Springe nei ynhâld

Zwevegem

Ut Wikipedy
Zwevegem
Gemeentehûs
Gemeentehûs
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 24.808(2023)[1]
Oerflak 62.99 km²
Befolkingsticht. 393,8 ynw./km²
Oar
Postkoade 8550-8554
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 48' N 3° 19' E
Offisjele webside
webstee Zwevegem
Kaart
Zwevegem (West-Flaanderen)
Zwevegem

Zwevegem is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De gemeente hat likernôch 25.000 ynwenners. Yn tsjinstelling ta de noch tige lannelike dielgemeenten leit Zwevegem troch syn noardlike lizzing oan de stedske omkriten fan Kortrijk.

It eardere kastiel fan Zwevegem

Zwevegem waard foar it earst yn 1063 as Sueuegehem neamd. De namme is in kombinaasje fan in persoansnamme en it efterheaksel -heim (wenplak). De wichtichste hearlikheden wiene Ter Kerken en Ten Kastele. Om 1270 hinne kaam Ter Kerken yn it besit fan de famylje Van Steenhuize en yn 1414 waard dy hearlikheid ferkocht oan Jan van Halewijn. Yn 1437 kocht syn soan, Rogier van Halewijn, ek de hearlikheid fan Ten Kastele. De hearlikheden waarden op dat stuit gearfoege, mar letter wer spjalte: yn 1606 kaam Ten Kastele by Florent de Griboval en yn 1639 kocht er ek Ter Kerken. Op 'e nij waarden de hearlikheden gearfoege en yn 1665 waarden se ferheven ta in greefskip. Yn 1686 gie de mienskiplike hearlikheid oer op Louis-Joseph de Harchies de Ville d'Estrepy en yn 1717 oan de famylje Van Nassau. It kastiel rekke dêrnei yn it neigean en waard yn de 18e iuw ôfbrutsen.

De reformaasje liede benammen tusken 1575 en 1585 ta plonderingen en ûntfolking en yn 1578 waard ek it kastiel fernield. De Njoggenjierrige Kriich (1688-1697) late ek ta plondering, benammen troch Frânske troepen. Yn 1694 wie der boppedat in pestepidemy.

Fral nei 1713 briek in tiid fan frede oan. Mar yn de jierren 1835-1850 mislearren de rispingen fan ierappels en hiene minsken te lijen fan honger. Yn 'e 19e iuw sette de yndustrialisaasje útein en waarden ferskillende fabriken stifte. Frak de iepening fan it kanaal Bossuit-Kortrijk yn 1861 iepene en yn 1869 folge it oansluten op it spoar.

Ek yn de twadde helte fan de 20e iuw groeide de yndustry en makke Zwevegem in foarse groei mei, wêrby't nije wenwiken ûntstienen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mortiersmûne

De hjoeddeiske Sint-Amandustsjerke yn Zwevegem datearret út septimber 1938 en is ûntwurpen troch de Nederlânske arsjitekt Alphons Boosten. Fan de âlde tsjerke is allinnich de tsjerketoer út de 13e iuw oer.

Yn de gemeente steane trije mûnen. De Stienmûne waard yn 1798 boud. It wie in nôtmûne, mar it mealwurk is hjoed-de-dei net mear oanwêzich. Allinne de bûtenkant is restaurearre. De Mortiersmûne is in restaurearre sletten standermûne út 1794. In tredde mûne is de mûne Ter Claere yn de dielgemeente Sint-Denijs. De mûne stiet op it heechste punt fan de gemeente (76 meter). Lykas de Mortiersmûne is de mûne ter Claere ek mealree.

Yndieling gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken Zwevegem sels lizze ek de dielgemeenten Heestert, Moen, Otegem en Sint-Denijs yn de gemeente. Zwevegem leit yn it noarden fan de gemeente oan it stedsgebiet fan Kortrijk. De fjouwer oare doarpen lizze yn it suden fan de gemeente.

Op de grins fan Zwevegem en Moen leit oan de wei nei Avelgem de buorskip Zwevegem-Knokke. De wyk Kappaert (Zwevegem) leit eastlik fan it kanaal Bossuit-Kortrijk en hat in eigen parochy en skoalle.

Namme West-Flaamsk Oerflak
(km²)
Ynwennertal
(01/01/2021)
Kaart
I
 
(VI)
(VII)
Zwevegem
- Zwevegem
- Kappaert
- Zwevegem-Knokke
Zwevegem 14.174
II Sint-Denijs Sen-Nis 16,6 km² 2.545
III Moen Moen 10,44 km² 2.768
IV Heestert Êestert 13,08 km² 2.826
V Otegem Ôtegem 2.532

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente (dus ynklusyf de dielgemeenten), lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.

  • Boarne:NIS, 1831 oan en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Zwevegem


West-Flaanderen Flagge fan de provinsje West-Flaanderen
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
· · Berjocht bewurkje
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy