Springe nei ynhâld

Gûne

Ut Wikipedy
Lübeckske gûne 1341, goud.

De gûne is in munt basearre op de gûne (gouden) floryn.

Florâns begûn yn 1252 mei it slaan fan gouden munten, dy't nei de stêd florintyn of floryn neamd waarden. Troch de macht fan de stêd waard de gûne floryn om 1300 hinne oer gâns Jeropa brûkt. Doe't yn de rin fan de 14e iuw ek oare steaten begûnen mei it slaan fan dy munten waard der faak sprutsen fan gûne, om't it plak dêr't de munt weikaam net wichtich wie. Al bleau algemien fl de skreaune oantsjutting en dêrmei bleau op papier de namme floryn in synonym foar gûne. Yn de 16e iuw waard troch Karel V besletten ek in sulveren "gûne", mei deselde waarde te slaan. Koarte tiid letter ferlear de munt lykwols syn grutte ynfloed troch de populêrens fan de daalder.

Nederlânske gûne 1897, Wilhelmina. Sulver.

De gûne hat yn alle gefallen sûnt de ein fan de 17e iuw yn gebrûk west yn Nederlân. Yn dizze foarm hat de munt bestean oant yn de 20e iuw. Mei it loslitten fan de gouden standert ûntstienen ferskate munten dy't elts gûne hieten, en ta ûnderskie mei it lân oantsjut wurde. Fierders hawwe parten fan it eardere Hillige Roomske Ryk nei 1700 in eigen gûne ynfierd. Dizze munten bestean lykwols net mear.

Keninkryk fan de Nederlannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hillige Roomske Ryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy