Springe nei ynhâld

Wysheid fan Salomo

Ut Wikipedy
Wysheid fan Salomo
algemiene gegevens
oarspr. titel Σοϕια Σολομωντος
("Sofia Solomontos")
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm poëzij
sjenre wiisheid
skreaun ±50 f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Apokrife taheakken oan it A.T.
● foarich diel Judit
● folgjend diel Tobit
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Wysheid fan Salomo
publikaasje 1978, Haarlim/Bokstel
útjouwer NBG & KBS
oersetter pater S. Galama ofm
ISBN oers. 9 06 12 60 817

De Wysheid fan Salomo, yn it Gryksk: Σοϕια Σολομωντος, Sofia Solomontos, en yn it Hebriuwsk: חכמת שלמה, Ḥoḵma ṯaŠělōmō, is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel, dat ek wol koartwei oantsjut wurdt as Wysheid, en dat net betize wurde moat mei de Wysheid fan Jezus Sirach, wat in hiel oar boek is. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt de Wysheid fan Salomo troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as twadde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.

De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet de Wysheid fan Salomo wol deeglik ta de kanon en dêr makket it sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, en folget it daliks op it Heechliet. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken (lykas de Gryksk-Otterdokse, de Russysk-Otterdokse, de Georgysk-Otterdokse, de Armeensk-Otterdokse, de Syrysk-Otterdokse, de Etiopysk-Otterdokse en de Koptyske Tsjerke).

De Wysheid fan Salomo is in boek fan dichterlike wiisheid, dat nei alle gedachten oarspronklik skreaun is yn it Aldgryksk, sij it yn in styl dy't basearre wie op Hebriuwsktalige poëzij. Hoewol't nearne yn 'e tekst de skriuwer neamd wurdt, waard it tradisjoneel taskreaun oan 'e Israelityske kening Salomo, fanwegen de wurden: "Jo hawwe my hjitten in timpel te bouwen op 'e hillige berch" (Wysh. 9:8), dy't dúdlik ferwize nei Salomo. Lykwols wie de iere Tsjerke him der yn beskate mjitte al bewust fan Salomo net wurklik de skriuwer wie, en de moderne bibelwittenskip fersmyt dizze tradisjonele taskriuwing alhielendal. Men leaut dat it boek út 'e twadde of earste iuw f.Kr. stammet (yn 'e ynlieding ta it boek dy't de Nije Fryske Bibeloersetting jout, wurdt it jiertal 50 f.Kr. neamd), en skreaun wie troch in anonime auteur dy't mei sin gebrûk makke fan 'e literêre fiksje dat syn tekst fan 'e hân fan kening Salomo wie.

Men tinkt dat de skriuwer fan 'e Wysheid fan Salomo yn 'e Egyptyske stêd Aleksandrië wenne, yn dy tiid in wrâldstêd mei yn ryk kultureel fermidden, dêr't in protte Joaden taholden. De measten fan harren pasten har oan har om-en-by oan en fergeaten har âlde leauwe. Oan harren is it boek yn it foarste plak rjochte; de skriuwer ropt harren op om yn 'e frjemdte fêst te hâlden oan 'e joadske godstsjinst, wylst er foar him sels en oare oplossings siket foar de swierrichheden dy't it joad-wêzen om utens opsmyt. Sa wiene lok en in lang libben foarsein oan 'e lju dy't trou oan it ferbûn mei God wêze soene; hoe kin it dan dat krekt dý lju yn 'e benearing reitsje, wylst it ôffalligen foar de wyn giet? De Wysheid fan Salomo omskriuwt God as de hear fan 'e natoer, oan wa't alle eleminten hearrich binne. It oantaasten fan 'e hearlikheid fan God troch jin oer te jaan oan 'e tsjinst fan frjemde goaden sjocht de skriuwer as it begjin fan alle ferdjer, wylst al it goede foar him úteinset mei it kennen fan 'e wiere God.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting, dy't yn 1978 mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel útjûn waard, is de Wysheid fan Salomo yndield ûnder de apokrife of deuterokanonike boeken, oan 'e ein fan it Alde Testamint. Dy oersetting fan 'e Wysheid fan Salomo waard makke troch pater dr. S. Galama ofm, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering
Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy