Springe nei ynhâld

Jiskewoansdei

Ut Wikipedy
Jiskewoansdei yn in lutherske tsjerke

Mei de Jiskewoansdei (Latynsk: Feria quarta cinerum (Fjirde dei (= woansdei) fan 'e Jiske) of Dies cinerum (Dei fan de Jiske) begjint yn de Westerske Tsjerke sûnt it pontifikaat fan Gregoarius de Grutte de fjirtich dagen lange festeltiid.

De namme komt fan de tradysje dat de preester de palmtûken, dy't yn katolike hûshâldings op Palmpeaske oan it krusifiks stutsen wurde, op dy woansdei yn in misse ferbaarnd en mei de jiske dêrfan de leauwenden in krús op de foarholle oanbringt. Tagelyk wurde troch de preester dan de wurden "Betink minske, dast stof biste en stoft silst wer wurde" sprutsen.

De festeltiid betinkt de fjirtich dagen dat Jezus neffens Mattéus 4:2 sûnder iten yn de woastyn trochbrocht en moat de leauwenden troch besinning, boete en ynkear op de ferrizenis fan Kristus tariede.

Foar katoliken is de jiskewoansdei krekt lykas goedfreed in ferplichte festeldei. It is dan ferbean om fleis, alkohol of snobberijen yn te nimmen en it hâlden en dragen heart ynbannich te wêzen. Ek yn guon protestantske streamings, lykas de lutherske, presbyteraanske en anglikaanske tsjerken, wurdt jiskewoansdei fierd, wylst yn de kalvinistyske fermiddens der jimmeroan mear omtinken is foar de jiskewoansdei. De Easterske tsjerken kenne gjin jiskewoansdei, om't harren fêsten al op de sneins fan de sânde wike foar Peaske begjint.

De dei falt altiten op in woansdei op of tusken fjouwer febrewaris en 10 maart.

pFad - Phonifier reborn

Pfad - The Proxy pFad of © 2024 Garber Painting. All rights reserved.

Note: This service is not intended for secure transactions such as banking, social media, email, or purchasing. Use at your own risk. We assume no liability whatsoever for broken pages.


Alternative Proxies:

Alternative Proxy

pFad Proxy

pFad v3 Proxy

pFad v4 Proxy