Springe nei ynhâld

Gepiden

Ut Wikipedy
539-551
It keninkryk fan de Gepiden yn 't brún, 476

De Gepiden (ek wol yn 't latyn: Gepidae) wienen in East-Germaansk folk, nau besibbe oan de Goaten, dêr't sy tegearre mei yn de 3e iuw it Romeinske Daasje oanfoelen.

De namme 'Gepiden' komt nei alle gedachten fan 'Gepanta'; in Goatysk wurd foar 'loai' of 'stadich'. It liket derop dat de Goaten net in al te hege dunk fan de alertheid fan de Gepiden hiene. De twa stammen wienen gauris mei inoar yn oarloch. Oarspronklik wennen de Gepiden yn Skandinaavje; letter fêstigje sy harren oan de Weichsel en om 350 hinne lutsen sy nei it suden en besetten in part fan de Hongaarske leechflakte.

Yn 376 waarden de Gepiden lykas in soad oare Germaanske folken troch de Hunnen oermastere. Hja moasten helptroepen leverje oan it leger fan de Hunnen en wienen in wurdearre ûnderdiel dêrfan. By de slach op de Katalaunyske fjilden (by Troyes yn Frankryk) yn 451 foarmen sy de rjochterfleugel fan it grutte Hunnenleger fan Attila en stienen ûnder lieding fan harren kening Ardarik.

De polityk fan de Gepiden jout in goed foarbyld fan de machtsferhâldings út dy tiid. Nei de delgong fan Attila op de Katelaunyske fjilden waarden de Gepiden in wichtige partij yn it ferdriuwen fan de Hunnen. Tegearre mei Ostrogoaten fersloegen sy ûnder lieding fan harren kening Ardarik de Hunnen yn 454 oan de rivier de Nadao, earne yn Pannoanje. As tank waarden sy opnommen yn it Romeinske Ryk mar lykwols soenen sy troch Diderik de Grutte wer ferdreaun wurde út harren wengebiet (504).

Noch gjin tsiental jierren letter waarden de Gepiden sawat alhiel útrûge troch oanfallen fan de side fan it Byzantinen en Avaren en yn 565 wie sprake dat de Gepiden as folk ferneatige wienen troch Langobarden. Op dat stuit wie Kunimond kening fan de Gepiden.

Yn 600 makke in Byzantynske generaal noch melding fan inkele lytse delsettings bewenne troch Gepiden en yn 626 hawwe Gepiden noch meidien oan de oanfal fan de Avaren op Konstantinopel.

Hartoggen en keningen fan de Gepiden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy