Springe nei ynhâld

Earste Brief fan Petrus

Ut Wikipedy
Earste Brief fan Petrus
algemiene gegevens
oarspr. titel Α' Επιστολή του Πέτρου
("Alfa Epistoli tou Petrou")
auteur Petrus (?)
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 64 n.Kr. (?)
bondel Bibel
rige
rige Nije Testamint
● foarich diel Brief fan Jakobus
● folgjend diel Twadde Brief fan Petrus
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Earste Brief fan Petrus
publikaasje 1933, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

It Earste Brief fan Petrus, yn it oarspronklike Gryksk: Α' Επιστολή του Πέτρου, Alfa Epistoli tou Petrou, ek wol koartwei 1 Petrus neamd, is it 21ste boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de 16de fan 'e brieven, en de twadde fan 'e Algemiene Seinbrieven. De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Petrus stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.

Skriuwer en oarsprong

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tradisjoneel wurdt 1 Petrus neffens de bewearing yn 'e tekst sels (1 Petr. 1:1) oan 'e apostel Petrus (†64/67) taskreaun, dat ien fan 'e meast promininte dissipels fan Jezus fan Nazaret wie. Syn auteurskip wurdt lykwols troch in grut tal moderne bibelwittenskippers en teologen yn 'e kiif steld, mei't ek út 'e tekst bliken docht dat de skriuwer fan dit brief in formele oplieding yn retoarika en filosofy hân hawwe moat, wylst Petrus neffens de kanonike evangeeljes in ienfâldich fiskerman wie. De Nijseelânske saakkundige Graham Stanton (1940-2009) miende fierders dat 1 Petrus, mei it each op 'e kristenferfolgings dêr't de skriuwer it oer hat, pas om 84 hinne, ûnder it regear fan 'e Romeinske keizer Domitianus (reg. 81-96), skreaun wêze koe, doe't dy ferfolgings rûnom begûnen foar te kommen. Foarstanners fan it Petrinysk skriuwerskip lizze dêr tsjinyn dat it brief troch Petrus diktearre en yn formele foarm optekene wêze kin troch Petrus syn klerk Silas. En kristenferfolgings, sa riddenearje sy, bestiene ek al ûnder keizer Nearo (reg. 54-68). De strideraasje om wa't 1 Petrus skreaun hat is noch altiten folop geande.

As men útgiet fan it auteurskip fan Petrus, is it brief foar 't neist skreaun yn it jier 64, doe't Petrus biskop fan Rome (oftewol paus) wie, krekt foar't de ferfolgings ûnder Nearo oan 'e ein fan dat jier de foarm fan in wiere pogrom oannamen. 1 Petrus is rjochte oan "Gods útkarde folk dat yn 'e frjemdte tahâldt en fersille is" yn 'e Pontus, Galaasje, Kappadoasje, Bitynje en de Romeinske provinsje Aazje. Dat binne allegear gebieten dy't diel útmeitsje fan Lyts-Aazje en dêr't doedestiden net in protte Joaden wennen, dat it boadskip fan it brief sil benammentlik foar kristene heidens bedoeld west hawwe.

De gemeenten dêr't 1 Petrus oan rjochte is, hawwe no al slim te lijen ûnder diskriminaasje troch de Romeinske autoriteiten en gewoane boargers, al binne der noch gjin algemiene ferfolgings. Petrus, dy't nei alle gedachten dy kontreien nea besocht hat, besiket de lju dêre op te moedigjen en fuort te sterkjen yn harren leauwe. De kearn fan syn boadskip is: de kristenen wurde hifke yn harren leauwensoertsjûging en har hâlden en dragen, mar de hope kin nimmen har ôfnimme.

De apostel Petrus, in detail út in skilderij fan Albrecht Dürer.

Nei in ynlieding en groetnis (1 Petr. 1:1-2), set Petrus útein mei in lofprizing op Jezus Kristus, dy't de hope fan alle kristenen is (1 Petr. 1:3-12). Dêrnei giet er fierder mei in stikmannich fermoannings oer útienrinnende saken (1 Petr. 1:13-2:10) en dan jout er oanwizings oer hoe't de lju har hâlde en drage moatte ûnder alderhanne omstannichheden (1 Petr. 2:11-3:22). Dêrby riedt er de kristenen oan wa't er skriuwt om net yn te gean op 'e kwealaster fan 'e heidens en om har te hâlden oan 'e wet en it net tsjin 'e autoriteiten yn 'e kant te setten. Slaven moatte jaan om it sizzen fan ûnrjochtfeardige masters, froulju moatte dwaan wat harren manlju sizze, manlju moatte harren froulju mei leafde behannelje, en alle kristenen mei-inoar moatte ree wêze om te lijen om 'e wille fan 'e gerjochtichheid. Petrus sjocht de ein fan 'e tiden neieroan kommen en hat datoangeande noch guon fermoannings foar de minsken (1 Petr. 4:1-5:11). Hy drukt harren op it hert om "goede rintmasters fan Gods mannichfâldige genede" te wêzen; mei oare wurden, om har te hâlden en te dragen sa't it kristenen betammet. As harren kristen-wêzen ta lijen liedt, moat men dat drage mei folhurding en weardichheid. En de kristlike foaroanmannen moatte tsjinners fan harren mienskippen wêze, en net harsels ferrykje of de baas spylje wolle oer harren leauwensgenoaten. Petrus beslút it brief mei in groetnis en in seiniging (1 Petr. 5:12-14).

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Petrus stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan 1 Petrus waard dêrby dien troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Nije Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1933, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy