Springe nei ynhâld

Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou

Ut Wikipedy
Ynternasjonaal Filmfestival
fan Moskou
plak en tiid
lân Ruslân
federale stêd Moskou
plak Moskou
tiid fan it jier july
bysûnderheden
ôfkoarting MMK
soarte evenemint filmfestival
bestean 1959 – no
offisjele webside
www.moscowfilmfestival.ru

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou (Russysk: Московский Международный Кинофестиваль, transliteraasje: ''Moskovskij Mjezjdûnarodnyj Kinofjestivalj) is in filmfestival dat elts jier yn july holden wurdt yn 'e Russyske haadstêd Moskou. It bestiet sûnt 1959, mar is pas in jierliks evenemint sûnt 1995. De wichtichste priis dy't op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou útrikt wurdt, is de Gouden Joaris, ferneamd nei de beskermhillige fan Moskou, Sint-Joaris.

Yn Moskou, doedestiden de haadstêd fan 'e Sovjet-Uny, waard yn 1935 foar it earst in filmfestival organisearre, mar dat wie in evenemint foar ien kear. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou sa't dat tsjintwurdich bestiet, begûn yn 1959. It waard doe om it jier holden, om en om mei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Karlovy Vary yn Tsjechoslowakije. Yn 1972 waard it Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou troch de Ynternasjonale Federaasje fan Ferienings fan Filmprodusinten (FIAPF) akkreditearre as in festival fan 'e A-kategory.

Yn 1988 waard de dokumintêreseksje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou ôfspjalten om it selsstannige Dokumintêrefilmfestival fan Leningrad te wurden. Pas rom nei de fal fan it Izeren Gerdyn yn 1989 en de ynstoarting fan 'e Sovjet-Uny yn 1991 waard it Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou yn 1995 in jierliks barren. Yn 1998 gie it evenemint oer omreden fan finansjele swierrichheden. Fan 2006 ôf waarden yn it ramt fan it festival ek wer dokumintêres fertoand, en yn 2011 krige it festival wer in eigen seksje foar dokumintêres.

De wichtichste priis fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou, útrikt foar de bêste film, hat troch de jierren hinne ferskate nammen hân. Fan 1959 oant en mei 1967 wie it de Grutte Priis; fan 1969 oant en mei 1987 de Gouden Priis; fan 1989 oant en mei 2003 de Gouden Sint-Joaris; en fan 2004 ôf de Gouden Joaris. De priis is ferneamd nei de hillige Joaris, dy't de patroan fan 'e stêd Moskou is. De trofee is in byldsje fan Sint-Joaris dy't de draak deadet, krekt sa't dat ôfbylde stiet op it wapen en de flagge fan Moskou.

In oare priis dy't op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou útrikt wurdt, is de Stanislavskypriis, dêr't de bêste aktearprestaasje mei eare wurdt. Dy priis is troch de jierren hinne takend oan û.o. Jack Nicholson, Jeanne Moreau, Meryl Streep, Harvey Keitel, Fanny Ardant, Gérard Depardieu, Isabelle Huppert, Emmanuelle Beart, Helen Mirren en Catherine Deneuve.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy