Springe nei ynhâld

Wikipedy:Behearders

Ut Wikipedy

Behearders (Ingelsk: administrators, admins, system operators of sysops) binne meidoggers fan 'e Wikipedy dy't bykommend technysk foech krigen hawwe om beskate aksjes út te fieren yn it foardiel fan 'e Wikipedy. Dêrby giet it benammen om:

  • it wiskjen fan ûnwinske of oerstallich wurden siden (d.w.s. mei de sideskiednis en al),
  • it ûnbeheind omneamen fan siden,
  • it skoatteljen/befeiligjen (d.w.s. blokkearjen fan bewurkings) fan artikels dy't in protte fandalisearre wurde of dêr't bewurkingsoarloggen geande binne, en it wer opheffen fan sokke skoatellings,
  • en it útsluten en wer ynlitten fan meidoggers en IP-adressen fan anonimen dy't har skuldich meitsje oan fandalisme of oare misdragings.

Behearders nimme dy ferantwurdlikheden op har as frijwilligers, nei't se dêrta oansteld binne troch in rjochte-útfurder. Behearders binne gjin wurknimmers fan 'e Wikimedia Foundation en hearre har ek net as sadich te hâlden en dragen. Foar't se as behearder beneamd wurde, moat fan dy beneaming in foaroankundiging publisearre wurde op 'e Oerlisside, sadat alle meidoggers har dêroer útsprekke kinne. As der ûnienichheid oer is, jildt it prinsipe fan 'de measte stimmen telle'.

Behearders hawwe mear ferantwurdlikheden as gewoane meidoggers en hearre dêrom it goede foarbyld te jaan. Fan behearders wurdt ferwachte dat se harsels op 'e hichte hâlde fan wat der op 'e Wikipedy spilet, troch de Oerlisside en Koartlyn feroare yn 'e gaten te hâlden. It leverjen fan in bydrage oan drege diskusjes heart ek ta de ferantwurdlikheid fan behearders.

Om't de Fryske Wikipedy mar in lyts fermidden fan meidoggers hat, drage behearders soarch foar it op juste wize funksjonearjen fan 'e Wikipedy. Dêrta wurdt fan harren ferwachte dat se geregeldwei op 'e Wikipedy oanwêzich binne en harren oanwêzigens dêr sichtber meitsje troch bewurkings te dwaan dy't ferskine op Koartlyn feroare. In oanwêzigens fan ien kear yn 'e wike (bûten de fakânsjes om) wurdt oanret as minimum, al is it mooglik om langer ôfwêzich te wêzen as dêr in jildige reden foar bestiet. It komt de sfear op 'e Wikipedy en de ûnderlinge gearwurking tusken de behearders te'n goede as fan soks even melding makke wurdt oan 'e oare behearders.

As in behearder om hokfoar reden ek net mear oan 'e ferplichtings fan it behearderskip foldwaan wol of kin, wurdt fan him/har ferwachte dat er syn beheardersfoech ynleveret, wat inkeld dien wurde kin fia in oanfraach op dit plak by Meta. Rjochte-útfurders kinne beheardersfoech dat ienris útjûn is, nammentlik net wer ynnimme. Neffens it belied fan Meta ferlieze behearders automatysk harren foech as se mear as twa jier gjin bewurking op 'e Wikipedy útfierd hawwe. It is net de bedoeling dat behearders it dêrop oankomme litte.

List

Op it stuit binne dit de behearders (kontrolearje):

Sjoch ek

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy