Springe nei ynhâld

Rudyard Kipling

Ut Wikipedy
Rudyard Kipling
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Joseph Rudyard Kipling
nasjonaliteit Britsk
berne 30 desimber 1865
berteplak Bombay (Britsk-Ynje)
stoarn 18 jannewaris 1936
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
Skotsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre lit. romans & koarte ferh., SF,
berneboeken, poëzij, hymnen,
reisferh., non-fiksje, autobiografy
perioade Belle Époque, Ynterbellum
bekendste
  wurk(en)
The Man Who Would Be King
Mandalay
Gunga Din
The Jungle Book
The "Mary Gloster"
If...
The White Man's Burden
prizen Nobelpriis 1907
jierren aktyf 18811936
offisjele webside
www.kiplingsociety.co.uk

Rudyard Kipling (folút: Joseph Rudyard Kipling; Bombay, 30 desimber 1865Londen, 18 jannewaris 1936) wie in Britsk skriuwer, dichter en sjoernalist, dy't fral bekend wurden is troch syn proaza en poëzij oer Britsk-Ynje, it lân dêr't er berne waard. In grut diel fan syn oeuvre giet oer Britske soldaten en oare kolonialen yn Ynje; dêrûnder binne wiidferneamde titels lykas it koarte ferhaal The Man Who Would Be King en de gedichten Mandalay en Gunga Din. Like ferneamd, of miskien noch wol ferneamder, binne syn berneboeken, dy't krektlyk yn Ynje spylje, lykas ferhalebondel The Jungle Book, dêr't de (letter troch de Disney-studio's ferfilme) ferhalen oer de minsklike welp Mowgli en it ferhaal Rikki-Tikki-Tavi, oer in heldhaftige mangoeste, ta hearre. Teffens skreau er in soad oer de njoggentjinde-iuwske Britske keapfardij, lykas it masterlike gedicht The "Mary Gloster". Syn If... waard yn 1995 troch de Britten útkeazen as harren favorite gedicht.

Kipling wie oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw en it begjin fan 'e tweintichste iuw ien fan 'e populêrste Britske auteurs. Yn 1907 wûn er as jongste skriuwer ea de Nobelpriis foar de Literatuer. Him waard ferskate kearen in ridderstitel (dy't it predikaat sir foar syn namme pleatst hawwe soe) oanbean, mar dat sloech er ôf. Hy wie in eksponint fan it Britske ymperialisme, sa't û.m. bliek út syn beruchte gedicht The White Man's Burden. As konservatyf dy't de konfrontaasje net út 'e wei gie, wied er by syn libben al net ûnomstriden, en meitiid binne syn politike tinkbylden eins allinnich mar kontroversjeler wurden, mar freon en fijân moatte tajaan dat er in literêr sjeny wie.

Rudyard Kipling waard berne op 30 desimber 1865 yn 'e stêd Bombay, yn wat doe de Britske kroankoloanje Ynje wie. Syn heit, Lockwood Kipling, in byldhouwer en pottebakker, wie dêr rektor en heechlearaar oan 'e koart tefoaren oprjochte Sir Jamsetjee Jeejebhoy School of Art. Syn mem wie Alice MacDonald, in tige libbene frou, oer wa't in lettere Britske ûnderkening fan Ynje ris sizze soe: "Saaiheid en frou Kipling kinne net tegearre yn ien keamer ferkeare." Hja wie ien fan in kwartet Skotske susters dy't allegear mei foaroansteande hearen út 'e Britske keunstwrâld of polityk trouden (Stanley Baldwin, dy't yn 'e tweintiger en tritiger jierren trije kear foar de Konservative Partij minister-presidint fan Grut-Brittanje wie, wie bgl. in folle neef fan Rudyard Kipling).

Malabar Hill of Malabar Point, yn Bombay (1865).

Hoewol't de Kiplings noch gjin jier yn Ynje west hiene doe't de lytse Rudyard te wrâld kaam, beskôgen hja harsels as Anglo-Ynjers, wat yn 'e njoggentjinde iuw brûkt waard as oantsjutting foar lju fan Britsk komôf dy't itsij yn Ynje wennen, itsij der wenne hiene, mar noch altyd in bân mei it subkontinint fielden. Kipling soe himsels ek syn hiele libben lang beskôgje as in Anglo-Ynjer, al libbe er it grutste part fan 'e tiid earne oars. Yn it autobiografyske Something of Myself, út 1935, skreau Kipling oer syn iere bernetiid: "Yn 'e hjittens fan 'e middei joegen wy ús del. Sy [de Portegeeske ayah of bernefaam] of Meeta [de hindoeïstyske bearer of manlike oppasser] fertelden ús dan ferhalen en Yndyske bernerymkes dêr't gjinien fan fergetten is, en nei't wy oanklaaid wiene, waarden we de ytkeamer yn stjoerd, mei de warskôging: 'En no Ingelsk prate tsjin heit en mem.' Dat men spriek 'Ingelsk', stûkjendewei oerset út 'e lânseigen taal dêr't wy yn tochten en dreamden."

Mar Kipling syn tiid yn Ynje einige doe't er fiif jier wie. Hy en syn trijejierrige suske Alice ("Trix") waarden doe oersee nei Ingelân ta stjoerd om dêr, sa't doedestiden wenst wie foar Britske gesinnen wêrfan't de âldelju yn Ynje tsjinnen, yn 'e kost te gean by in troud pear dat him op it grutbringen fan sokke bern talei. Kipling en Trix kamen yn it Súdingelske Portsmouth telâne, dêr't se de folgjende seis jier trochbrochten by Pryse Agar Holloway, in âld-kaptein fan 'e Britske keapfardij, en dy syn frou Sarah yn 'e hûs. Yn syn autobiografy, dy't er hast 65 jier letter skreau, hellet Kipling mei ôfgriis oantinkens op oan 'e kombinaasje fan wredens en ferwaarleazging dy't er yn dy jierren fan benammen frou Holloway ûnderfûn. Trix hie it wat better, mei't frou Holloway blykber hope dat it famke úteinlik mei har eigen soan trouwe soe. Lokkigernôch koene de Kipling-bern altemets harren famylje yn Ingelân besykje. Sa brochten se elts jier om 'e kryst hinne in moanne yn Londen troch by harren muoike Georgiana MacDonald, dy't troud wie mei de keunstskilder Edward Burne-Jones. Harren hûs, yn 'e wyk Fulham, omskreau Kipling as "in paradys dat my, sa leau ik wierlik, rêden hat." Yn 1877, doe't Kipling alve jier wie, kaam syn mem Alice werom út Ynje foar in besyk. Doe pas kaam de mishanneling oan it ljocht, mei't de bern út eangst foar repressaillemaatregels fan frou Holloway der earder nea in stom wurd oer seine hiene.

Yn jannewaris 1878 waard Kipling talitten ta it United Services College, yn Westward Ho!, oan 'e noardkust fan Devon, in kostskoalle dy't in pear jier foartiid oprjochte wie om jonges ta te rieden op in karriêre yn 'e Britske striidkrêften. Kipling hie it dêr yn 't earstoan dreech, mar makke der letter goede freonen. Dizze skoalle soe letter it dekôr foarmje foar syn ferhalesearje oer in espel skoaljonges, Stalky & Co., út 1899. Doe't er nei fjouwer jier, yn 1882, syn oplieding yn Westward Ho! ôfrûne, besleat men dat er net genôch akademysk potinsjeel hie om in stúdzjebeurs foar de Universiteit fan Oxford te bemachtigjen, en om't syn âldelju gjin jild hiene om in stúdzje mei te bekostjen, regele syn heit, dy't ûndewilens opklommen wie ta kurator fan it Museum fan Lahore, in baantsje foar him by in pleatslike krante, de Civil & Military Gazette.

Op 18 oktober 1882 kaam Rudyard Kipling wer yn Ynje oan: "Dat, op 'e âldens fan sechstjin jier en njoggen moanne, mar derútsjend as wie ik fjouwer of fiif jier âlder, en opkreaze mei echte bakkeburden, dy't ús skandalisearre mem ôfskafte binnen it oere nei't se se foar it earst yn it each krigen hie, befûn ik my yn Bombay dêr't ik berne wie, my fuortbewegend mank gesichten en geuren dy't makken dat ik yn 'e lânseigen taal sinnen útbrocht dêr't ik de betsjutting net [mear] fan wist." Ek skreau er: "Der wiene noch trije of fjouwer dagen mei ít spoar nei Lahore, dêr't myn folk wenne. Dêrnei foelen myn Ingelske jierren fan my ôf, noch, leau ik, kamen se ea op folle sterkte werom."

By de Civil & Military Gazette yn Lahore, dat hjoed de dei yn Pakistan leit, wie Kipling persiis teplak, en al moast er hurd wurkje, dochs fûn er noch de tiid om ferhalen te skriuwen en te dichtsjen. Yn 1886 publisearre er syn earste dichtbondel, Departmental Ditties. Datselde jiers krige er fan in nije haadredakteur, Kay Robinson, de romte om yn 'e Civil & Military Gazette te publisearjen. In âld-kollega sei letter oer him (yn in artikel yn 'e krante Chums, út augustus 1897) dat er noch nea ien sa mei inket omgean sjoen hie — hy ferlustige him der gewoan oan, folle op in boasaardige manear syn pin, en smiet it dan om him hinne oant it hiele kantoar derûnder siet, sadat it suver gefaarlik wie om him benei te kommen." De skriuwer fan it artikel ferfettet dan: "Yn it hjitte waar, as er inkeld in wite broek en in tin oerhimd oan hie, skynt er mear op in Dalmasiër as op in minske like te hawwen, mei't er dan fan alle kanten bûnt bespat wie mei inket."

De omslach fan 'e ferhalebondel Soldiers Three, út 1888.

Yn 1883 besocht Kipling foar it earst it oan 'e foet fan 'e Himalaya leine Shimla, dat doe de simmerhaadstêd fan Britsk-Ynje wie, dêr't it koloniale regear him seis moannen fan it jier weromloek as de hjittens yn New Delhi te bot waard. Fan 1885 oant 1888 teach er dêr elts jier in moanne hinne om by syn famylje te wêzen. Shimla spilet yn syn ferhalen in grutte rol. Fan dy ferhalen ferskynden der tusken novimber 1886 en juny 1887 39 yn 'e Gazette. Letter brocht er de measten derfan út yn 'e samling Plain Tales from the Hills, syn earste proaza-útjefte, út 1888. Yn novimber 1887 waard er oerpleatst nei The Pioneer, de folle gruttere susterkrante fan 'e Gazette, yn Allahabad, yn wat no sintraal Yndia is. Underwilens skreau Kipling as in wyldeman fierder. Yn 1888 publisearre er noch seis oare ferhalebondels: Soldiers Three, The Story of the Gadsbys, In Black and White, Under the Deodars, The Phantom 'Rickshaw and Eerie Other Tales en Wee Willie Winkie and Other Child Stories, mei in totaal fan 41 ferhalen. Ta The Phantom 'Rickshaw and Other Eerie Tales hearde ek The Man Who Would Be King, dat yn 1975 ferfilme waard ûnder deselde titel mei yn 'e haadrollen Sean Connery en Michael Caine. Dêropta skreau Kipling yn syn hoedanichheid fan 'e korrespondint fan The Pioneer yn 'e regio Radjpûtana noch withoefolle reisympresjes en oare kollems, dy't letter útjûn waarden yn From Sea to Sea and Other Sketches: Letters of Travel.

Yn 1885 waard Kipling, hoewol't er de wenstige minimumâldens fan 21 jier noch net berikt hie, opnommen yn 'e frijmitselderslôzje te Lahore. Nei't it skynt wie ien ding dat him dêrta oanloek dat dêr tusken de leden gjin ûnderskie makke waard op grûn fan ras of religy. Yn 'e krante The Times skreau er letter: "Ik waard opjûn [as learling] troch [...] in hindoe, talitten [ta de graad fan feint] troch in mohammedaan en ferheft [ta de graad fan master] troch in Ingelsman. Us doarwarder wie in Yndyske joad." Kipling bleau syn libben lang frijmitselder en behelle net inkeld de trije reguliere graden (learling, feint, master), mar ek de titels "mastermitselder" en "seeman fan 'e keninklike ark".

Yn it begjin fan 1889 waard Kipling, nei't er spul krigen hie mei de redaksje, ûntslein troch The Pioneer. Hy brûkte syn ûntslachfergoeding en alles wat er fierders oan jild meitsje koe om by Berltsum om werom te reizgjen nei Londen. Op syn reis died er û.m. Rangoon, Singapoer, Hongkong, Japan, San Fransisco, Seattle, Vancouver, it Nasjonaal Park Yellowstone, Salt Lake City, Chicago, de Niagarawetterfal, Toronto, Washington, D.C., New York, Boston en Liverpool oan. Yn 'e Amerikaanske steat New York mette er Mark Twain, fan wa't er djip ûnder de yndruk wie. Yn oktober 1889 kaam er yn Londen oan.

Karriêre as skriuwer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Londen publisearre Kipling ferhalen yn ferskate tydskriften. Yn 'e twa jierren nei syn oankomst skreau er The Light that Failed (1891), syn earste roman, en krige er in senuwynsinking. Teffens mette er de Amerikaanske skriuwer en útjouwer Wolcott Balestier, mei wa't er gearwurke oan 'e roman The Naulahka (in titel dy't ûntliend wie oan it Naulakha-paviljoen yn Lahore, in foarbyld fan Mogol-arsjitektuer, mar dy't er frjemd genôch misstavere troch de 'h' en de 'k' om te draaien, wat oars net des Kiplings wie). Fierders kaam er ek yn 'e kunde mei Wolcott syn suster Caroline "Carrie" Starr Balestier (1862-1939), mei wa't er in flikkerljochtromânse begûn. Yn 1891 sette er op doktersadvys ôf op in nije reis, dy't him fia Súd-Afrika, Austraalje en Nij-Seelân wer yn Britsk-Ynje brocht. Hy wie fan doel en bring dêr de kryst mei syn folk troch, mar smiet syn plannen om doe't er berjocht krige dat Wolcott Balestier stoarn wie oan tyfus. Hy kearde halje-trawalje werom nei Londen nei't er fia tillegram Carrie in houliksoansyk dien hie en tawurd krigen hie. Op 18 jannewaris 1892 fûn yn Londen de brulloft plak.

De Kiplings setten har nei wenjen yn 'e Feriene Steaten, op in boerespultsje yn 'e neite fan it plak Brattleboro, yn 'e steat Fermont, dêr't Carrie har folk wei kaam. Op 29 desimber 1892 kaam dêr harren earste bern, Josephine, te wrâld ("Mei't har memme jierdei de 31ste en mines de 30ste fan deselde moanne wie, felisitearren we har mei har gefoel foar gaadlikens [...]"). Mei de komst fan Josephine begûn it boerespultsje te lyts te wurden, dat de Kiplings kochten fan Carrie har broer Beatty Balestier in stik lân op in heuvelkant boppe de rivier de Konnetikut, en bouden dêr, oan wat no Kipling Road hjit, yn Drummerston, 5 km benoarden Brattleboro, in eigen hûs, dat der noch altiten stiet, en dat Kipling ta eare fan Wolcott Balestier en harren gearwurking "Naulakha" neamde.

De omslach fan The Jungle Book.

Syn nije heit-wêzen ynspirearre Kipling ta it skriuwen fan twa samlings fan teltsjes foar bern, The Jungle Book (1894) en The Second Jungle Book (1895). De ferhalen dy't dêryn steane, binne tiidleaze masterwurken. Dy oer de aventoeren fan 'e minsklike welp Mowgli binne it bekendst wurden (en binne ek rûnom ferneamd bûten de Angelsaksyske wrâld), fanwegen de animaasjeferfilming troch de Disney-studio's yn 'e foarm fan The Jungle Book, út 1967. Mar yn 'e Ingelsktalige lannen kin frijwol elts bern ek it ferhaal Rikki-Tikki-Tavi, oer in heldhaftige mangoeste, dy't yn 'e bungalow fan in Anglo-Yndysk gesin in grutte oarloch útfjochtet mei in pear gemiene kobra's.

Yn in snuorje fan fjouwer jier skreau Kipling yn "Naulakha" njonken de beide Jungle Books in samling koarte ferhalen (The Day's Work), in roman (Captains Courageous), en in oerfloed oan poëzij, mei dêrûnder de bondel The Seven Seas, wêrfan't de ynhâld fierhinne de Britske keapfardij ta ûnderwerp hie, lykas it alom priizge gedicht The "Mary Gloster". Yn dyselde perioade ferskynde ek de bondel Barrack-Room Ballads, mei gedichten dy't grutdiels al yn 1890 yn ûnderskate tydskriften publisearre wiene, lykas it ferneamde Mandalay en Gunga Din (te uzes benammentlik bekend fan 'e swart-wytferfilming út 1939 oer de heldhaftige Yndyske wetterdrager Gunga Din, dy't Britske troepen it libben rêdt yn harren striid tsjin 'e thuggee-sekte, mar dêrby sels omkomt). Kipling syn skriuwen waarden fan en ta ûnderbrutsen troch de fanmail dy't er begûn te ûntfangen, foar in grut part ôfkomstich fan entûsjaste jeugdige lêzers, en troch gasten, lykas syn heit, dy't yn 1893 delkaam, nei't er mei pinsjoen gien wie, en kollega-skriuwer Arthur Conan Doyle, dy't Kipling yn 'e kunde brocht mei de golfsport.

Yn febrewaris 1896 waard Elsie, Kipling syn twadde dochter, berne. Neffens ferskate biografen wie syn relaasje mei Carrie tsjin dy tiid al ferskood fan leafdefol yn 'e rjochting fan in ferstânshoulik. Likegoed soene hy en syn frou inoar altyd trou bliuwe. Hoewol't de Kiplings it libben yn Fermont prachtich fûnen, waarden se der úteinlik ferballe troch in anty-Britske stimming dy't oer de Feriene Steaten kaam nei't dat lân him ûnsúksesfol besocht hie te bemuoien mei in diplomatyk konfikt tusken Grut-Brittanje en Fenezuëla oer de koloanje Britsk-Guyana, en troch in út 'e klauwen rinnende famyljerûzje mei Kipling syn sweager Beatty Balestier.

Yn maaie 1896 ferfear it gesin nei Grut-Brittanje, dêr't se har yn 't earstoan nei wenjen setten yn Torquay, yn it Súdingelske greefskip Devon, yn in hûs op in heuvel dy't útsicht bea oer it Kanaal. Hoewol't Kipling syn nije wente in nearzige, deprimearjende bedoening fûn, slagge it him om skriuwende te bliuwen. Hy wie tsjin dy tiid in ferneamd auteur en dichter en wie sûnt in jier as trije almar mear sosjaal-politike tinkbylden yn syn wurk begûn te yntegrearjen, wêrmei't er him ôfsette tsjin it estetisisme, in doedestiden tige ynfloedrike streaming dy't krekt hawwe woe dat de literatuer en de skiene keunsten frij bliuwe moasten fan soksoarte dingen. Om 'e tiid fan 'e berte fan syn soan John hinne, yn augustus 1897, wie Kipling úteinset mei it skriuwen fan it gedicht The White Man's Burden (dat ree kaam yn 1899). Dêryn hold er út dat it de plicht fan 'e blanke wie om him middenmank de oare rassen fan 'e wrâld te bejaan om dêr de foarrjochten fan 'e beskaving út te dragen. Wylst it gedachteguod dat efter dit gedicht beskûl giet hjoed de dei frijwol algemien ferfijd wurdt, rôp it ek doe al ferheftige reäksjes op. Guon seagen it as in hymne foar in ferljochte foarm fan útwreiding fan it Britske Ryk, oaren beskôgen it as propaganda foar ûnbeskamme ymperialisme en kolonialisme en de dêrmei mank geande rasistyske opfettings, en wer oaren mienden dat it iroanysk bedoeld wie en warskôge foar de gefaren fan it regearjen fan in koloniaal ryk.

út The White Man's Burden (1899) in (wat frije) Fryske oersetting

Take up the White Man's burden—
Send forth the best ye breed—
Go, bind your sons to exile
To serve your captives' need;
To wait, in heavy harness,
On fluttered folk and wild—
Your new-caught sullen peoples,
Half devil and half child.

Nim op de lêst fan 'e blanke—
Stjoer út jins neiteams bêsten—
Kom, twing jins soannen ta ballingskip
Ta jins finzenen' behoef;
Om te tsjinjen, mei in swier jok op 'e skouders,
Balstjurrige lju en wyld—
Jins nij-fongen wjerstribbige folken,
Heal duvel en heal bern.

Fan 1898 oant 1908 hiene de Kiplings it foar de moade en reizgje elts jier nei Súd-Afrika ta, dêr't se harren winterfakânsje trochbrochten yn Groote Schuur, dat no in ûnderdiel fan Kaapstêd is, yn in wente op it bûten fan 'e beruchte koloniale politikus Cecil Rhodes (nei wa't de Britske koloanje Rodeezje neamd wie). Kipling wie dêre bern oan hûs by hast alle wichtige Britske politisy yn 'e Kaapkoloanje. Under de Twadde Boere-oarloch (1899-1902), wêrby't de Britten Transfaal en de Oranje Frijsteat (de beide ûnôfhinklike republykjes dy't yn Súd-Afrika stifte wiene troch de ôfstammelingen fan Nederlânske kolonisten) ûnder de foet rûnen, sette er him sadwaande dan ek yn om mei syn poëzij te besykjen om dizze kolonialistyske oarloch te rjochtfeardigjen. Yn 1900 wied er sels in blaumoandei korrespondint foar The Friend, in krante dy't yn 'e Frijsteatske haadstêd Blomfontein útjûn waard ûnder it gesach fan it Britske leger.

Yn 1897 ferhuzen de Kiplings fan Torquay nei it greefskip East-Susseks, dêr't se op trije ferskillende plakken efterinoar wennen. Yn 1902 kocht Kipling Bateman's, in lânhûs yn Burwash, dat boud wie yn 1634. Dêr soed er oan syn dea ta wenjen bliuwe. Datselde jiers publisearre er op 'e nij in bondel berneferhalen, Just So Stories for Little Children, wylst in jier earder, yn 1901, syn roman Kim útkommen wie. Teffens skreau er twa science fiction-ferhalen, With the Night Mail (1905) en As Easy As A. B. C. (1912), dy't spylje yn 'e ienentweintichste iuw en lêze as moderne hard science fiction. Fierdersoan publisearre er twa mei-inoar ferbûne ferhalebondels, Puck of Pook's Hill (1906) en Rewards and Fairies (1910). Dy lêste samling befette it gedicht If..., wêryn't in heit foar syn soan alle eigenskippen beskriuwt dy't men hawwe moat om in goed man te wêzen. Yn in opinypeiling fan 'e BBC, út 1995, waard dat troch de Britten útkeazen ta harren favorite gedicht. Yn it earste desennium fan 'e tweintichste iuw wie Kipling op it toppunt fan syn karriêre en syn rom. Yn 1907 waard oan him as jongste skriuwer ea en as earste Ingelsktalige auteur de Nobelpriis foar de Literatuer takend.

Rudyard Kipling yn syn Amerikaanske tiid.

Yn dyselde snuorje wurp Kipling him op as in fûleindich tsjinstanner fan Iersk selsbestjoer en in aartsfijân fan it bolsjewisme. Oan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch skreau er, krekt as in protte oare Britske auteurs, pamfletten wêryn't er entûsjast de Britske oarlochsdoelen stipe. Hy hie neat as minachting foar pasifisten en prinsipiële tsjinstwegerders, en fitere syn soan John oan om tsjinst te nimmen. Doe't de jonge fanwegen syn minne eagen kear op kear ôfwiisd waard, regele Kipling fia in maat fan him, Lord Roberts, de befelfierend ofsier fan 'e Ierske Garde, in plakje foar John yn dat rezjimint. Yn septimber 1915 sneuvele John Kipling yn 'e Slach by Loos, yn Frânsk-Flaanderen. It lêste dat der fan him fernommen waard, wie dat er blyn en it útskreauwend fan pine troch de drek stommele nei't in ûntploffende granaat him it gesicht fan 'e holle skuord hie. Syn lichem waard pas yn 1992 identifisearre (al is dy identifikaasje letter oanfochten). Nei de dea fan syn soan skreau Kipling: "If any question why we died / Tell them, because our fathers lied" ("As immen freget wêrom't wy stoaren / Sis dan: ús heiten liigden ús tefoaren"), wat wol útlein is as in utering fan skuldgefoel foar Kipling syn rol by John syn dea.

In útfloeisel fan 'e dea fan syn soan wie ek dat Kipling behelle rekke yn 'e Ryksoarlochsgrêvekommisje, dy't ferantwurding droech foar de oanlis en it ûnderhâld fan 'e Britske oarlochsgrêven oan it Westfront. Teffens tekene er in twadielige skiednis op fan 'e Ierske Garde, it rezjimint fan syn soan, dy't útkaam yn 1923 en noch altiten beskôge wurdt as ien fan 'e bêste rezjimintale skiednissen dy't ea skreaun is. Kipling rekke fierders ek befreone mei de Frânske soldaat Maurice Hammoneau, waans libben oft rêden wie doe't in Dútske kûgel stykjen bleaun wie yn syn eksimplaar fan Kipling syn roman Kim, dy't er yn syn binnenbûse hie. Hammoneau stjoerde it boek mei de kûgel der noch yn en syn Croix de Guerre-ûnderskieding út tank op nei Kipling. Doe't er lykwols jierren letter heit waard, stie Kipling derop om beide werom te jaan.

Ut deselde tiid stammet ek Kipling syn bân mei de ynternasjonale paadfinerij, dy't ûnder de Earste Wrâldoarloch op poaten set waard troch in freon fan him, Lord Baden-Powell. De beweging brûkt in protte ideeën en nammen út Kipling syn Jungle Books-ferhalen en út syn roman Kim, lykas de beneaming "welpen", foar de bern, en de oantsjutting "akela", foar in folwoeksen froulike liedster (ekwifalint foar de manlike "hopman"). Dy namme is streekrjocht oernommen út 'e ferhalen oer Mowgli, wêryn't Akela de namme fan 'e liedster fan 'e Seeonee-wolveridel is.

Doe't yn 'e tweintiger jierren de auto almar populêrder waard, ûntpopte Kipling him datoangeande ta korrespondint foar de Britske parse, en skreau entûsjast oer syn motorisearre reizen troch Ingelân en it bûtenlân, al liet er him yn 'e regel ride troch in sjauffeur. Fan 1922 oant 1925 wied er fierders rektor fan 'e Skotske Universiteit fan St. Andrews.

Oant de iere tritiger jierren gie Kipling troch mei te skriuwen, mar stadiger as tefoaren en boppedat mei folle minder súkses. Koart foar syn dea skreau er noch de autobiografy Something of Myself, dy't postúm útjûn waard yn 1937. Om dyselde tiid hinne lies er yn in tydskrift dat de grutte skriuwer Rudyard Kipling ferstoarn wie. Hy stjoerde der in brief hinne wêryn't er skreau: "Ik haw krekt lêzen dat ik dea bin. Ferjit net om myn abonnemint op jo tydskrift stop te setten." Kipling stoar op 18 jannewaris 1936, doe't er santich jier wie, oan in iepenbrutsen maachswolm. Hy waard kremearre en syn jiske waard begroeven yn 'e Dichtershoeke yn 'e Londenske Westminster Abbey, njonken de grêven fan Charles Dickens en Thomas Hardy.

Postume reputaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rudyard Kipling hat in grutte ynfloed op oare skriuwers hân. Hoewol't syn politike tinkbylden nea ûnomstriden wurden binne (yn guon opsichten binne se tsjintwurdich mear omstriden as ea tefoaren), is it oergrutte diel fan syn oeuvre fan in tiidleas aard, en freon en fijân binne it deroer iens dat syn skriuwstyl ûnoertroffen is. Wat de beskuldigings fan rasisme yn in part fan syn wurk oangiet, moat men net ferjitte dat Kipling yn in hiele oare tiid libbe. Tinkbylden en formulearrings dy't doe algemien oanfurde of miskien sels wol as ferljochte beskôge waarden, soene tsjintwurdich net mear troch de bûgel kinne. De dichter T.S. Eliot, dy't yn 1941 de dichtbondel A Choice of Kipling's Verse gearstalde, skreau yn syn ynlieding: "Ik kin gjin inkele rjochtfeardiging ûntdekke foar de oanklacht dat er in lear fan rasiale superioriteit oanhong."

Yn it hjoeddeiske Yndia, it lân dêr't er safolle fan syn materiaal oan ûntliende, bliuwt Kipling in kontroversjeel figuer, benammen yn nasjonalistyske fermiddens en ûnder kritisy fan it koloniale ferline. Oan 'e oare kant is it bekend dat it leaflingsboek fan Jawaharlal Nehru, de earste minister-presidint fan Yndia, Kipling syn roman Kim wie. En de foaroansteande Yndiaaske histoarikus en publisist Khushwant Singh skreau yn 2001 dat er Kipling syn gedicht If... beskôget as de kearn fan it boadskip fan 'e Bhagavad Gītā yn 'e Ingelske taal.

In heakkekrús op in útjefte fan Kipling syn wurk.
Kipling syn hantekening mei in heakkekrús.

In protte fan 'e âldere printingen fan Kipling syn boeken binne opkreaze mei heakkekrusen op 'e omslaggen of de skutblêden. Kipling syn gebrûk fan it heakkekrús giet werom op 'e âlde Yndyske tradysje dy't it as in symboal fan lokkigens en wolwêzen beskôget. Sadree't de Dútske nazys it harren, oan 'e ein fan 'e tweintiger jierren, taeigenen, ferbea Kipling syn útjouwers om it heakkekrús fierders noch te brûken.

Yn 2010 waard der troch de Ynternasjonale Astronomyske Uny in krater op 'e planeet Merkuerius nei Kipling neamd. Yn 2012 waard der, fanwegen syn "entûsjasme foar de natuerwittenskippen" in útstoarne krokkedillesoarte, de Goniopholis kiplingi, nei him ferneamd. Yn maart 2013 waarden mear as fyftich nea earder útjûne gedichten fan him publisearre.

  • The Light that Failed (1891)
  • The Naulahka - A story of West and East (1892; mei Woolcott Balestier)
  • Captains Courageous (1896)
  • Kim (1901)

Ferhalebondels (befetsje ek poëzij)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Plain Tales from the Hills (1888)
  • Soldiers Three (1888)
  • The Story of the Gadsbys (1888)
  • In Black and White (1888)
  • Under the Deodars (1888)
  • The Phantom 'Rickshaw and Other Tales (1888) (allinne de earste edysje ferskynde ûnder de titel The Phantom 'Rickshaw and Other Eerie Tales)
  • Wee Willie Winkie and Other Child Stories (1888)
    • wêrûnder:
      • Baa Baa, Black Sheep
  • Life's Handicap (1891)
  • Many Inventions (1893)
  • The Jungle Book (1894)
    • Mowgli's Brothers (koart ferhaal oer Mowgli)
    • Hunting-Song of the Seeonee Pack (gedicht)
    • Kaa's Hunting (koart ferhaal oer Mowgli)
    • Road-Song of the Bandar-Log (gedicht)
    • Tiger! Tiger! (koart ferhaal oer Mowgli)
    • Mowgli's Song That He Sang at the Council Rock When He Danced on Shere Khan's Hide (gedicht)
    • The White Seal (koart ferhaal)
    • Lukannon (gedicht)
    • Rikki-Tikki-Tavi (koart ferhaal)
    • Darzee's Chant (Sung in Honour of Rikki-Tikki-Tavi) (gedicht)
    • Toomai of the Elephants (koart ferhaal)
    • Shiv and the Grasshopper (The Song That Toomai's Mother Sang to the Baby) (gedicht)
    • Her Majesty's Servants (oarspronklike titel: Servants of the Queen; koart ferhaal)
    • Parade-Song of the Camp Animals (gedicht)
  • The Second Jungle Book (1895)
    • How Fear Came (koart ferhaal oer Mowgli)
    • The Law of the Jungle (gedicht)
    • The Miracle of Purun Bhagat (koart ferhaal)
    • A Song of Kabir (gedicht)
    • Letting In the Jungle (koart ferhaal oer Mowgli)
    • Mowgli's Song Against People (gedicht)
    • The Undertakers (koart ferhaal)
    • A Ripple Song (gedicht)
    • The King's Ankus (koart ferhaal oer Mowgli)
    • The Song of the Little Hunter (gedicht)
    • Quiquern (koart ferhaal)
    • Angutivaun Taina (gedicht)
    • Red Dog (koart ferhaal oer Mowgli)
    • Chil's Song (gedicht)
    • The Spring Running (koart ferhaal oer Mowgli)
    • The Outsong (gedicht)
  • The Day's Work (1898)
  • A Fleet in Being (1898)
  • Stalky & Co. (1899)
  • Just So Stories for Little Children (1902)
    • How the Whale Got His Throat
    • How the Camel Got His Hump
    • How the Rhinoceros Got His Skin
    • How the Leopard Got His Spots
    • The Elephant's Child
    • The Sing-Song of Old Man Kangaroo
    • The Beginning of the Armadillos
    • How the First Letter Was Written
    • How the Alphabet Was Made
    • The Crab That Played With the Sea
    • The Cat That Walked by Himself
    • The Butterfly That Stamped
  • Traffics and Discoveries (1904)
  • Puck of Pook's Hill (1906)
  • The Brushwood Boy (1907)
  • Actions and Reactions (1909)
  • A Song of the English (1909)
  • Rewards and Fairies (1910)
    • wêrûnder:
      • If... (gedicht)
  • A Diversity of Creatures (1917)
  • Land and Sea Tales for Scouts and Guides (1923; foar de paadfinerij)
  • Debits and Credits (1926)
  • Thy Servant a Dog (1930)
  • Limits and Renewals (1932)
  • Tales of India: the Windermere Series (1935)

Selsstannich publisearre koarte ferhalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • The City of Dreadful Night (1885)
  • With the Night Mail (1905; science fiction)
  • As Easy as A.B.C. (1912; science fiction)
  • Schoolboy Lyrics (1881)
  • Echoes (1884; mei syn suske Alice "Trix" Kipling)
  • Departmental Ditties (1886)
  • Barrack-Room Ballads (1892)
    • wêrûnder:
      • Mandalay
      • Gunga Din
  • The Seven Seas (1896)
  • An Almanac of Twelve Sports (1898)
  • The Five Nations (1903)
  • Collected Verse (1907)
  • Songs from Books (1912)
  • The Fringes of the Fleet (1915; gedichten en essays)
  • The Years Between (1919)
  • Rudyard Kipling’s Verse (1940; postume blomlêzing)
  • American Notes (1891)
  • From Sea to Sea and Other Sketches: Letters of Travel (1899)
  • Letters of Travel: 1892-1913 (1920)
  • Souvenirs of France (1933)
  • Brazilian Sketches: 1927 (1940)
  • A Fleet in Being (1898)
  • A History of England (1911; mei Charles Robert Leslie Fletcher)
  • France at War (1915)
  • The New Army in Training (1915)
  • Sea Warfare (1916)
  • The War in the Mountains (1917)
  • The Graves of the Fallen (1919)
  • The Irish Guards in the Great War (1923)
  • A Book of Words (1928)
  • Something of Myself (1937; autobiografy)
  • Rudyard Kipling's Uncollected Speeches: A Second Book of Words (2008)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Biography and criticism en References, op dizze side.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy