breidbach lieten nei 1473 yn it súdeasten in trije ferdjippings tellend gebou oan de ringmuorre oanbouwe mei in rûne toer, dy't fjouwer meter dikke muorren hat. Letter krige de toer de karakteristike fakwurk-boppeferdjipping. De letmidsiuwske wenning lit hiel goed sjen hoe ienfâldich der om 1490 hinne wenne waard. Op eltse ferdjipping is ien grutte seal mei ikenhouten pylders, balkeplafonds en ûnbidich grutte skoarstiens.

Nei't de Fan Breidbachs yn 1659 de iennige eigners fan de boarch waarden, setten hja útein mei in grutte ferbouwing fan it kastiel ta in barok wenslot. Anna Magdalena fan Metzenhausen, de widdo fan Wolf Hindrik fan Breidbach, liet tusken de rûne toer en it Leutesdorfer fâldhûs in grutte sydfleugel bouwe en tusken 1698 oant 1700 waard troch Georg Rheinhard fan Breidbach it lêtste gat tusken de berchfrede en de goatyske wengebouwen mei de bou fan in kapel sletten.

Al yn 1683 waard oan de súdeastlike kant fan it kastiel in terrastún yn de Frânske barokstyl oanlein, dy't yn 1952 yn de tsjintwurdige foarmen rekonstruearre waard.

Dielen fan de Triërske boarch binne iepen foar besichtiging. De Keulske boarch is lykwols sletten foar publyk. Tanksij it feit dat de boarch foar in hiele lange tiid yn de hannen wie fan ien famylje hat it slot in unyk ynterieur, dy't it besjen wurdich is en de tiid fan de lette gotyk oan it histoarisme bestrykt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy