Springe nei ynhâld

Taiwan

Ut Wikipedy
中華民國
Zhōnghuá Mínguó
Flagge fan Taiwan Wapen fan Taiwan
Flagge Wapen
Lokaasje fan Taiwan
Offisjele taal Sineesk Mandarynsk
Haadstêd Taipei
Steatsfoarm ...
Gebiet
% wetter
36.000 km²
10,3­%
Ynwenners (2005) 48 miljoen
Munt Taiwaneeske dollar (TWN)
Tiidsône UTC +8
Lânkoade TWN
Ynternet .tw
Tillefoan 886

Taiwan (eartiids ek bekend ûnder de namme Formosa' en folút Republyk Sina) is sawol in lân as in eilân yn Aazje. De haadstêd is Taipei. Utsein it haadeilân Taiwan bestiet it lân ek noch út njoggen oare eilannen, dêr't seis fan oan de westkant lizze (wêrûnder Chipei Tao, P'Enghu Ch'Untao, Hsichi Yu, Ch'Imei Yu en Liuch'Iu Hsu) en trije oan de eastkant (Kueishan Tao, Lu Tao en Lan Yu).

Taiwan wurdt troch de kommunistyske Folksrepublyk Sina net erkend, mar beskôge as in ôffallige provinsje fan de republyk. Ek troch de mearderheid fan de ynternasjonale mienskip wurdt Taiwan offisjeel net erkend. Lykwols ûnderhâldt it grutste part fan de steaten yn de wrâld wol aparte ekonomyske en kulturele relaasjes mei Taiwan, meastentiids fia saneamde gesantskippen.

It eilân leit eastlik fan Sina en wurdt begrinzge troch:

Lânskip op Taiwan.

Taiwan wurdt karakterisearre troch it ferskil tusken it eastlike twa-tredde part, foar it meastepart besteande út bergen dy't yn fiif rigen fan it noarden nei it suden fan it eilân rinne, en de flakke sêft gloaiende greiden yn it westen, dêr't it grutste part fan de befolking wennet.

It berchtme op it eilân is meastentiids ticht beboske, 60 piken komme boppe de 3.000 meter út. De heechste pyk op it eilân is Yu Shan op 3.952 meter. It klimaat yn it noarden is subtropysk mei in protte delslach, yn it súdwesten lykwols tropysk en tige ûnder ynfloed fan de wintermoesson.


yn 1624 festige de Vereenigde Oostindische Compagnie (VOC) him op it eilân omdat dat op it fêstelân fan Sina (doedestiids Katay neamd) ferbean waard. It bestjoer yn Nederlânsk-Formosa waard útfierd út Fort Zeelandia yn it plak Tainan. It eilân waard net beset, mar der waard oparbeide mei de lokale doarpshaden. De VOC organisearre it ûnderwiis dêr't de lânseigen befolking troch kerstene waard. Der waarden sûkerplantaazjes oanlein.

Taiwan waard yn 1661 diel fan it Sineeske Keizerryk. Yn 1895 stie Sina it eilân ôf oan Japan, mar nei de Twadde Wrâldkriich waard Taiwan wer Sineesk gebiet. Nei de nederlaach yn de boargeroarloch fersette de Kwomintang-regearing yn 1949 har sit nei Taiwan. De ferhâlding tusken de regearingen fan Beijing en Taipei bliuwe oant-en-mei hjoed de dei spand. De presidint hat diels de macht en fiergeand foech, nettsjinsteande de parlemintêre grûnwet.

De oarspronklike bewenners fan Taiwan binne ferskillende Austronesyske stammen. Dy aboriginals binne net besibbe oan de Sinezen, mar hawwe it meast wei fan de befolking op 'e Filipinen en oare eilannen yn de omkriten. In oare grutte befolkingsgroep binne de Hakka.

Healwei de 17e iuw kaam it eilân oan de opstannige Sineeske generaal Koksinga (Zheng Chenggong). Sûnt dy tiid kamen Sineeske ymmigranten nei it eilân, fral fan Fujian. Yn earsten waard allinnich manlju tastien nei Taiwan te kommen, dêr't in protte manlju fan nei oankomst mei in eilânseigene frou troude. Sa assimilearre it meastepart fan de oarspronklike befolking mei de neikommers.

De lêste grutte ymmigraasjeweach wie yn 1949, doe't sa'n 700.000 represintanten fan de Sineeske elite en sa'n 800.000 militêren fan it Nasjonalistyske leger û.l.f. Tjiang K'ai-sjek op de flecht foar de kommunisten fan Foarsitter Mao nei Taiwan kamen. Hja foarmje tsjintwurdich in grutte minderheid mei 20% fan de befolking. Eartiids behearsken sy folslein it politike- en ekonomyske flak. Dizze ymmigranten, en betiden ek harren neiteam, wurde noch allegeduerigen waishengren neamd, "minsken út oare provinsjes".

Goed 93% fan de Taiwaneeske befolking hinget it Boedisme, Konfusianisme of Taoisme oan. Sa'n 4.5% is Kristen.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy