Content-Length: 114996 | pFad | http://fy.wikipedia.org/wiki/Passau

Passau - Wikipedy Springe nei ynhâld

Passau

Ut Wikipedy
Passau
Passau mei de Sint-Stafanusdom
Passau mei de Sint-Stafanusdom
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Beieren
Stedsyndieling 8 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal 54.401 (31.12.2023)
Oerflak 69,56 km²
Befolkingsticht. 782ynw./km²
Hichte 312 m
Oar
Postkoade 94032-94034-94036
Koördinaten 48°34'N 13°27'E
Offisjele webside
passau.de
Kaart
Passau (Beieren)
Passau

Passau (Lat. Batavium, Batava of Passavia) is in kreisfreie universiteitsstêd yn it súdeasten fan 'e Dútske dielsteat Beieren. Mei likernôch 54.000 ynwenners is Passau nei Landshut de op ien nei grutste stêd fan it regierungsbezirk Niederbayern. De namme Passau is ôflaat fan 'e Latynske namme fan in Nederlânske hiersoldatenienheid yn it Bataafske leger.

Gearrin fan 'e Donau, de Inn en de Ilz.

De stêd leit oan 'e grins mei Eastenryk op it plak dêr't de rivieren de Donau, de Inn en Ilz byinoar komme, dêrom hat de stêd de bynamme Dreiflüssestadt. Alhoewol't de Inn de breedste fan 'e trije is, wurdt de rivier fierder dochs de Donau neamd, om't dy it langst is.

Bonifatius makke de stêd yn 739 ta biskopsstêd. Biskop Pilgrim fan Passau soe de oantrún jûn ha ta it skriuwen fan it Nibelungenliet. 600 jier lang bleau Passau in selsstannich biskoplik prinsdom.

De stedsbrannen yn 1662 en 1680 ferneatigingen grutte dielen fan 'e stêd. In soad gebouwen waarden neitiid troch Italjaanske boumasters yn barokke styl wer opboud. Sûnt 1803 heart Passau ta de lettere dielsteat Beieren.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Sint-Stefanusdom (Domplatz). It eastlik koer en it dwersskip binne goatysk en tusken 1407 en 1530 boud; it westlike diel fan 'e domtsjerke is nei in brân yn Italjaansk barokke styl weropboud (1678). Yn 'e tsjerke stiet it grutste piipoargel fan 'e wrâld.
  • Riedshûs (1393).
  • Alde residinsje (Zengergasse; gebouwen út ferskillende perioades).
  • Nije residinsje (Residenzplatz; ûntstien tusken 712-1730).
  • De fêsting "Oberhaus".
  • De fêsting "Niederhaus".
  • Simmerslot Freudenhain (noardlike kant Donau; simmerslot fan 'e prinsbiskoppen).
  • Hillich Krústsjerke mei it kleaster Niedernburg (eastlik fan 'e Domberg oan 'e Jezuitengasse; oarspronklik romaanske tsjerke, tusken 1860 en 1865 werom brocht yn romaanske foarmen).
  • Sint-Michaeltjerke (Schustergasse; eardere jezuïtetsjerke).
  • Sint-Severinustsjerke (Innstadt, romaanske tsjerke, tsjintwurdich tsjerkhôfkapel).
  • Marije-Helptsjerke (Mariahilfberg, beafeartstsjerke en abdij op 'e súdkant fan 'e Inn).
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Passau fan Wikimedia Commons.








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: http://fy.wikipedia.org/wiki/Passau

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy