Springe nei ynhâld

Termodynamika

Ut Wikipedy

Termodynamika (fan it Grykske "thermos", waarm, en "dynamis", fermogen) is it ûnderdiel fan de natuerkunde dat de ynteraksjes bestudearret tusken grutte samlingen fan dieltsjes op in makroskopysk nivo. De termodynamika hat syn oarsprong yn it praktyske ferlet de effisjinsje fan stoommasines te ferbetterjen.

Yn algemiene teoretyske sin is it objekt fan stúdzje yn de termodynamika in termodynamysk systeem, dat fia in grinsflak meganyske arbeid en waarmte útwikselt mei syn omjouwing. Yn de moderne termodynamia wurdt dit systeem beskreaun as besteande út in protte gaoatysk bewegende dieltsjes (molekulen, atomen, of elektroanen). Dizze letter ûntwikkele oanpak wurdt oantsjutten as statistyske termodynamika.

Oersjoch fan grûnlizzers fan termodynamika ferdield yn acht skoallen.

De klassike termodynamika hâldt him net dwaande mei de yndividuele dieltjes dêr't in systeem út bestiet, mar allinnich mei eigenskippen dy't winliken statistyske gemiddelden binne oer it gedrach fan in tige grut oantal dieltsjes, lykas druk, temperatuer, folume, entropy, ensfh. It feit dat de struktuer fan dy gearstallende dieltsjes allinnich implisyt effekt hat en it gedrach fan yndividuele dieltjes bûten beskôging litten wurdt, jout dizze oanpak har krêft en brede tapassingsgebiet. Dizze klassike benadering kaam trouwens op yn in tiid dat der net folle besef wie fan de dieltsjes dêr't it meastentiids om giet, nammentlik molekulen en atomen.

De klassike termodynamika jout fierders allinnich fan reversibele, ofwol omkearbere prosessen in kwantitative beskriuwing. Faak wurde dizze prosessen omskreaun as in ûneinige rige fan ûneinich tich by elkoar lizzende lykwichtstastannen; soksoarte proses wurdt in kwasistatysk proees neamd. Fan folle resntere datum is de irreversibele termodynamika, wêryn Ilya Prigogine in grûnlizzer is. Hy krige hjirfoar yn 1977 de Nobelpriis foar skiekunde.

De termodynamika hat in breed tapassingsgebiet yn de wittenskip en technyk, û.o. gasekspânsje, fazeoergongen, materiaaleigenskippen, gemyske reaksjes, transportferskynsels, oplossingen, en sels swarte gatten. Dêrom is it in tige wichtich ûnderdiel fan natuerkunde, de skiekunde en de biology.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy