Springe nei ynhâld

Steuben (skip)

Ut Wikipedy
Steuben
It skip op de Poalfeart
It skip op de Poalfeart
algemiene ynformaasje
flagge Dútske Ryk
eigner Norddeutscher Lloyd
oare namme(n) 1923: München
1930: SS General von Steuben
1938: Steuben
skiednis
werf AG Vulcan Stettin
tewetterlitting 25 novimber 1922
oplevere 5 juny 1923
yn de feart 15 maart 1938
út tsjinst 10 febrewaris 1945 (sonken)
status Sonken en tsjintwurdich kriichsmonumint
bysûnderheden en sifers
type passazjiersskip, cruiseskip, hospitaalskip, transportskip
lingte 167,8 meter
breedte 19,8 m meter
maks. faasje 15,75 kn

De Steuben wie oarspronklik in Dútsk passazjierssteamskip, dat yn de Twadde Wrâldkriich brûkt waard troch de Dútske marine en by de Operaasje Hanibal troch in torpedo rekke waard en sonk. Tusken de 1100 en 4200 minsken ferlearen dêrby it libben.

De Steuben waard yn 1922 ûnder de namme 'München' by de AG Vulcan Stettin te wetter litten en op 5 juny 1923 as it earste nijbou passazjiersskip nei de Earste Wrâldkriich fan de Noarddútske Lloyd yn 'e feart nommen.

De München yn it fjord by it Noarske Gudvangen

De München en it yn jannewaris 1924 yn tsjinst stelde susterskip Stuttgart waarden foar it transatlantyske ferkear mei trije passazjiersklassen ynset. Sûnt 1925 waard it skip út en troch ek brûkt foar cruises op see. Sa makke it skip fan 17 july oant 12 augustus yn 1925 in reis nei it Noardpoalgebiet.

Op 11 febrewaris 1930 ûntstie der yn de haven fan New York by it lossen fan fracht brân, werby't it ynterieur grutte skea oprûn. It skip waard provisoarysk wer oplape, sadat it op 9 maaie wer nei hûs farre koe rjochting Bremen. Dêr fûn fan 1 july 1930 oant 18 jannewaris 1931 in grutte restauraasje plak, der't de München nije skoarstiennen en in nagelnije ynrjochting by krige en de maksimum snelheid ferhege waard.

Nei dy restauraasje krige it skip in nije namme en as teken fan Dútsk-Amerikaanske freonskip waard it skip omdoopt ta de 'General von Steuben'. Foar it transatlantyske persoanenferkear waard it skip lykwols net in soad mear ynset, mar allinne noch foar cruises.

Frijhear von Steuben wie in súksesfolle Prusyske ofsier en generaal yn de Amerikaanske Unôfhinklikheidskriich. Nei de kriich krige Steuben út tankberens de Amerikaanske nasjonaliteit en in grut lângoed yn New York. Alle jierren wurdt yn New York noch de 'Von Steuben Day' fierd.

De Steuben wie it iennige lúkse cruiseskip dat net foar it measte foar de nasjonaalsosjalistyske KdF-organisaasje farde. Yn novimber 1938 krige it skip nochris in oare namme en sûnt dy tiid hiet it de 'Steuben'.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oankomst fan Baltyske Dútsers yn Stettin

Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich waard de Steuben nei oerienkomsten mei Estlân op 15 oktober 1939 en Letlân op 30 oktober 1939 ynset om de twongen deportaasje fan Baltyske Dútsers nei it Dútske Ryk út te fieren.

Dêrnei tsjinne it skip as wenskip fan de kriichsmarine yn Kiel en Danzig, oant it sûnt july 1944 op de Eastsee ynset waard foar it transport fan troepen en ferwûne soldaten. It skip krige gjin herkenningstekens dat it om in hospitaalskip gyng. Yn 'e winter fan 1944-1945 wie it skip op 'e nij in wenskip en dêrnei waard it skip wer ynset foar de evakuaasje fan ferwûne soldaten en flechtlingen út de Dútske Eastseegebieten.

Op 9 febrewaris 1945 farde de Steuben de haven fan Pillau út, it tsjintwurdige Baltiejsk, yn 'e rjochting fan Kiel. Op it skip wiene likernôch 2.800 ferwûne soldaten, 300 man medysk personiel, 150 man besetting en likernôch 900 flechtlingen. Oer it oantal flechtlingen bestiet gjin wissichheid; troch de hastige evakuaasje waarden in soad flechtlingen net registrearre, wertroch it werklike tal minsken folle heger leit. It skip wie fertsjustere, hie begelieding fan de torpedoboat T 196 en farde rjochting it westen.

De oare deis om 00:55 oere waard de Steuben súdlik fan de Stolpe-Bank op de hichte fan Stolpmünde, it tsjintwurdige Ustka, troch twa torpedo's fan de Sovjet-ûnderseeboat S-13 rekke. Yn 15 minuten tiid sonk it skip. De Sovjet-kommandant Aleksander Marinesko, dy't ûnder wetter it skip fjouwer oeren lang folge hie, melde ynearsten dat er de lichte kruser Emden sonke litten hie.

By de ûndergong ferlearen tusken 1100 en 4200 minsken harren libben. Mar 660 minsken koene troch in oare boat en de torpedofangboat TF 10 út it iiskâlde wetter helde wurde. Dêrmei heart de ûndergong fan de Steuben ta de grutste seerampen. De measte rampen fûnen plak oan it begjin fan 1945, doe't njonken de Steuben ek de Wilhelm Gustloff, de Goya en de Cap Arcona yn de Eastsee fergongen en mear as 20.000 minsken ferdronken.

Dûker by it wrak fan de Steuben

It wrak waard yn maaie 2004 troch de Poalske marine fûn en ydintifisearre. Ofbylden en tekeningen fan de ûndergong en fynst waarden yn 2005 troch National Geographic Magazine publisearre.

Der Spiegel fernijde yn july 2021 dat yntusken alles wat net fêst siet út it wrak plondere wie. De Steuben is offisjeel in kriichsgrêf op see en mei net skeind wurde. Neffens ynternasjonaal rjocht en wetten lykas de 'Protection of Military Remains Act' 1986 binne dy lokaasjes eigendom fan de Dútske steat. Foar de beskerming fan de lokaasje binne yn it gefal fan de Steuben de Poalske autoriteiten ferantwurdlik.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Steuben (Schiff)


pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy