Springe nei ynhâld

Trojaanske Oarloch

Ut Wikipedy
Kaart fan Troaje (Troas) en omkriten

De Trojaanske Oarloch is in wichtich foarfal út de Grykske mytology. In grut tal fan de mytologyske ferhalen hawwe op ien of oare wize mei dy oarloch út te stean. It boek fan Homerus de Ilias (Ἴλιον = Troaje) is in epos, dat in episoade út it lêste jier fan de tsien jier duorjende oarloch tsjin Troaje beskriuwt. In gearwurking fan Griken, troch Homerus Agajers neamd, soe ûnder lieding fan kening Agamemnon Troaje beleger hawwe en ynnommen. De Trojanen neamt er Dardanoi (Δάρδανοι).

Neffens de myte ûntstie de oarloch as gefolch fan in twist tusken de goadinnen Hera, Atene en Afrodite, neidat de goadin fan de twist, Eris, harren in gouden appel foarhâlde wa't de skjinste kreaste wie. De oergod Seus stjoerde de froulju nei de Trojaanske keningssoan Paris, dy't oerdielde dat Afrodite de kreaste wie. Yn ruil dêrfoar lit Afrodite de kreaze Helena, de frou fan de Spartaanske kening Menelaos, fereale wurde op Paris. Neidat Paris Helena meinommen hie nei Troaje, loeken alle Griken mei-ïnoar ten stride tsjin Troaje. Nei in striid dy't tsien jierren oanhâlde wurdt de oarloch troch de Trojanen ferlern fan de Griken troch de list mei it hynder fan Troaje. Skattingen oer it tal manlju en skippen dy't oan de oarloch meidien hawwe rinne bot útien. Op grûn fan wat Homerus skriuwt komt de histoarikus Barry Strauss bygelyks ta de oertsjûging dat op syn minst 100.000 manlju oan eltse side meistriden hawwe, en dat der 1186 Grykske skippen by de striid belutsen wiene.[1]

Hoewol't it meastepart fan de âlde Griken de (mytyske) ûntfiering fan Helena as oanlieding beskôge fan de Trojaanske Oarloch (dy't yn de 13e of 12e iuw foar Kristus west hawwe soe), wurdt troch hjoeddeiske histoarisy oannomd dat dy fanwegen ekonomyske belangen hâlden waard.[2] De snuorje tusken 1194 f.Kr. en 1184 f.Kr. jildt op it heden as meast wierskynlike datum foar de Trojaanske Oarloch, omdat archeologyske fynsten útwiisd hawwe dat om dy tiid hinne de kultueren fan Kreta,de Myceenske beskaving op it Grykske fêstelân en Anatoalje einigen. [3]

De Trojaanske Oarloch yn de literatuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Trojaanske Oarloch hat ûnderwurp west fan inkele wurken út de literatuer, dêr't it epos Ilias fan de skriuwer Homerus fierwei hinne de ferneamdste fan is. Ien fan de haadpersoanen út de Ilias Odysseus (of Ulysses) komt ek foar yn in oar epos fan Homerus, de Odyssee.

De oarloch hat ek ûnderwurp west fan oare klassike wurken, dy't allegear fan jongere datum binne as it wurk fan Homerus. In foarbyld dêrfan is Aeneis fan de Romeinske dichter Fergilius.

Bekende masterwurken út de Ingelske literatuer dêr't de Trojaanske Oarloch in rol yn spilet binne Troilus and Criseyde fan Geoffrey Chaucer en Troilus and Cressida fan William Shakespeare.

Sûnt de Renêssânse oant yn de 19e iuw hat de Trojaanske Oarloch in boarne foar ynspiraasje west: yn it Dútsk klassisisme en lang-om-let it klassisisme en it neoklassisisme.

Op film en tillefyzje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Homerus (1976):Homerus, De Wil van Zeus [Ilias], ynlaat en oerset fan dr. Jan van Gelder, 5e druk; Utjouwerij Bert Bakker, Amsterdam. ISBN 90-6019-154-4
  • Finley, M.I. (1991): The world of Odysseus, twadde edysje, Penguin Books, Londen ensf..
  • Homerus (2004): Ilias. De wrok van Achilles, fjirde printinge, ynlaat en oerset yn Nederlânse heksameters dfan H.J. de Roy van Zuydewijn, Utjouwerij De Arbeiderspers, Amsterdam.
  • Hughes, B. (2005): Helen of Troy. Goddess, princess, whore, first American edition, Alfred A. Knopf, New York.
  1. Strauss,Barry: The Trojan War: A New History, Simon & Schuster , 2007, Introduction side 3.
  2. Thucydides is analytysker en hellet lokale kennis fan de Peloponnesjers oan om syn teory bewize te kinnen dat ekonomyske ambysje en ringje fan Agamemnon, de reden wie dat Grykske skippen nei Troaje fearren - en net de leafde foar Helena, mar "neffens my earder frees, dy't dêrby in grutter rol spile as loyaliteit" seit er (I.9-11): Bettany Hughes, Helen of Troy - Godess, Princess, Whore, Jonathan Cape, Londen, 2005, ISBN 0-2240-7177-7 side 277
  3. De datearring fan de Trojaanske Oarloch is in delikate kwestje. Neffens de tradysje fan de antike wrâld leit de datum earne tusken 1334 en 1135 f.Kr., de meast gongbere datum is 'sirka' 1184 f.Kr. Neffens de archeology einiget om dy datum de Minoyske kultuer, lykas dy fan op it Grykske fêstelân en fan Anatoalje. Hjoeddeisk ûndersyk wiist op in tal ferwoastingen yn Troaje: fjildslaggen en yntriges oan it hof yn de earste helte fan de 13 iuw f.Kr., fjoer yn 1200 f.Kr. en mooglik ierdskoddingen om 1180 f.Kr., tebekrin fan de stêd as ekonomysk sintrum de folgjende 100 jier, totale ferlitting tsjin 950 f.Kr. Bettany Hughes, Helen of Troy - Godess, Princess, Whore, Jonathan Cape, Londen, 2005, ISBN 0-2240-7177-7 side 240
pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy