Content-Length: 100099 | pFad | https://fy.wikipedia.org/wiki/Gewicht

Gewicht - Wikipedy Springe nei ynhâld

Gewicht

Ut Wikipedy
De fektoriële oantsjutting fan FG op in massaleas en ûnrekber tou, wêroan't in ring mei massa m hinget.

It gewicht fan in foarwerp is de krêft dy't dat foarwerp op syn ûndersteuning of ophinging útoefent.

It gewicht FG fan in foarwerp t.o.f. in koördinatestelsel is de krêft dy 't dat foarwerp op syn ûndersteuning of ophinging útoefenet, as dizze ûndersteuning of ophinging gjin fersnelling hat yn it koördinatestelsel. It gewicht per Massa-ienheid is lyk oan de fersnelling fan frije fal yn it koördinatestelsel, en it tsjinstelde fan de g-krêft dy't útoefene wurde moat op it foarwerp om it stasjonêr te hâlden yn it koördinatestelsel, en dus ek wat in fearskealing dêrby mjit.[1]

Der jildt dus FG = m (g - a) mei m de massa, g de falfersnelling en a de fersnelling fan it koördinatestelsel (beide fektors).

It rêstgewicht is het gewicht t.o.v. een ynertsjaalstelsel: in stelsel dat 'yn rêst' is, of mei in konstante snelheid én op ien rjochte line beweecht (wy sizze dat it foarwerp in E.R.B., in ienpearich, rjochtlinige beweging, in beweging op in rjochte line oan in konstante snelheid, útfiert).

Der jldt no dus FG = m g.

Yn it deistich taalgebrûk wurde de begripen gewicht en massa soms troch elkoar brûkt, mar dat is út it stânpunt fan de wittenskip út ferkeard. Dizze misfetting is goed te begripen as wy witte hoe't de massa bepaald wurdt mei help fan in skealje. De skealje mjit de krêft dy't derop útoefene wurdt, dy't lyk stiet oan de swiertekrêft dy't ynwurket op it foarwerp. Omdat duzze (as it foarwerp yn rêst is of in I.R.B. útfiert) like grut is as it gewicht fan it foarwerp, kin sa de massa gau berekkene wurde troch gebrûk te meitsjen fan de formule FG = m g. De skealje dielt de grutte fan de krêft dy't se mjit (en dy't deseklde is as de grutte fan it gewicht) troch de grutte fan g, dy't yn Nederlân ûngefear lyk stiet oan 9,81 m/s², en dit jout de massa fan it foarwerp dat op deskealjes stiet.

  1. The NIST Guide for the use of the International System of Units, Section 8: Comments on Some Quantities and Their Units








ApplySandwichStrip

pFad - (p)hone/(F)rame/(a)nonymizer/(d)eclutterfier!      Saves Data!


--- a PPN by Garber Painting Akron. With Image Size Reduction included!

Fetched URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Gewicht

Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy